Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
43 datasets found
Dutch Keywords: zwanger geboorte
Sibe Kooistra wenne yn 'e Broek. Hy hie forkearing mei Ruerdtsje fan Simen en Auk. Hy kom dêr us in kear yn 'e iere moarn wei. Doe't er oan doomny Feitsma ta wie, seach er hwat by Auke en Hil fan 't hiem kommen. Hy seach in hiele bigraffenisstoet. Hy wie sa fan 'e wize, dat hy gong nei myn man Hinne Kooistra (dy wie doe noch feint). Hy sei tsjin myn man:...
nl.verhalenbank.27436
De aep yn 'e tonne. Der wienen in faem en in feint, dy gongen togearre nei stêd ta. Dêr fregen se by in herberch, of se dêr de nacht oerbliuwe koenen. De kastlein sei: "Wy sille sjen of wy it foarinoar krije kinne." Hy wiisde harren in sliepkeammerke oan. Der wie ek in aep yn dy herberch. Dy wie lestich, en makke nochal hwat spektakel, dat de kastlein...
nl.verhalenbank.28075
Der wienen in boer en in frou, dy hienen in feint en in faem. De boer en de frou dy soenen op in kear to jounpraten. Doe trof it krekt sa, dat de baerch bigje moest. Dêr moest de feint op passe. Om dêr allinne by to wekjen hie de feint net safolle sin oan. Hy sei tsjin 'e faem: "Wolstû my selskip hâlde as de mot bigje mat? Dan kinst my in bytsje helpe."...
nl.verhalenbank.28458
Oardel jier en in wike neidat ús Gees geboaren is, soenen wy nei ús wurk ta. Doe't wy fuort gongen, sei ús mem: "Nou is 't myn tiid ek." Deselde deis stoar se. De nachts fan tofoaren hie se in lyts dea popke krigen. Sy woarde mei 't bern bigroeven, togearre yn ien kiste. Der kom in wite pakdoek oerhoeks oer de kiste to lizzen. Sa stie dy op 'e boerewein....
nl.verhalenbank.27419
Us mem wie yn forwachting, sy moest in lytsen ha. Wy hienen in lyts dykje achter hûs. Dêr kom alle dagen in houn boven op en dy spûkgûlde mar. "O heden," sei mem, "dit komt net goed. Jij dû dy houn dêr us wei", sei se dan tsjin my. Doe't it bern der kom stoar it fuort dêrnei.
nl.verhalenbank.27418
Geboorte Zwangere vrouw “Als een zwangere vrouw schrikt, krijgt ze een misgeboorte.” “Je mag nooit de kattenbak schoon maken als je zwanger bent.” Als de baby druk is wordt het een meisje, rustig wordt het een jongetje als de baby benenden in de buik ligt wordt het een meisje, boven wordt het een jongetje. Als het meisje schopt, een woelwater is wordt het...
nl.verhalenbank.42900
Harm en Janke wennen oan 'e Swâdde yn 'e gemeente Kollumerlân. Sy hienen twa jonges. Letter krigen se der ek noch in famke by. Doe't dat famke noch net geboaren wie, doe seach ik al dat se de frou nei 't tsjerkhôf droegen. Ik stie oan 'e kant fan 't paed. Knjillis Veenstra stie der ek al. Knjillis moest alle bigraffenissen sjen. Hy wist it altyd fan...
nl.verhalenbank.27397
Ik kom us in kear út tsjerke wei. Ik moest de bosk foarby. Doe hearde ik dat dêr ien kjirme. Ik tocht: O heden, dat is grif in oanranding. Ik gong dêrhinne, dêr't it lûd wei kom en ik hie myn mes al út 'e bûse. Doe kom ik by in bank, dêr siet in âld-minske op. Ik sei: "Goeije dag, mefrou." "Ik bin gjin mefrou," sei se, "ik bin in juffrou." "Sil ik de...
