Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
29 results
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Drachten
Mem kaem fan de Wylgen. Hja hienen dêr hwat buorkerije by har folk. Soms gong it dêr jouns by har op 't spultsje allerdonderst oan wei. Dan gong beppe nei achteren ta, fortelde mem. Dan waerden de doarren iepen smiten. Mar as beppe seach, wie der net ien. Hja tochten dan dat de kij fan 'e stâl wienen, mar dat wie net it gefal. It spûke dêr.
nl.verhalenbank.29641
Wy wienen us op 'e Grinzer klaei oan 't wjudden. Wy slepten nachts yn in boereskuorre. Froeger wie der in lûk by de boereplaetsen boven yn 'e souder. Doe foel der us ien troch 't lûk hinne. Dy wie opslach dea. Sûnt woarden dêr nachts de skuorredoarren altyd iepen dien sûnder dat der ien to sjen wie. Dat gebeurde om sa'n tolve ûre hinne. Dat mat dyselde...
nl.verhalenbank.24595
It gebeurde op 'e Dwarsfeart gauris dat de tsjernen út harsels nachts bigongen to ratteljen. Hwat dat wie ha 'k noait bigrepen hawn, ik ha 't sels wol heard.
nl.verhalenbank.19853
Der wienen twa bruorren. De iene hiet fan Teade. Se wennen op 'e Middelgeast tussen Smelle Ie en Boarnburgum. Hja rieden op in kear elk op in hynder. Doe seagen se dêr in gedaente fan in man. Dat like oars as oars, krekt as doogde it net. Doe sei Teade: "Dêr wol 'k op sjitte." Hy hie 't gewear by him. Mar syn broer sei: "Doch dat net. Hwat hast dêr mei...
nl.verhalenbank.29645
In âld minske yn 'e Boelensloane hie us trije wite wiven sjoen, dy sweefden troch de loft. "Krekt as gong ik mei yn 't soch fan dy wite wiven", sei se. Dat fortelde se mem.
nl.verhalenbank.23496
Oan 'e Berchloane yn Drachten spoeke it. Alde Hindrik Stoarm gong der us op in joun lâns. Doe siet der in spoek op 'e bank oan 't jildtellen
nl.verhalenbank.18129
Jasper en Jinke fan 'e Boelensloane hienen sawn jonges. Ien fan dy sawn jonges moest nachts ta 't hûs út om hwat to sjen. Dat wie Gerke Veenstra.
nl.verhalenbank.22922
Der wienen ek guon dy ha by 't Blauhûs in beest sjoen, great en swart en dat rattele mei kettings.
nl.verhalenbank.37920
Berntsjes dy't gjin deaklean meikrigen ha, spûkje ek. Dy kinne de rêst net krije. Yn 'e Boelensloane wienen sokke berntsjes. Dy wienen neaken. Guon ha har sjoen.
nl.verhalenbank.37926
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
nl.verhalenbank.33331
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Auke Douwes wenne mei syn dochter yn in aek op Foanejacht. Dêr wie doe noch net in brêge. Hy wie ris op in joun nei in kerkeraads-forgadering, wylst wie de dochter allinne thús. Doe moest der ien oerset wurde. Hja foer dwarsoer mei de boat. Hja wie der oan ta, doe sonk er foar har yn 'e groun. Sy is dwarsoer stoud op Earnewâld yn. Doe hat se fiif folle...
nl.verhalenbank.24850
Hindrik Meijer fortelde: Ik kom by Meine At wei yn 'e Grinzerpein. 'k Wie rinnende. Underweis hearde 'k allegear stappen njonken my. As ik stean bleau, hearde ik noch ien, twa, trije stappen. Dan roan ik wer fierder. Wer hearde ik de stappen njonken my. Bleau ik stean, dan wer ien, twa, trije stappen. Mar ik seach neat. Ik kom op 't lêst op 'e wei, dy't...
nl.verhalenbank.26062
Yn 'e omkriten fan Boelensloane wenne in frouspersoan, dy hâldde safolle fan har mem, dat sy wie der aeklik fan, doe't dy stoarn wie. Sy rôp altyd mar: "Hwat woe ik ús mem noch graech ris in kear wer sjen!" Doe, op in nacht, doe kom har mem by har oer de flier. De dochter lei op bêd. 't Ald-minske slierde op toffels. Doe't de dochter har seach, woarde se...
nl.verhalenbank.29387
Gerke Veenstra fan 'e Spekloane (Boelensloane) seach klear dat der elke nacht tusken tolve en ien ûre hwat by him op bêd kom. 't Gong op 't fuottenein sitten. De egen wienen earst sa great as thékopkes, dy woarden hyltyd greater, op 't lêst wienen se sa great as in pantsje. Elke joun kom dat ding. Dan wie Gerke fjûrbinaud. Syn frou lei by him. Dan sei er...
nl.verhalenbank.22926
Doekel seach ek spoken. Dy spoken kommen fan Earnewâld út wei, se farden yn in boatsje oer 't wetter. Hja en Marten Skeet stienen op in joun bûtendoar. Doe sei se: "Marten, mast ris even sjen." Mar hy seach neat. "Hwat is der dan?" frege er. "Se binne der wer", sei se. En doe wiisde se nei 't plak dêr't se de spoken seach. Doe krige Marten in brjit (in...
nl.verhalenbank.33627
Wy leinen us yn Koudum tsjin 'e brêge oan. Hja hienen ús ris forteld, dat dêr yn 'e nacht in keardel fan 'e brêge yn 'e feart sprong. Ik en myn maet leinen yn 't skip. 't Wie moai waer, doe hearde ik om in ûre of tolve, ien in greate plouns yn 't wetter. Ik sei tsjin myn maet: "Dêr springt dy keardel fan 'e brêge. Dat wol 'k sjen." Ik der út, myn maet...
nl.verhalenbank.24550
Myn beide skoanâlden hienen der op út west mei de karre mei rusken matten. Doe't se by 't Blauhûs wienen, flak by Boelensloane, woarden se samar yn 'e feart dreaun. De karre bleau stean. Sy koenen de hounen net foarút krije, sa bang wienen dy. 't Wie in soart houn west, dy't se sjoen hienen. Guon woenen wol ha, dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.22916
Yn Grins lei in skipper, dêr woarde hyltyd it anker fan oan board smiten. Dan lei it skip wer los. Mar der wie noait ien to sjen dy't it die. Doe hat de skipper de doomny der by helle. Dy hat dêr op it dek bidden en sûnt ha se noait wer lêst hawn.
nl.verhalenbank.22872
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne. De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.26042
29