Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: zien man Place of Narration: Rottevalle
Boardzer Bruning hat ris op in kear allegearre soldaten op 'e wei rinnen sjoen. Hy sei: "Nou komt hjir gau oarloch." En 't wie èk sa. Ridlik gau dêrnei bruts de oarloch út. Doe kommen de Dútse soldaten op 'e lappen, dy't Boardzer sjoen hie.
nl.verhalenbank.32826
Auwert-omme wie nei in houtforkeaping en lânforhiering op Nijtap. Froeger roannen se altyd en dat die Auwert-omme ek (fan Rottefalle). Hy woe in perseel hout ha. Doe't de houtforkeaping ôfroun wie, roan er allinne fan Nijtap de achterwei del. Dat wie doe noch in sânreed. Nou seit men der tsjin Leidyksloane. Doe't er in pear hondert meter roun hie, seach...
nl.verhalenbank.29578
Edze-om wie mem har jongste broer, dy is yn Limburch forstoarn. Dy hearde fan tofoaren al de lûden fan 'e auto's en de fleanmesines. Ek seach er ljochtsjes fan 'e tram. Dat is allegear neikom.
nl.verhalenbank.32821
Gerke Veenstra wenne yn 'e Rottefalle. Hy wie fékoopman. Op in nacht seach er in lykstaesje dy't nei 't tsjerkhôf ta gong. Hy moest dêr doe lâns mei fé. Hy koe alle minsken herkenne, dy't achter it lyk oanroannen. Al syn buorlju wienen der by. Mar der ûntbriek ien, dy miste hy. Trije dagen letter overleed syn buorfrou. Dat wie deselde dy't er net sjoen...
nl.verhalenbank.29582
Yn Eastemar wenne Durk Boadskip (= D. Brodze = D. v.d. Veen). Dy wie op in joun op 'e Swarte Wei. Doe gebeurde it dat der in lykstaesje oankom sûnder dat er it seach. Doe rekke Durk foar by de lykwein op en achter der wer by del.
nl.verhalenbank.27704
teltsje: Op in kear gong ik nei 't paviljoen fan 'e Leijen ta. Ik hie sin om to swemmen. Mar ik hie gjin swempak by my. Froeger koenen jy dêr sa'n swembroekje hiere, mar sa wie 't nou net mear. Doe't ik der kom wie der net ien by 't paviljoen. Ik tocht: nou doar ik wol neaken to swimmen. Mar hwer moest ik mei myn klean hinne? Doe stie dêr in âlde...
nl.verhalenbank.33217
Sweitse de Wit wenne op Feansterheide. Hy wie arbeider by Wytse Rinsma yn Rottefalle. Moarns moest er dêr hinne rinne en jouns kaem er werom. Alle kearen seach er hwat. Op 't lêst hie hy dêr sa'n hinder fan, dat doe is er nei Rottefalle ta gien to wenjen.
nl.verhalenbank.20967
Krist en Pyt wennen yn 'e Feansterheide yn in hiel lyts húske. Op in nacht seagen se dat by har yn 'e foarmuorre it finster mei ramt en al der út wie. Hja seagen it beide klear. En dochs wie 't sa net. Se wienen wekker woarn troch gestomp en geskou. Letter tochten se dêr net mear oer, mar doe kom dêr in sterfgefal. Doe moest de kiste der út. Dy koe de...
nl.verhalenbank.33058
Sweitse de Wit seach oan 'e Terpstra-wei - sydpaed fan 'e Spekloane - by tsjuster altyd in fôlle rinnen, dy't dêr omspoeke.
nl.verhalenbank.20975
35