Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: zingen Place of Narration: Harkema
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. As katten kommen se ek by elkoar to forgaderjen. Dat dienen se altyd op 'e heide. Sy psalmsongen der by.
nl.verhalenbank.22189
Warmolds wie in jonge man. Syn heit wie herfoarme dominé yn Surhuzum. Hja hearden dêr fan 'e rare tastânnen yn 'e Harkema, dat dêr alhielendal net in tsjerke wie en it folk neat fan God ôfwiste. De jonge Warmolts sei: Dêr mat foroaring yn komme. Doe gong er nei de Harkema ta om to sjen hwer't de tsjerke stean moest. Doe kom er op in keal oarde. Dêr wie 't...
nl.verhalenbank.34514
Yn 'e krystnacht sjonge de bijen.
nl.verhalenbank.21326
Op it plak, dêr't letter Warmolds syn tsjerkje delset hat, hjir yn 'e Harkema, ha guon fan tofoaren psalmsjongen heard.
nl.verhalenbank.25741
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.25769
De skipper en syn frou In skipper, in seeskipper mei in gewoan houten skûtsje, dy foer op in kear mei syn frou oer de see. De frou koe ûntsettend moai sjonge. Wiid en siid koenen se har hearre; oare skippers mienden wol ris, dat it in seemearmin wie. Se koenen tige meiïnoar, de skipper en syn frou. Se seagen in eilân en doe sei de skipper: 'By dit...
nl.verhalenbank.14667
Tsjoensters hâlde geregeld forgaderingen. Dat dienen âlde Ot en Tet en Hindrik en sokken èk. Dan psalmsongen se meielkoar. Ot wie ek faek allinne oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.21392
Doe't ús mem in famke wie, hearde se bern sjongen en sy seach ek ljochtsjes. Sy rôp beppe der by en sei: "Mat mem hjir us sjen, sa'n moai ljocht is dêr." Sy hearde dúdlik it getrappel fan berneklompkes en dat der sein woarde: "Jullie moeten stil zitten." Yn werklikheit wie der doe neat. Mar letter hat âlde Warmolts op dat plak in lyts tsjerkje bouwe...
nl.verhalenbank.21222
Doe't de frou fan Mekke Witteveen noch faem wie, gong se wol nei de heilsoldaten dy't op 't Bomkleaster preken. Dêr gongen se dan jouns sjongende wer wei. Op in kear wie dat ek wer sa it gefal. Hja hie in kammeraetske by har. Doe't se al tichte by har hûs wienen, woarden se samar útelkoar set. De iene kom yn 'e sleat tolânne, de oare tsjin 't hûs oan. It...
nl.verhalenbank.16869
Op it plak dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet, ha se froeger fan tofoaren psalmsjongen heard.
nl.verhalenbank.21237
Alle Tet koe har yn in kat foroarje en dan raesde se hiel bot. Mei oare katten hâldde se in forgadering, der wienen soms wol tsien katten by Tet. Dan bigongen se meiïnoar to sjongen. It gebeurde wolris dat se in kat sloegen, dan siet Tet de oare deis ûnder 'e blauwe plakken.
nl.verhalenbank.29338
Us beppe wie in kear nei de Tille (= Kootstertille) ta om bargetermen op to heljen. Ik kom har in ein tomjitte. Doe't wy yn Droegeham wienen, sei se: "Hark, sa binne se hjir oan 't psalmsjongen." Ik hearde neat. Mar beppe hie 't wol goed, hwant in skoft letter ha se op datselde plak in Kristlik grifformearde tsjerke delset. Der lei doe in stien, dêr ha wy...
nl.verhalenbank.23944
Faek ha se my forteld dat in kanarjefûgel net mear sjonge wol as der ien yn 'e hûs stjert. Mar dan mat de kouwe hingje yn 'e keamer dêr't ien dea giet.
nl.verhalenbank.34522
In nachtmerje koe in man wêze as in frou. By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn...
nl.verhalenbank.21138
Der bisteane séminsken; de bovenein is in minske, de ûnderein in fisk. Dy séminsken matte omrake moai sjonge kinne.
nl.verhalenbank.16816
Moarns foar achten mat men net sjonge, oars gebeurt der hwat.
nl.verhalenbank.28630
35