Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
15 results
Dutch Keywords: zien sterven
Dy't jild fan 'e duvel ha wol moat mei in swarte kat yn 'e sek yn 'e nacht trije kear om 't tsjerkhôf rinne. Dan stiet dêr ien, dy mat er de kat jaen. Thús mat er in swarte sok oan 'e line hingje jouns, dan is dy de oare moarns fol jild. In grize sok jowt neat. Mar nei 14 dagen is sa'n ien dea.
nl.verhalenbank.31056
Willem Pyk (= Ophuis) hie in houn. Dy spûkgûlde soms. Dan sei Jits, syn wiif: "Der giet wer ien dea." Har buorman sei, as de houn spûkgûlde: "Dêr sjocht er de duvel, wer, Jits."
nl.verhalenbank.28561
Der wie in man, dy wie o sa min. Hy lei al hast op 't stjerren en der moest alle nachten by him wekke wurde. Dy man dy wie oan 'e duvel forkocht. As de lju der sieten to wekjen, dan forskynde de duvel dêr sa mar en dan naeiden se hurd út. Mar doe wienen der twa, dy seinen: "Wy doarre dêr wol to bliuwen." "Wy wolle fan 'e duvel neat wite", seinen se. "De...
nl.verhalenbank.21696
2.16. De jager en een Kaboutermanneke Toen eens een jager in de heide van Riethoven, niet verre van den Duivelsberg, op de jacht was, en een Kaboutermanneke op eenigen afstand van zich zag gaan, beging hij de wreedheid een geweerschot op het niets kwaad vermoedende ventje te lossen. Het viel doodelijk getroffen neder, doch had echter nog de macht om tot...
nl.verhalenbank.50056
As der in frijmitselder dea giet, is er oan 'e duvel oerlevere. It gebeurde us dat der twa spantsjes op 'e bolderwein nei Ljouwerter merke west hienen. Underweis nei hûs ta stutsen se hast rounom oan; dêr't mar drank tape woarde. De froulju krigen dêr har nocht fan, dat doe't se op Hústerheide nòch us stilhâldden, bleauwen de froulju yn 'e wein sitten....
nl.verhalenbank.20409
To Jobbegea hat in man wenne, dy koe mear as in oar. It wie in maet fan 'e duvel. Op in kear kaem er by minsken, dy hienen biggen. "Mei 'k se wol even sjen?" frege er. Doe hy der hinne. "Moaije biggen," sei er, "moaije biggen. Ja. Dat is my nou niks om jo dy út hannen to bringen." In dei of hwat letter stoar de earste bigge, wer hwat letter de twadde en...
nl.verhalenbank.21022
Der wie in frou, dy wenne yn Ljouwert. Har man hiet fan Schaaf. Hy forhierde plezierweinen. Myn âldste dochter hat der as faem wenne. Dy frou wie by de frijmitselders. Nou en dan seach se yn 't gebou har forstoarne jonge. Sy sei tsjin har man: "Hwat woe ik graech, datstû ek us mei gongste om de jonge to sjen." Dat gebou stie yn Ljouwert. Hy gong mei, mar...
nl.verhalenbank.18104
Yn 'e Falom wenne in man, dy moest nachts altyd út bêd wei om hwat to sjen. 't Wie in hiele bêste man. Hy moest soms ûrenfier rinne om by de lykstaesje to kommen. Mem sei al ris tsjin him: "As jo nou us lizzen bliuwe, hwat dan?" "Ei minske," sei er, "dan wie 't net bêst. Dan waerd ik der út smiten." It binne pleagen fan 'e duvel, as men der nachts út mat.
nl.verhalenbank.21994
Der wienen twa bruorren. De iene hiet fan Teade. Se wennen op 'e Middelgeast tussen Smelle Ie en Boarnburgum. Hja rieden op in kear elk op in hynder. Doe seagen se dêr in gedaente fan in man. Dat like oars as oars, krekt as doogde it net. Doe sei Teade: "Dêr wol 'k op sjitte." Hy hie 't gewear by him. Mar syn broer sei: "Doch dat net. Hwat hast dêr mei...
nl.verhalenbank.29645
DE RAMENASSEN. Iemand, die slecht leefde en veel vloekte, moest 's nachts werken en ging 's avonds met twee van zijn kameraden naar de papierfabriek te Weert-Meerssen. Bij een veld ramenassen gekomen -dat veld had echter geen goeden naam- zeide hij: ,,Jongens, hier staan ramenassen, daar moet ik er een van hebben, want ik heb juist zout bij me." Hij...
nl.verhalenbank.42758
Frijmetselers binne ek kûgelfrij. Op 'e Lykwei wenne sa'n man, dy wie frijmetseler. 't Wie âlde Aldert. Hy moest nou en dan nei Dútslân ta, dêr't it gebou stie, dêr't se yn byelkoar kamen. De earste kear dat hy der by kaem moest er dêr ek hinne. Doe moest er troch in tsjustere kelder yn 'e groun. Dêr moest er alles sjen. Hy moest ek oer in deakiste hinne...
nl.verhalenbank.38140
Bontsje Knjillis (Veenstra) wie in broer fan pake Fokke. It wie dus myn âldomke. Dy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch moest er alles sjen. Hy seach altyd lykstaesjes en hast altyd by nacht. Dan siet de duvel him achter. Dan lei er op bêd, mar hy moest er ôf. Fral winterdeis hied er dêr in ôfgrysliken hekel oan. Dan woe er net fan bêd ôf. Mar hy...
nl.verhalenbank.32218
Bontsje Keke wie froeger in forwoest man. Hy joech om God noch syn gebot en wie in great spotter. It gong him noait to mâl. Doe't er tusken de fjirtich en fyftich wie, lei er ris op in kear to jirappelsykjen op in stik lân op 'e Sweach, dat oan 'e wei lei. Doe hie dêr in man west, dy't alles sjen moest. Keke hie dat doe noch net; dy seach doe noch gjin...
nl.verhalenbank.29515
Alde Bontsje Knjillis (Veenstra?) moest ek alles sjen. Tije Sjoeke hat fjouwer berntsjes forlern: trije berntsjes tagelyk en ien in wike letter. Dy stoaren oan 'e blauwe mûzels. Knjillis hie 't allegear fan tofoaren al sjoen. Heit bargeslachte by 't hjerst by him. Op in nacht, doe moest er wer hwat sjen. Mar doe tocht er "Ik bliuw lizzen." Hwant hy seach...
nl.verhalenbank.20912
Myn omke Marten kom by Marij. Dêr hied er forkearing mei. Letter is er ek mei har troud. Doe't dat gebeurde sei Kees (= Knjillis Veenstra): "Dy hâldtstû net sa lang." "Hwerom net?" sei omke Marten. "Dû krijst der in poppe by," sei Kees, "mar dy hâldst ek net. Sy geane beide dea. Dû silst letter wer trouwe. En dat frommes krijst ek bern by, mar dat frommes...
nl.verhalenbank.27401
15