nl.verhalenbank.26936
Wat gebeurte er als een zwangere vrouw ergens van schrikt. Dan krijgt het een mismaakt kind, geloof ik. Er gebeurt iets met dat kind. Dat werd mismaakt, of kleine afwijking. Of het wordt lelijk. (...) Waar komen de kinderen vandaan? Van de ooievaar, van de bloemkool, of van de kinderboom? Mijn moeder had mij twee verhalen verteld. Van de ooievaar en uit...
nl.verhalenbank.42637
Myn suster Roas fortelde ek. Ik moest ris in kear in bern ha. Wy wennen hwat ôfgelegen. As it ûnwaer woarde, soe myn man skoanmem helje (âlde frou Reitsma) en dêrnei nei dokter ta. De moarns kom er by syn mem. "Kom," sei se, "wiest dêr al. Ik tocht al, soed er hast ris komme, hwant ik hie dy fan 'e moarn al twa kear klopjen heard. Dit wie de trêdde kear."...
nl.verhalenbank.28389
Hjir hat in frommes wenne yn 'e Harkema, dat wie Detsje de Haan. Dy kaertspile altyd as se yn forwachting wie. De bern dy't geboaren woarden hienen de printen fan 'e spylkaerten op it boarst en stoaren allegearre. Dat wie de straf foar it kaertspyljen, hwant de duvel sit yn 'e kaerten.
nl.verhalenbank.27253
Myn wiif krige mei 't kacheloansetten alris in kear de flam tsjin 'e holle oan. Dêr bleau in read plak fan oer. Hja wie doe yn forwachting. It famke dat geboaren woarde, hie krekt sa'n read plak op 'e holle. It is der letter ôfgong, krektlyk as by myn wiif.
nl.verhalenbank.28832
Der hat hjir in frommes wenne, dy hiet fan Det. Dat frommes kaertspile altyd, as se in bern forwachte. Doe't se bern krige, sieten de ôfbeeldingen fan de kaerten dy bern op 't boarst.
nl.verhalenbank.26360
As froulju safier binne, matte se net mei in kat boartsje. Hwant dan krije de bern in knûstje.
nl.verhalenbank.26361
Rint in frou dy't yn forwachting is, ûnder in line troch, dan is it bern dat geboaren wurdt, bistringe, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.28833
En dan werd er wel gezegd van, dan [...] werd tegen de kleine kinderen gezegd, als moeder een kindje gekregen had, werd tegen de kleine kinderen gezegd: 'Moeder is ziek.' 'Waarom is m'n moeder ziek?' 'Die is ziek en die is door ooievaar in bain bit.' Dat klopt wel. Die is door de ooievaar in het been gepikt.
nl.verhalenbank.44902
In suster fan Tsjipke siet in kear yn 'e tram. Sy wie yn forwachting. Tsjin har oer siet ien mei in hazzemûle. Dêr moest se hyltyd nei sjen. Doe't har bern geboaren woarde, hie dat in hazzemûle.
nl.verhalenbank.28831
Doar woonde froeger een feintje bij de Skieding, die huisde doar met een meisje. 't Was Gurbe Steensma. Hij woont nu in Drachten in Rustoord. 't Meiske ging noar de koartlegger. Die sei, 't meiske sou overlijden as se een en twintig joar old was. De minsken seiden teugen hoar: Loof doar niet in, moar 't sat heur altijd dwars. Se moest der altijd an...
nl.verhalenbank.26983
In frommes dat yn forwachting is, mat net ûnder 'e line trochrinne, hwant dan krijt it bern stringen om 'e hals en kin it smoare.
nl.verhalenbank.26362
Us mem roan mei de sinteklazekoer, doe't se fan my yn forwachting wie. Fan it hingsel fan 'e swiere koer krige se in read plak op 'e earm. Doe't ik geboaren woarde, krige ik dêr itselde plak. It sit der nòch.
nl.verhalenbank.28830
35