Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: zingen tovenaarster
De tsjoensters komme as katten byelkoar. Sy hâlde dan in forgadering en psalmsjonge.
nl.verhalenbank.21072
Ik haw us in keppel katten byelkoarren sjongen heard. Se songen in psalm, 't wie hiel dúdlik. Mar doe't ik der oan ta wie, wie der neat mear. Alde Jehannes Postma wie by my. It ha tsjoensters west.
nl.verhalenbank.21468
Tsjoensters hâlde geregeld forgaderingen. Dat dienen âlde Ot en Tet en Hindrik en sokken èk. Dan psalmsongen se meielkoar. Ot wie ek faek allinne oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.21392
Tsjoensters foroarje har yn katten. As katten hâlde se forgaderingen. Dan psalmsjonge se.
nl.verhalenbank.20731
De tsjoensters makken reizen nei Spanje ta. Yn in boat. Dan songen se: Huppele, tuppele over 't water.
nl.verhalenbank.20733
Der wienen in keppel tsjoensters yn dizze kontreijen, dy koenen har yn katten foroarje. De oanfierder wie de kat Moazes. Jouns gongen dy katten yn in bargetrôch oer de Burgumermar hinne nei de oastkant en dêr dienen se dan yn 'e nacht har tsjoensterkunsten. De moarns bitiid kommen se werom oer de Mar. As se dan op 'e kant wienen op 'e droechte, dan sieten...
nl.verhalenbank.19647
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.23421
Us mem sei: "Astû fan in tsjoenster hwat oannimst, spui dan de earste hap út. Dan hat it gjin kweade gefolgen." Hwat ek helpt: Twa kear achterelkoar yn 't bywêzen fan 'e tsjoenster sjonge: "Tsjoenster, dû krijst my net." Dan is men ek feilich. Dat learde mem ús as wy gongen to skoaijen.
nl.verhalenbank.19406
Alle Tet koe har yn in kat foroarje en dan raesde se hiel bot. Mei oare katten hâldde se in forgadering, der wienen soms wol tsien katten by Tet. Dan bigongen se meiïnoar to sjongen. It gebeurde wolris dat se in kat sloegen, dan siet Tet de oare deis ûnder 'e blauwe plakken.
nl.verhalenbank.29338
In swarte kat is faek in tsjoenster. 't Is ek wol us de duvel sels. Myn wiif har pake, dat wie Hindrik Swart. Mar sy neamden him allegear Hindrik Skutter. 't Wie in hiele raren-ien. De kweade wie syn maet. Hy siet op syn manier yn 'e bibel to lêzen, mar dan song er dêr wylst allegear rare ûnfatsoenlike strjitferskes by. Dy stienen dêr yn, sei er. En dan...
nl.verhalenbank.21219
Tsjoensters kinne prachtich sjonge. Op in nacht siet ik by Wibe Postma yn 'e apelbeam. Dêr wienen sawn tsjoensters: seis froulju en ien man. Guon dêrfan koe 'k wol. 't Wie in hiel tsjoensterslaech. Wylst ik dêr sa yn dy beam siet hearde ik nei it sjongen. It klonk moai yn 'e nacht. Sy kommen op 'e apelbeam yn, dêr't ik yn siet. Dêr siet in swart skiep...
nl.verhalenbank.27771
11