Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: wonen Place of Narration: Houtigehage
Piter Scheper (1871-1951 A.A.J.) wenne op Luchtenveld (Houtigehage). Hy wie in duvelbander.
nl.verhalenbank.25596
Sterke Hearke wie in kear op 't lân oan 't ploegjen, tichte by de reed. Doe kom der in keardel oan, dy sei: "Kinne jo my ek sizze hwer't Hearke wennet?" "Jawol", sei Hearke. Hy krige de ploege en dy stiek er rjochtút en hy sei: "Yn dat hûs wennet er." (Sa'n ploege woech in trijehûndert poun)
nl.verhalenbank.23734
Op 'e hoeke fan 'e Houtigehage wennen froeger Sjoerd Frânses jonges, Jan en Auke. Dy wennen dêr mei har heit en mem. Auke en Jan gongen der in bulte togearre op út to mollefangen en to murdejeijen. Op in nacht wienen se togearre op 'e Skieding by de Jankedobbe to murdejeijen. De hounen founen in murd, mar sy woenen net nei dy murd ta. Doe sprong der Auke...
nl.verhalenbank.37693
Yn 'e Liuwe-poel yn 'e Harkema siet in dier, dat kom altomets us út 'e poel wei. 't Wie in monster. Dêr tichteby wenne in frommes, dy wie dêr o sa bang foar. Op in kear kom it monster by har yn 'e hûs en 't gong op in stoel sitten. Doe ha se it hûs forbouwe litten mei de achterein nei de poel ta.
nl.verhalenbank.24563
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Hy wie in kear oan 't ploeijen, doe kom der ien oan, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploech optild en foar him útstutsen en doe hied er sein: Sjoch, dêr wennet er en hy stiet hjir foar jo.
nl.verhalenbank.23782
Okke v.d. Berg - in hurdrider - wenne op 'e Veenhoop. Syn wiif hong krekt de ierpels oer. "Och heden," sei se, "nou ha 'k gjin sâlt yn 'e hûs, nou matte wy de ierpels flau ite." Sy wennen yn in skip. Okke sei: "Ik sil wol gau even sâlt helje." Hy boun syn redens ûnder en ried oer iis nei Ljouwert om sâlt. Doe't er wer thús kom, wienen de ierpels noch net...
nl.verhalenbank.24036
Soms foroaret in tsjoenster har yn in dikke swarte kat. Op in biezumstôk ride se troch de loft. Yn 'e Houtigehage wenne in mem mei in dochter, dy't beide fleane koenen, nei't se seinen. Binnen de sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoend ha, oars giet se der sels oan.
nl.verhalenbank.37462
Blauwbaard wenne op 'e oare ein yn Haulerwyk, flak tsjin Feanhuzen oan.
nl.verhalenbank.24033
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale. Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme. 't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
nl.verhalenbank.37461
Hearke wie us oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der ien by him. "Hwer wennet Hearke?" frege er. Doe hat Hearke de ploech by 't sturtein beet krige en sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25598
Taeke Stienstra wenne yn 'e Houtigehage. Der wennen in soan en in dochter by him yn, dat wienen broer en suster fan Auke Stienstra. Hja hienen dêr buorkerije. Dy broer en dy suster ha har dêr beide fan kant makke. De broer hat himsels de hals útsnien en de suster hat har ophong. Sûnt dy tiid spoeket it dêr altyd. De minsken doarsten dêr jierrenlang net...
nl.verhalenbank.37798
Der wie us in man, dy woe nei Sterke Hearke ta. Mar hy wist net hwer't er wenne. Doe seach er in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Hy frege him: "Kinne jo my ek fortelle, hwer't Sterke Hearke wennet?" "Jawol", sei dyselde, en hy krige de ploech fan 'e groun en wiisde dêrmei nei in hûs. Sjoch, dat hûs, dêr wennet Sterke Hearke," sei er, "en dit is de...
nl.verhalenbank.28044
35