Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
423 results
Dutch Keywords: ziek
Yn 'e buorren yn Garyp wenne in frommes, dy koe har yn in kat foroarje. Dy kat ha se wol us in trewinkel jown. Dan lei 't frommes de oare deis siik op bêd.
nl.verhalenbank.22769
Se seinen altyd, in tsjoenster koe har yn in kat foroarje. As se froeger wite woenen as in siik bern bitsjoend wie, ûndersochten se it kessen. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Der woarde dan om socht hwa't de tsjoenster wie. De krâns(en) woarde(n) forbrând. Se dienen faek duveldrek ûnder 'e drompels. Dy't it bern bitsjoend hie koe dan...
nl.verhalenbank.32677
Myn frou en ik wienen op in snein-to-joun nei har heit en dy ta. De suster fan myn frou har twadde mem lei dêr siik op bêd. Dêr wie in fremde kat yn 'e hûs. Poeke, poeke, sei myn frou har twadde mem, mar de kat forroerde him net. Dy bleau sitten dêr't er siet. Doe jage ik dy kat fuort. Dy kat, dat wie de tsjoenster. Dy hie it sike minske bitsjoend.
nl.verhalenbank.30374
Hjir wenne in frou, dy haw ik goed kend. Dat wie in tsjoenster. Dat minske bitsjoende de bern. Hja tsjoende krânsen yn it kessen dêr't it bern mei de holle op lei. Dêr koe men oan wite dat it bern bitsjoend wie. As hja der op út wie, lei har pânse op bêd. Hja fleach ek wol.
nl.verhalenbank.29715
Op Feansterheide wenne Sander Hoeksma. Dy syn wiif wie siik. Doe kom der de nachts in swarte kat yn 'e hûs. Sander der ôf. Dy skeat dy kat. De oare deis hie âlde Rykele Myt in eech der út. Hja hie mar ien eech mear. It wie sa dúdlik as hwat. Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy hie har yn in kat foroare en Sander hie har it each útsketten.
nl.verhalenbank.24559
Sibe Swaen fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Hja hat ien fan Freark-om syn bern bitsjoend. Doe is Frearkom oer iis nei Kûkherne tagong dêr't greate Wopke wenne. Fan Wopke krige er in fleske mei drank foar it bern. Wopke warskôge Freark-om en sei: "Tink der om, dat se jo net oanfalle ûnderweis, hwant der binne guon dy ha it op it drankje forsjoen." Doe't...
nl.verhalenbank.20377
Als je ziek was, zat er soms een krans in je kussen.
nl.verhalenbank.43530
Piters Hindrikje hat de bern fan Wytse Hountsje en Hinke èk bitsjoend.
nl.verhalenbank.33038
Yn Burgumerheide wenne in frou, dy bitsjoende de bargen by de buorlju.
nl.verhalenbank.28470
Tsjoensters krije gjin fâlden om 'e kop. En as har hwat skeelt binne se samar wer genezen. Hwant dan tsjoene se gau even ien dea.
nl.verhalenbank.16530
Ik heb m'n moeder wel eens horen vertellen van heksen en weerwolven, dat was gewoonlijk zo iets als van de duivel bezeten.
nl.verhalenbank.127773
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert. As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
nl.verhalenbank.32010
Myn broer Wytse wie noch in jonge. Hy wie siik en waerd minder. Op in kear kom der in wite kat by de trap op. Doe't se dy seagen ha se dy kat delskopt. De oare moarns hie ús buorfrou de iene earm yn 'e doek. Se ha Wytse syn kessen iepenmakke. Dêr kamen twa hiele krânsen út tofoarskyn en noch in trêdden, dy't noch net klear wie. Dy krânsen ha se forbarnd....
nl.verhalenbank.29564
Wy wennen froeger op 'e Feansterheide. Alde Jiske Wyts wenne flak achter ús. Dat wie in tsjoenster. Dy woe ús as bern altyd graech oanhelje, mar dat mocht net, dêr warskôge heit ús altyd foar. Us Antsjemoai woarde siik. Der kom wol us in dikke kat by ús. Doe't dy der wer us wie, krige heit de tange en sloech him dêr mei. Doe hie dy kat in brutsene poat....
nl.verhalenbank.25212
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. It binne altyd moai lange katten, dik en grou. It binne gjin swarte en ek gjin bûnte, mar grauwe. As sa'n kat der op út is to tsjoenen, leit de tsjoenster stil en wezenloas op bêd. Dan is der gjin leven yn. In tsjoenster bitsjoent foaral bern. Ek wol froulju noait manlju. Hja tsjoenst krânsen yn 'e kessens, dêr...
nl.verhalenbank.24246
Us mem en dy hienen kunde, dy hienen in dochter, dy wie siik. Hja is sawn en twintich jier woarn, doe stoar se. Sy lei altyd op bêd, ûnder in plat dak. As se der middeis even ôf wie en 't bêd waerd opmakke, en sy woarde wer op bêd lein, dan wie 't krekt as sprong der hwat fan it plat dak ôf. Sy hearde it elke kear en op in kear doe sei se it tsjin har...
nl.verhalenbank.22130
Bij een ziek kind vond men een kater in den wieg die elken avond terugkeerde. Toen hij verwijderd werd, beterde het kind. (Uitdam)
nl.verhalenbank.9355
Dat heb ik van iemand uit Asperen. Dat is gebeurd in Asperen. Daar was een kind behekst, allemaal padden in d'r buik. Dan kwam d'r een duivelbanner bij.
nl.verhalenbank.72800
Een verekrans in 't kusse, dat was ok iets van een heks.
nl.verhalenbank.70701
Een verekrans in 't kusse, dat was een teken van hekserij. As d'r iemand ziek was.
nl.verhalenbank.70518
470