Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
31 datasets found
Dutch Keywords: zondag Place of Narration: Harkema
As de minsken op har stjerbêd klean oan ha, dy't op snein makke binne, kinne se net stjerre. Dat hat heit meimakke.
nl.verhalenbank.29340
Hie ien op syn stjerbêd hwat oan dat men op snein naeid hie dan koe dyselde soms net stjerre. Dan die men der in knipke yn. Dan gong dyselde dea.
nl.verhalenbank.25553
74 jier lyn wennen ús heit en dy yn 'e Kromme elle. Kromelle sizze se nou. 't Wie in kroechje flak by it Bomkleaster. 't Gong dêr altyd och sa raer. Snije en slaen, dat wie oan 'e oarder fan 'e dei. Mar 't fortsjinne der bêst. As it snein wie gong heit moarns nei tsjerke en middeis stie er achter 'e tap. Dat like fansels nergens op. It wie Jan-om, heit...
nl.verhalenbank.32991
Tsjerke Iebeltsje koe knoffelbân bine. Hja die it foar twa of trije sinten. Hie men de pols of it ankel forknoffele, dan die hja dêr trije triedden omhinne. Dan preuvele se hwat en bitaestte de pols of it ankel. Men moest op snein geboaren wêze om it to kinnen.
nl.verhalenbank.23678
Koe der ien net stjerre dan siet it him der faek yn, dat er hwat oan hie, dat op snein naeid wie.
nl.verhalenbank.25786
As minsken forkearde dingen by de ein hawn ha en se lizze op har stjerbêd, dan kinne se net stjerre. Dan matte se dat earst sizze. As der in knoop oan 'e klean naeid is op snein en ien dy't op it stjerbêd leit hat dat klaeijingstik oan, dan kin er net ta stjerren komme. Dan mat dy knoop der earst ôfsnien wurde.
nl.verhalenbank.19530
't Gebeurt wol us dat minsken net stjerre kinne, as se hwat oan ha, dat op snein naeid is. Dan matte se in knip yn it guod dwaen.
nl.verhalenbank.25805
Hjir hat in frou wenne, dy leaude nergens oan. Sy wie sa werelds as it mar koe, om de ivige dingen tocht se net. Dêr spotte se mei. Hja gong op in joun to dânsjen mei nagelnije skuon oan. Doe hat se sa bot dânse dat der is neat mear fan dy skuon oerbleaun. 't Wie op in saterdeinacht. Mar sy is raer thús kom. De kweade hat har topakken hawn. En dat hat sa...
nl.verhalenbank.32983
As ien net stjerre kin komt dat der meast fan dat er hwat oan hat dat op snein naeid is. Sokke klean matte dan losmakke wurde.
nl.verhalenbank.17444
Wy hawwe 't meimakke hjir dat der ien op stjerren lei. Mar dyselde koe net stjerre, it hong der hyltyd mar tsjin oan. Doe frege der ien: "Hat er ek hwat oan, dat op snein naeid is?" Doe die bliken, hy hie in oerbaitsje oan, dêr wienen de knopen fan op snein oanset. "Snij dy der mar ôf", sei dyselde. Sy hienen 't net dien of de man wie rêst.
nl.verhalenbank.34588
Men mat noait neilknippe op snein, woarde der altyd sein, hwant dan mat men yn 't hjirneimels al dy stikjes neil wer opsykje.
nl.verhalenbank.19988
Yn 'e Harkema wie ien dy lei op 't stjerbêd, mar koe noait stjerre. De klean dy't er droech, dêr sieten knopen oan, dy wienen der op snein oan naeid. Dy moesten der earst ôf, doe koed er dea gean.
nl.verhalenbank.25527
Saterdeis kom der altyd in boskje flaeks om de brake hinne, oars braken se sneins troch.
nl.verhalenbank.23437
Dy't op snein de neils knipt mat se letter as er dea is, wer opsykje. Dy't net stjerre kin hat klean oan dy't op snein naeid binne.
nl.verhalenbank.26349
Op snein mochten de froulju net naeije. Dan moesten se letter yn 't hjirneimels alle nuddels wer opsykje, dy't se brûkt hienen. Dy't op stjerren lei en hwat oan hie dêr't se op snein oan naeid hienen, dy koe net stjerre.
nl.verhalenbank.21154
As men op stjerren leit en men hat klean, dy't op snein makke woarn binne, dan kin men net ta stjerren komme. Dan mat men hinne gean en dy klean stikken knippe of de knopen der ôf snije.
nl.verhalenbank.15622
Wy mochten noait op snein de neils ôfknippe. Hwant dan groeiden se net wer, sei mem. Dat wie de straf.
nl.verhalenbank.15623
As der froeger ien wie dy't net stjerre koe, frege ús mem: "Hat er ek hwat oan dat op snein makke is?" As dat sa wie, toarnde se der in knoop ôf, dan wie dyselde samar wei.
nl.verhalenbank.22716
As ien op it stjerbêd leit en hy hat hwat oan, dêr't op in snein oan naeid is, kin er net ta stjerren komme. Dan mat men it himd fan dyselde stikken skuorre.
nl.verhalenbank.12357
As ien op syn deadsbêd net ta stjerren komme koe, woarde der frege: "Soed er ek klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne?" Dan moesten dy útdien wurde.
nl.verhalenbank.16093
35