Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
33 datasets found
Dutch Keywords: zeggen Place of Narration: Harkema
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter: "De tijd is er, maar de man is der nog niet." Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.34516
As minsken forkearde dingen by de ein hawn ha en se lizze op har stjerbêd, dan kinne se net stjerre. Dan matte se dat earst sizze. As der in knoop oan 'e klean naeid is op snein en ien dy't op it stjerbêd leit hat dat klaeijingstik oan, dan kin er net ta stjerren komme. Dan mat dy knoop der earst ôfsnien wurde.
nl.verhalenbank.19530
Alde Rykele Myt wenne op 'e Skieding. Dy gong foar in tsjoenster troch. Jan Kobus fan Surhústerfean woe soks net leauwe. Simmers helle er turf fan Compagnonsfjild. Doe gong er us in kear nei har ta. "Se sizze, dû bist in tsjoenster", sei er. "Mar ik leau it net." Hy wie botte toarstich en krige in pear bakjes kofje fan Myt. Doe sette er op hûs yn. Mar...
nl.verhalenbank.17519
Mike Ruerd wie in raer man. Op in kear wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Doe sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." De jouns soed er nei hûs ta. Hy hie 't ridskipsbakje op 't skouder. Hy roan de Skalkepaedtsjes del om yn 'e Harkema to kommen. Hy moest forskillende houtsjes oer. Doe stie der op ien fan dy houtsjes in juffer. "Rûmte!" sei Ruerd....
nl.verhalenbank.29351
Yn 'e Ham wienen Ruerd van der Veen en syn hantlanger. Hja wedden der om, hwa't it it raerste opsizze koe. Ruerd hie syn eigen wiif it boarst yntrape. Hja woarden beide smiten.
nl.verhalenbank.23668
Der wie in man, dy siet yn it lân to melken. Doe kom der in frou oan. 't Wie waerm waer en dy frou hie och sa'n toarst. Hja tocht: "Hie 'k mar hwat to drinken." Doe't se dy man dêr sitten seach to melken, frege se: "Ha jo ek hwat molke foar my?" "Né," sei de man, "ik kin de molke oars wol brûke, dêr krije jo gjin fan." Doe hearde dy man sizzen: "Geef die...
nl.verhalenbank.25556
By de brêge fan Readskuorre ha de minsken ris in stem heard dy't út 'e feart weikom: "De tijd is verstreken, en de man is der niet." Fuort dêrnei is Japik Schorsje dêr fordronken yn 'e kolk.
nl.verhalenbank.23523
Us heit (skoanheit) siet froeger yn 'e tsjerkerie. Doe moest er ris mei guon nei Amsterdam nei de klassisforgadering. Dat wie doe mei Geelkerken en 't Hersteld Verband. Skoanheit hie noch noait fierder west as Drachten. En hy hie nei de Grinzer Klaei west to wjudden. Mar Hollân dêr hied er noch noait in foet set. Doe't er yn Amsterdam kaem, sei er fuort:...
nl.verhalenbank.28674
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre. In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
nl.verhalenbank.31545
Heit pleage ús froeger wol as wy der by joun op út moesten en wy wienen hwat brutael. Dan sei er: "Ast net om lyk wolste pakt it pleachbeest dy, hwant dat rint dêr en dêr."
nl.verhalenbank.29336
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear. Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
Yn 'e Hamster Pein wenne in boer dy ried by winter op 'e Wide Pet op redens. Doe hearde er dêr út in wek in stim weikommen: De tijd is verschenen, de man is er niet. Gauachtich dêrnei kaem der in man oanriden dy't yn dat wek ried.
nl.verhalenbank.17546
Ruerd v.d. Veen wie in raer man. Hy wie nergens bang foar, sei er. Op in joun kom er fan 't Bomkleaster. Dêr hied er timmere. Doe hat de duvel him mei 't bakje mei timmergereedskip en al yn 'e sleat goaid. Dit gebeurde op 'e Skalkepaden.
nl.verhalenbank.29330
Yn 'e Harkema hat in timmerman wenne, dy hiet fan Ruerd v.d. Veen. Dy sei: "Ik bin fan 'e duvel net bang." Doe ha se him sa bot smiten, dat hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.25734
Doe't ús mem in famke wie, hearde se bern sjongen en sy seach ek ljochtsjes. Sy rôp beppe der by en sei: "Mat mem hjir us sjen, sa'n moai ljocht is dêr." Sy hearde dúdlik it getrappel fan berneklompkes en dat der sein woarde: "Jullie moeten stil zitten." Yn werklikheit wie der doe neat. Mar letter hat âlde Warmolts op dat plak in lyts tsjerkje bouwe...
nl.verhalenbank.21222
Bokke Noordman kom ris op in kear dronken thús. 't Wie yn 'e nacht nei tolven. Hy sei: "Tussen twaalven en enen is alles op de benen." Doe't er dat sein hie hie 't ynienen njonken him troch de beammen hinne sûze en dat wie sa bleaun oan syn hûs ta. Hy hie deabinaud west, hwant de kweade hie him dat lapt.
nl.verhalenbank.33418
In wikseldaelder rekke noait op. Mar jy moesten him noait hielendal út jaen. Dy't in wikseldaelder ha woe gong mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne. Dat died er trije kear. En dan rôp er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear wie der ien, dy nom de kat en hy krige der in wikseldaelder foar yn 't plak.
nl.verhalenbank.29333
Der stienen us guon by de Skûlenburchster brêge ûnder Eastemar. 't Wie yn 'e winter en der lei iis. Doe hearden se in stem út 'e Burgumer Mar wei, dy't sei: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Fuort dêrnei ried der ien op redens yn in wek en forsûpte.
nl.verhalenbank.23941
Yn Droegeham wenne yn myn bernejierren in âld minske, dat hiet fan Willemke. Ik wyt noch dat se us in kear fortelde fan in lûd út it wetter. Der woarde sein: De tijd is verstreken, de man is der niet. Doe wie der even letter ien fordronken.
nl.verhalenbank.26152
Sterke Hearke wie hwat oan 'e luije kant. Hy hat ek plysje west. Op in kear wied er oan 't ploegjen. Hy hie ien hynder foar de ploege hawn, hy loek sels mei. Doe wie der in reizger oankaem, dy frege him hwer't Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân rjocht útstutsen en sein: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.23957
35