4 datasets found
Dutch Keywords: zien man trouwen Place of Narration: Opende
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is. As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
Myn tante had forkearing met een fint út 'e Kòrnhörn. Doe het se ergens op 'e kermis weest. Doe sag se doar in de swarte spiegel en doe sag se in hiel ander fintje in de spiegel stoan as dêr't se forkearing mee had. Doe sei se: "Dit is allemoal bedrog." Even loater komt se in Oldekerk bij een dikke boer te woonen. Se kriegt forkeering met syn seun en sy...
nl.verhalenbank.26014
Froeger gong 't jongfolk wol gau us foar de swarte spegel. Dy't gjin wiif krige seach in kiste, dy't trouwe soe seach syn takomstich wiif. Doe't myn earste man us yn 'e swarte spegel seach, kom der in frommes foar 't ljocht mei lang swart hier. Doe't myn man my letter seach, sei er: Ik woarde kjel. Sa sprekend likestû op dat portret.
nl.verhalenbank.23149
35