Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: zien nacht
Hjir wennen trije susters, dat wienen alle trije tsjoensters. Nachts gongen se nei in stik lân ta mei in biezemstôk. Dy hienen se by har. Dan wienen se dêr op it lân oan 't tikboartsjen. Se sprongen om 'e biezemstok hinne. Guon ha har wol hippen sjoen.
nl.verhalenbank.17736
Achter syn hûs stie in âld hûs, dêr wenne Klaes Jippes yn mei 't wiif. Yn 'e nacht sei hja: "De hiele baelderbult sjit út." Hja hearde klear dat de baelders allegear nei ûnderen ta rûgelen yn 't hok. Doe't se der hinne gongen to sjen mankearde der neat oan 'e bult. 't Hie Jehannes syn wurk west.
nl.verhalenbank.38422
Us mem en dy gongen de nachts fan mendei op tiisdei altyd fan Readskuorre mei de Feanster boat nei Grins ta. Tiisdeis dan wie 't merk yn Grins, sy gongen dêr hinne foar de handel. Pake gong ek mei. Op in nacht gongen se dêr ek wer hinne. Doe kommen se in lyts boerespultsje foarby, oan diz kant Readskuorre. Dêr lei in skerne. Tichteby lei in dikke koepânse...
nl.verhalenbank.23908
Hjir wenne yn Twizelerheide in âld minske, dat wie Minne Ael, dy gong foar in tsjoenster troch. Hja wie nachts faek warber. Hja wenne oan 'e Swâdde. Dy wie sa'n fjouwer meter breed. Op in kear skelden in pear jonges har út, dy wienen oan 'e oare kant fan 'e Swâdde. Doe die se in pear stappen achterút en sei: "Ik sil jim krije", krekt as soe se in oanloop...
nl.verhalenbank.27375
Myn frou wenne yn Twizelerheide yn in húske mei in plankje oer in sleat. Op in joun, doe leinen se al by harren op bêd, doe hearden skoanmem en dy guon praten. Skoanmem gong der ôf en gong foar 't glês stean om to sjen hwa't dat noch wiene, dy't sa let warber wienen. Doe seach se trije minsken rinnen. It wienen Stammerige Harm, dy syn suster en in dochter...
nl.verhalenbank.24528
By de Swâdde lâns wenne Stammerige Harm. Dat wie in tsjoenster. Op 'e ein fan 'e Swâdde wenne in feint, dy hie by Stammerige Harm wenne en dy hie nachts ek by him sliept. Dy feint fortelde, hy wie midden yn 'e nacht wekker woarn. Doe lei der in pânse njonken him. Dy feint wie deabinaud. Hy doarst net wer sliepe. Doe't er sa in skoft wekker lein hie, kom...
nl.verhalenbank.20511
6