Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
30 results
Dutch Keywords: ziek Place of Narration: Harkema
As Melle Tiet froeger by de bargen kom, woenen se net mear frette. Dan wienen se bitsjoend. Sy wenne yn 'e buert fan 'e Skieding. Dêr wenne ek in man dy syn bargen wienen èk siik. Doe seach dy in rôt by syn trôge. Hy sloech nei dy rôt en rekke him. De oare deis hie Melle Tiet in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.24881
In tsjoenster kin har foroarje yn in kat. Ik ha wit hoe faek heard, dat se in kat in opmiter joegen en dat dan de tsjoenster de oare moarns mei in seare holle of sa op bêd lei. De tsjoensters tsjoene krânsen yn 'e kessens. As katten hâlde se in forgadering. Us Gerke hat wolris heard, dat de kat sei: 'donderdagavond'.
nl.verhalenbank.26348
Op 'e Bulten hat in frou wenne, Piters Lyske, dy rekke bitsjoend. Hja waerd siik en doe founen se in krâns by har yn 't kessen. It wie in frommeske út Bûtenpost dy't har bitsjoend hie, neffens se seinen. It is noch net iens safolle jierren lyn doe't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.31543
Us mem hat ris in hiel kessen leech skuord. Doe miende se dat der ien fan ús bitsjoend wie, mar dêr kom net in krâns út. Tije van der Veen (Tije Hil) wie al lang lyn stoarn oan 'e kanker. Doe makke syn wiif syn kessen ris in kear iepen. Doe helle se twa prachtige jonge douwes út dat kessen wei. Doe wist se dat hy yn 'e macht fan in tsjoenster west hie.
nl.verhalenbank.28792
Trapet ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen. Krijt ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod. As ien hwat fan in tsjoenster opiet, dan woarde er siik.
nl.verhalenbank.25554
Piter Rauwerda syn frou Lys, hjir op 'e Bulten, hat in jier of hwat lyn bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen.
nl.verhalenbank.32954
Jan van der Tuin hie in bern, dat tsjirme. Janne Lys hie al gau yn 'e rekken dat dit Tet har wurk wie. Der kom altyd in kat by harren. Doe hat Jan dy kat us in kear in lawibes jown. De oare deis hie Tet in blau plak ûnder 't eech. Tet koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.16957
Sibe-om, dat wie in âld-omke fan my. Hy en syn earste frou hienen togearre in bern. Dat wie har earste bern. Dat bern gûlde nachts altyd. Dat klonk sa eangstich, dat sy makken har ûngerust. Doe gong Sibe-om nei Rottefalle ta, dêr wenne Frânse Hinke, dat wie in duvelbanster. Dat minske joech him in fleske mei drank mei. Sy sei: "Dêr matte jo tige...
nl.verhalenbank.22294
Neist sa'n hûndert jier wie ús mem har âldste suster, dy't yn 'e Harkema wenne, slim siik. Hja wie tolve jier âld en koe net wer better. De heit (Aise van der Heide, in tige froom en leauwend man) gong skean de paden del nei de duvelbander fan de Ham, hwant sy wienen har rie to 'n ein. Hy krige in drankje mei en sette dêrmei op hûs ta. Mar ûnderweis...
nl.verhalenbank.21328
Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha. 't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander. Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west." "Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake. "Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse....
nl.verhalenbank.22190
Alde Knjillis Ael kocht us in bêd by in boer yn 'e Ham, dy hienen in bern hawn, dat wie deatsjoend. Yn dat bêd sieten de krânsen noch. Dy krânsen koe men foar in dûbeltsje by Knjillis Ael sjen.
nl.verhalenbank.19527
Myn omke - Thys-om - is al lang dea. Mar hy hat in bern hawn, dat wie bitsjoend. Doe gong Thys-om nei in duvelbander yn 'e Rottefalle om guod. Dy duvelbander sei: "Hjir is in drankje. Mar tink der goed om, ûnderweis kin der wolris hwat wêze, dat dat drankje kapotmeitsje wol." Thys-om wie oer iis, hy hie de redens ûnder boun. Doe't er werom kom fleach der...
nl.verhalenbank.25901
Der wie us in winkelfrou yn 'e Harkema, dy liende moal en oalje oan in oare frou, dy't by har yn 'e winkel kom en pankoekbakke woe. Doe't se drok oan 't bakken wie, kom der in kat by har oan. Dy kat sei: "Pankoekbakke en 't moal to boarch, kin dat bistean?" De frou sei: "Ja, wol poes ek ien ha?" En hja smiet de kat in gleone pankoek om 'e kop. De kat...
nl.verhalenbank.21239
Op 'e Bulten wennen minsken, dy hienen in bern, dat woarde siik. Der kom gauris in âld minske by harren, dat wie in buorfrou. 't Wie Alle Tet, in âld tsjoenster. Sy tochten, 't bern kin wolris bitsjoend wêze. Sy gongen nei Kûkherne. En ja, Wopke sei 't bern sit ûnder forkearde hannen. Hy joech in drankje mei en sy krigen de rie: duveldrek ûnder 'e drompel...
nl.verhalenbank.28556
Op 'e Bulten wie in bern bitsjoend. De heit gong nei de duvelbander greate Wopke ta. Wopke joech in drankje mei. Hy sei: "De earste dyst moarnmoarne tsjinkomste sil dy freegje: - Hwer hast hinne west? - dy hat it bern bitsjoend." It wie Alle Tet (de frou fan Alle Wagenaar, dy't him de oare moarns it earst dêr nei frege).
nl.verhalenbank.22220
Alle Tet wie in greate tsjoenster. Sy koe harsels yn in pod foroarje. Sa kom se dan by de minsken op bêd. Sy wie de greatste tsjoenster fan 'e Harkema. Mar âlde Eke wie ek in tsjoenster. Dy hat us in bern bitsjoend. It bern woarde gammel en siik. Doe gong de man nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie dêr de duvelbander, dêr reizgen se út 'e Harkema...
nl.verhalenbank.19559
Janne Heabel har mem wie ek in tsjoenster. Op in nacht woarde har man wekker, doe lei der in pânse njonken him op bêd. Hy tocht: Hoe kin dit en hwer mei myn wiif wêze? Hja wie der op út to tsjoenen. Doe ha se har ûntmaskere. Hja hat in bern deatsjoend. Dêr hie hja dy nachts west. De man stuts de pânse mei in mes dwarstroch. 't Wie allegear wetter. Doe't...
nl.verhalenbank.28664
Myn âldste suster Janke hat ek bitsjoend west. Wy wennen yn Stiensgea doetiids en ik wie noch net geboaren. Janke wie noch mar in bern. Hja tsjirme. Hja woe net oanwinne en raesde altyd. Der wenne dêr in âlde bolkoerrinster, dy hie wakker de rin by ús. Dy woe altyd even by 't popke sjen. Dan kom se yn 'e hûs en nom Janke even yn 'e earms. Heit bigong har...
nl.verhalenbank.32952
Yn 'e Harkema wenne in frommes, dy wie mar allinne thús. Har man wie nei stêd ta. Hja tochte: "Ik mat mar pankoeken bakke." Mar omdat it moal op wie, gong se nei de winkel en boarge dêr in poun, hwant har man hie de sinten by him. Wylst hja oan 't pankoekbakken wie, kom der in giele kat om 'e hoeke fan 'e doar en dy bigong tsjin har to praten:...
nl.verhalenbank.21252
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom." Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf." Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke. Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
31