Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: zien man Place of Narration: Augustinusga
Us heit kom us in kear fan Reahel. 't Wie sahwat twa ûre yn 'e nacht. Hy tocht: "Heden, dêr komt in man oan. Dy hat grif in sekfol hout stellen." Sa like it krekt. Hy roan hwat dûknekkich. Hy kom lyk op heit yn. Mar doe't heit better taseach hie dyselde keardel hiele greate gleone egen, krekt as koallen fjûr. Doe is heit in stik of twa, trije ikkers...
nl.verhalenbank.23752
Us pake - Fokke Ulkes Boijus - wenne hjir achter de Bosk. Hy seach ljochten fleanen en wist doe net hwat dat wie. Letter woarde it him dúdlik. It hienen de foarboaden west fan 'e lettere autoljochten.
nl.verhalenbank.27668
Wy leinen us mei 't skip yn Kollum mei pulp. Koarte tiid tofoaren hie de ferver fan Stiensgea, Japik Groenland, ús skip fan binnen opferve. Mar doe't wy dan in skoftsje letter yn Kollum leinen, seach myn wiif Japik Groenland op in nacht yn 'e kiste lizzen. Hy hie in great wyt ding oan. 't Wie yn 1933. Yn dy selde nacht wie Japik Groenland yn Stiensgea...
nl.verhalenbank.23750
Alde Boele de Vries, dat wie Anne de Vries syn pake. Dat wie in hiele raren. Dy hat it wol sà raer fortoand yn syn leven. Op in kear kom er mei 't wiif fan Surhuzum. Hy moest nei 't Wêst fan Stiensgea. Doe't se oan 't pypke ta wienen, dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet, doe foelen de beammen samar foar har del op 'e wei. Doe hat er rare binaud west.
nl.verhalenbank.23754
Ik wie seis jier dat ús pake forstoar, dat is nou 75 jier lyn. Beppe kaem hjir by mem yn to wenjen. Hja die altyd de doarren goed op 'e skoattels. Beppe slepte yn in bêdsté. Doe gebeurde it op in jountiid, - doe lei se al lang op bêd - dat der ien ta 't hûs yn kaem. Hoe koe dat? Hwant de skoattels sieten op 'e doarren. It wie in mantsje dat yn 'e keamer...
nl.verhalenbank.32711
Ytsen Ytsma wenne yn 'e Poes ûnder Surhuzum. Hy gong wol gauris to jounpraten, èk yn de Poes. Dan nom er altyd syn jonge mei, hwant hy doarst der net allinnich út op 'e joun. Hy hie in min geweten. As er to praten gong woarde de jonge altyd yn 'e hutte opsluten, hwant dy mocht net by de praterij wêze. Op in kear gongen se togearre wer op hûs yn. Doe sei...
nl.verhalenbank.27663
Ik haw wol ien kend yn Surhuzum, dy seach wolris fan tofoaren dat der in lykstaesje foarby gong. In skoftsje letter wie der dan in echte bigraffenis.
nl.verhalenbank.27671
By de grifformearde tsjerke wie froeger in pypke. Op in kear kom heit dêr de jouns let noch lâns. 't Wie yn 'e tiid dat se dy tsjerke dêr delsetten. "Heden," tocht heit, "se binne dêr noch oan 't wurk." Hy seach oerside en doe wie dêr ien oan 't mitseljen. Doe sei heit: "Hwat binne jo noch let oan 't wurk yn 'e nacht." Doe sei dyselde: "Ja, ik bin de...
nl.verhalenbank.32724
Ik wenne yn Stiensgea as boerefeint yn 't Oast. Op in joun hie 'k nei myn suster ta west, dy biwosk my. Ik hie forskjinnersguod ophelle. Doe't ik al hast wer toplak wie, en oan in âld húske ta wie, doe hearde ik der by dat húske allerhande lûden fan smiten mei stiennen en planken. Doe't ik dêr hinne gong wie der neat to sjen. In skoft letter kom dat húske...
nl.verhalenbank.27978
De trein fan Ljouwert nei Grins wie der noch net, doe sei in man: "Ik ha dêr hwat fleanen sjoen troch 't Noarden. Tolve, trettsjen weinen achter elkoar oan, sûnder hynder en dat gong pof - pof - pof - pof." Letter kom de trein dêr lâns.
nl.verhalenbank.23855
Dêr't letter it hûs stie fan Piter v.d. Glas to Twizel, wie alear neat. Us heit hearde dêr op in kear in klap, krekt as smieten se in stapel planken del. Mar der gebeurde neat, der wie neat to sjen. Guon dy't by heit wienen, hearden it ek. Sy woarden der kjel fan. Letter hearden se op datselde plak dy klap wer. Mar doe woarden der echt planken delsmiten,...
nl.verhalenbank.32424
Yn Surhústerfean wenne froeger âlde Sytse Wijma. Sytse wie mei de helm geboaren; hy seach alle bigraffenissen út 'e omkriten fan 't Fean foarút. It kom altyd nei hwat hy fortelde. Nachts moest hy der faek ôf om lykstaesjes to sjen. It gebeurde wol dat er seach dat se in kiste ûnder 't finster op skouden, dan koe de kiste net troch de doar. Hy hie in soan,...
nl.verhalenbank.34527
To Readskuorre stie in âld boerespultsje mei in boven- en ûnderdoar. 't Wie yn 'e nacht en ljochtmoannewaer. Pake soe der út to pisjen. Hy heart ynienen in slach. In pear roannen de reed del nei 't westen, doe in pear nei 't oasten. Twa oaren kommen op it hiem. Pake die de doar ticht. Letter gebeurde dêr in ûngelok mei krekt deselde sitewaesjes.
nl.verhalenbank.23648
35