Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: zwanger kist
Sibe Kooistra wenne yn 'e Broek. Hy hie forkearing mei Ruerdtsje fan Simen en Auk. Hy kom dêr us in kear yn 'e iere moarn wei. Doe't er oan doomny Feitsma ta wie, seach er hwat by Auke en Hil fan 't hiem kommen. Hy seach in hiele bigraffenisstoet. Hy wie sa fan 'e wize, dat hy gong nei myn man Hinne Kooistra (dy wie doe noch feint). Hy sei tsjin myn man:...
nl.verhalenbank.27436
Oardel jier en in wike neidat ús Gees geboaren is, soenen wy nei ús wurk ta. Doe't wy fuort gongen, sei ús mem: "Nou is 't myn tiid ek." Deselde deis stoar se. De nachts fan tofoaren hie se in lyts dea popke krigen. Sy woarde mei 't bern bigroeven, togearre yn ien kiste. Der kom in wite pakdoek oerhoeks oer de kiste to lizzen. Sa stie dy op 'e boerewein....
nl.verhalenbank.27419
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Harm en Janke wennen oan 'e Swâdde yn 'e gemeente Kollumerlân. Sy hienen twa jonges. Letter krigen se der ek noch in famke by. Doe't dat famke noch net geboaren wie, doe seach ik al dat se de frou nei 't tsjerkhôf droegen. Ik stie oan 'e kant fan 't paed. Knjillis Veenstra stie der ek al. Knjillis moest alle bigraffenissen sjen. Hy wist it altyd fan...
nl.verhalenbank.27397
Wessel en Jan Opslach (= J. v.d. Heide) wienen us togearre yn 't boskje oan 'e Trije Roede. 't Wie yn 'e nacht. Der lei in stikje bou yn dat boskje. En dêr sieten faek hazzen yn. Dêr wie 't Wessel en Jan om to rêdden. Mar Wessel syn wiif wie oan 't omfallen ta. Mar dêr steurde Wessel him net oan. Sy sieten dêr stil op 'e hazzen to passen. Hwant mei 't...
nl.verhalenbank.21633
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta. It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
nl.verhalenbank.33773
Rinse de Valk syn frou wie yn forwachting, dy forwachte in lytsen. Op in kear gong er it gongkje troch en soe nei de keamer ta. Doe't er yn 'e doar stie, seach er dat guon in kiste swaeiden yn 'e keamer. In deimannich letter stoar syn frou mei de bifalling tagelyk mei it berntsje. Doe seach er dat de buorlju de kiste yn 'e keamer swaeiden. It wie krekt...
nl.verhalenbank.20609
Alde Hindriks Janke fan 'e Harkema koe altyd krekt fortelle hwannear't der ien op 'e buert stoar. Sy plichte it wol gauris tsjin ús mem to sizzen, dan wist dy it ek. Us mem hie fiif kear in bern forlern en dêr hie se it tige mei to dwaen hawn. Doe sei Janke op in kear tsjin mem: "Der komt wer in sterfgefal op 'e buert." "Och heden," sei mem, "as 't wer by...
nl.verhalenbank.28081
Heit hie in broer, dat wie Sytse Koster. Dy wenne yn 'e Hamsterheide, mar hy arbeide yn Eastemar by Wilko Werumeus Buning. Doe seach er op in kear op 'e Boskwei, dêr't er lâns moest in lykstaesje. It wie in kreamfrou dy't der stoarn wie, hwant hja hie in wyt kleed oer de kiste hinne. De lykstaesje gong him foarby. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23665
Op in saterdeijoune kom Douwe by de faem wei. It wie sahwat om ien ûre yn 'e nacht. 't Gebeurde hjir mar in eintsje fan ús ôf, in jier of fiif lyn. Hy moest it hûs fan Anne Hoeksma passeare, dêr't it wiif fan yn forwachting wie. Krekt even fierder by in skerpe bocht woardde er oerside set. Hy tocht: Hwat is dit? Hwant der wie abslút neat to sjen. En syn...
nl.verhalenbank.15883
35