Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: zien man Place of Narration: Eastermar
Dizze herberch stie oan 'e koemerk. In pear jier foardat er opbrânde, seach Atse Veltman de koemerk fol reek. De wyn wie sa dat de reek dy kant oergong, en doch stie der neat yn 'e brân. Letter stie yndied de koemerk fol reek. Doe brânde de herberch op.
nl.verhalenbank.21870
To Eastemar op it Doarpslân stie froeger in boskje. Piter Kamminga roan faek fan Eastemar nei Jistrum. Dat gebeurde meast by jountiid en dan gong er altyd de Achterwei lâns. Dy hat faek sjoen, fortelde er, dat der in gedaente út dat boskje wei kom, dy't dwars oer de wei hinne gong en weiwoarde yn it lân oan 'e oare kant
nl.verhalenbank.21865
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west. Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del. Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum. Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
Atse Veltman fan Eastemar kom us op in nacht thús, doe seach er de koemerk fol reek. In skoftsje letter brânde 'Het witte paard' op. De wyn wie doe krekt sa, dat de reek oer de skoarstien gong.
nl.verhalenbank.21874
Auke Roanes fan Eastemar hat op 'e Parsingel in wyt hynder spûkjen sjoen. Der siet in mynhear op mei in wyt befke foar.
nl.verhalenbank.21813
Op in kear kom heit yn 'e hûs. Hy wie sa bleek as in doek en alhiel fan 'e wize. Hy sei: "Nou krije wy in rare tiid. Der stiet in ierappel oan 'e loft mei in foarke der yn!" Hy seach deabinaud. Fuort dêrnei krigen wy de oarloch fan '40 op '45.
nl.verhalenbank.28374
Der wie us ien, dy moest in lange peal troch de Wâldpoarte to Dokkum bringe. Mar hy koe 't net oprêdde. De peal bleau der hyltyd dwars foar stykjen. Doe seach er in fûgel fleanen mei in hiele lange reid yn 'e bek. Dy fûgel hâldde de reid yn 'e lingte. De man tochte: "Sa mat ik it ek dwaen." En doe krige er de peal troch de poarte.
nl.verhalenbank.20463
Us heit fortelde ek, dat hy hie forkearing hawn mei in faem yn Twizelerheide. Hy roan dan oer de Iest to Jistrum en dan gong er it Wyldpaed del. Op 'e weromreis, op 'e Iest, by de yngong fan 'e Spûkeloane (in stikje fan 'e âlde forbiningswei Ljouwert-Grins) hong altyd in wyt frommes oer de hekke hinne, fortelde er. Hy hie wolris mei in stien nei har...
nl.verhalenbank.28372
Boardzer Bruining fan 'e Houtigehage wie mei de keppel op 'e Grinzer klaei. Dêr wie ek in neef fan myn wiif by. Doe seach Boardzer dêr op in nacht yn 'e skuorre, dêr't se yn slepten, twa neakene berntsjes omrinnen. Dy koenen de rêst net krije, omt se gjin deaklean oankrigen hienen.
nl.verhalenbank.22267
Oan 'e Achterwei to Eastemar is in boskje, dat is yndertiid kocht woarn troch Japik Murd (= Hoekstra). Piter Kamminga fan Jistrum kom de Achterwei del. Doe seach er de skime fan in man út dat boskje wei kommen. Hy gong oer de daem. Letter hat Piter dat wol faker sjoen. 't Wie neffens him in spoek.
nl.verhalenbank.34637
Pake ried froeger us troch de Harkema. Doe wie dêr fan alles noch neat to sjen. Doe't er thús kaem, sei er: "Nou ha ik raer hwat sjoen! It wie allegearre ljochtsjes yn 'e Harkema!" Letter wie 't dêr allegearre ljocht. Strjitlampen, fytsen en alsamear.
nl.verhalenbank.19955
Germ Visser hie op in joun mei 't wiif to jounpraten west. Underweis sei er: "Even achter my lâns gean." Doe seach er syn eigen slide (it wie in nije slide dy't krekt yn 'e swarte tar siet). Dêr stie in deafet op. Letter kommen se om syn slide to lien. De slide moest foar syn glêzen lâns. Der wie in frommeske forstoarn. ('t Gebeurde op 'e Tike)
nl.verhalenbank.21833
Us pake wenne op it Wytfean. As er jouns dy kant nei de Harkema útseach, dan seach er dêr allegear ljochtsjes. It wie dêr doe noch heide, en minsken wennen der hast net. Mar letter is Harkema bot oanboud en doe kamen der ek in soad ljochten.
nl.verhalenbank.31211
Alde Frytsen to Eastemar moest der yn 'e nacht om tolve ûre út. Hja koe yn 't tsjuster sjen.
nl.verhalenbank.21834
Alde Jitse Bouma moest der nachts om tolve ûre ek út
nl.verhalenbank.21835
Hindrik Stoarm wie nachtwacht to Eastemar. Hy moest rinne mei Sybren Fûst ( = S. Hoekstra). Hindrik sei tsjin him, hy wie mei de helm geboaren. "As ik aenst guon sjoch, dan doch ik de pet ôf. Dat moatstû ek dwaen. En ik gean in eintsje oan kant. Dan mastû ek hwat rûmte jaen, hwant it is in lykstaesje, dy't der dan oankomt, en dy kin oars oer dy hinne gean...
nl.verhalenbank.20889
35