Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
65 datasets found
Dutch Keywords: ziek koorts
Ben Kleissen: Watn pastoors konn tegn n veur aandern tegn zeekten, dat wördn vroger mangs zegd. M. is dat en den koomp hier mangs op visiet. T.meuj en J.oom, n joonk peard vuur de zealwaag, komt ’s oavnds bie oons en goat nog wa oardig laat wierum en doe onderweg zo tusken tied, houwt he 't peard met de lien op t gat en zie zatn vuur met de been op t...
nl.verhalenbank.128513
De koarts krigen de arbeiders op 'e klaei: de klaeikoarts. De koartsen bigongen as de stoppel bleat kom.
nl.verhalenbank.19693
Yn Sappemeer wenne in doomny, dy syn frou krige de typhus-koarts. Sy krige it sa bot, dat sy stoar der oan. Doe moest se bigroeven wurde. Doomny ornearre, sy moest de dikke trouring mar om hâlde en sa biïerdigen se har. De deagraver hie dy ring sjoen en hy liet it graef iepen. De jouns snie hy har de finger ôf, fanwege de ring omt hy him der oars net ôf...
nl.verhalenbank.23452
Piter Scheper fan Houtigehage koe de minsken de koarts ôfnimme. Hy brocht de koarts oer op in beam of in bjintepôlle. Dy beam (of de pôlle) bigoun dan to triljen en to skodzjen fan 'e koarts.
nl.verhalenbank.32832
Piter Scheper nom de minsken de koarts ôf. Dat wie gjin smoesje. Hy brocht de koarts op in beam oer. Dy beam gong dan letter dea.
nl.verhalenbank.27581
It gebeurde wol dat manlju de trêddedeiskoarts hienen. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Dy frege: "Ha jim nei de klaei west?"
nl.verhalenbank.20588
Rypke Paulusma fan de Tike kom altyd mei de koarts werom fan 'e Grinzer klaei. Dat neamden se de klaeikoarts. Knjillis Wytses fan Sumar hie dêr in âld resept foar, dat tige holp: Sy moesten har eigen wetter drinke, dan wienen se de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.32601
Piter Schepers hat hjir stille plysje west. Dy koe mear as in oar. Op in kear wie der in jonge, dy hie de koarts. "Hastû de koarts, jonge?" frege der. "Ja", sei de jonge. "Woest dy wol kwyt?" "Jawol", sei de jonge. "Nou dan moat dizze bjintepolle dyn koarts mar ha. Hy krige de bjintepôlle, en sloech earst mei de hân tsjin 'e jonge oan, doe tsjin 'e...
nl.verhalenbank.17656
Der wie us in doomny, dy moest gauris nei in oar plak ta to preekjen. Dan hâldde er meastal deselde preek. Sa hied er al trije kear preke oer de skoanmem fan Petrus, dy't mei koarts op bêd lei. Op in kear stie er yn 'e tún. Dêr hearde hy de klok lieden. "Wie mag daar gestorven zijn?" seit er. "Zeker niet een van mijn gemeente, dan had ik het wel geweten."...
nl.verhalenbank.23444
Minsken koenen de koarts fan 'e heide krije. Dat neamden se dan de heidekoarts. As men yn 't foarige nei Grinslân ta gong to arbeidzjen op 'e klaei, dan krige men dêr in bulte de koarts om de trêdde dei. Dat wie de trêddedeiskoarts.
nl.verhalenbank.21124
Wy mochten froeger noait in eintsje tou opkrije, dêr't trije knopen yn sieten. Oars krigen wy de koarts, sei mem.
nl.verhalenbank.24058
IKB: Je moest in Indonesië geitenkeutels eten om van de malaria af te komen. FK: Je kan het niet tegenhouden, je blijft trillen. Je deed de geitenkeutels in een banaan. Toen knapte ik op.
nl.verhalenbank.30944
Dy't de koarts kwytreitsje woe moest it boarst en de hals ynsmarre mei reade jiske.
nl.verhalenbank.36311
As fanke gong ik mei nei Appingedam ta to wjudden. Dêr ha 'k de koarts opdien. Thús haw ik de koarts wer útspijd, doe wie 'k him foargoed kwyt.
nl.verhalenbank.22172
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
As men de koarts krige, dan nommen wy in jerntried (stoptried) en leinen dêr trije knopen yn. Dan hienen wy de koarts dêryn biknope. Hoe moaijer tried hoe better. Dy tried leinen wy yn 'e hage. As dan in oar dy tried dêr weikrige, dan hie dy de koarts. Wy mochten noait in tried opkrije of in touke, oars brochten wy de koarts yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.12338
Yn 'e buert fan Hoogkerk wenne in man dy koe ien de koarts ôfnimme, dy brocht er dan oer op in beam.
nl.verhalenbank.26077
Koartswolkjes sitte oan 'e loft. Dy komme dan nei ûnderen en bringe de minsken de koarts. Der komme dan in pear drippen rein, dêr sit de koarts yn.
nl.verhalenbank.31047
Hie men de koarts, dan koe jin dy ôfnom wurde. Der wie yn 'e Westerein ien, dy kom by in koartslijer. Hy frege: "Bistû siik?" "Ja," sei de oare, "ik ha de koarts." "Wolst dy graech kwyt?" "Ja", sei er. "Dan winskje ik de koarts op dy beam", sei de oare. En hy wiisde in beam oan. Doe bigong dy beam to skodzjen. Dêr hied er de koarts op oerbrocht. De...
nl.verhalenbank.20918
As ien de trêdde-deis koarts hie, dan gong er nei Piter Scheper ta. Hy hie achter hûs in elzene beam stean op in stamme. Hy nom de pasjint mei dêrhinne. Dy moest mei de rêch nei de beam ta stean gean. Hy mocht net nei de beam sjen. Dan gong de koarts op 'e beam oer. De pasjint wie de koarts kwyt, mar de blêdden fan 'e elzene beam bigongen to ritseljen, ek...
nl.verhalenbank.25096
35