Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: zien tegelijk
Imke koe op twa plakken tagelyk wêze. Hy wie soms op itselde momint by de foardoar en by de achterdoar. Op in kear, doe't er de kaserne yn Ljouwert forlitten hie, waerd er op itselde tiidstip yn 4 poarten fan 'e stêd sjoen.
nl.verhalenbank.32229
Imke de Jong wie in gûchelder, mar hy koe ek tsjoene. To Ljouwert hat er yn 'e gefangenis sitten. Mar de tuchthúsdoarren gongen samar foar him iepen. Der wie suver neat mei him to bigjinnen. Se ha him to Ljouwert op fjouwer plakken tagelyk ta de stêd út gean sjoen.
nl.verhalenbank.9649
Sy koenen ûnder tsjinst neat wurde mei Ymke de Jong. As er yn 'e cachot opsluten woarde, dan sprongen de doarren samar iepen. Doe't er fuortjage woarde ha se him op fjouwer úthoeken fan 'e stêd tagelyk sjoen.
nl.verhalenbank.25315
Us heit hat mei Imke de Jong ûnder tsjinst west. Imke mat sahwat yn 1853 geboaren wêze. Se koenen ûnder tsjinst neat mei him wurde. Hy siet om 'e haverklap yn 'e cachot, mar dêr wied er ek samar wer út. Hy koe troch de tichte doarren komme. Net in slot wie tsjin him birekkene. Op 't lêst ha se him fuortjage. Mar doe is er op itselde stuit op 'e minút om't...
nl.verhalenbank.20041
5