Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
64 datasets found
Dutch Keywords: werken horen
Heit fortelde, op it Skier yn 'e Westerein, dêr wenne Gerrit Veenstra. Dy syn heit, dat wie Fokke Veenstra. Dy wie fuorman en ôfgryslike sterk. Se wienen ris yn 'e Westerein mei it spoar oan 'e gong. Der waerden nije rails tusken lein. Dat wienen hiele lange einen. De spoarwurkers, dy't dêr mei dwaende wienen, hienen heard dat Fokke tige sterk wie. Se...
nl.verhalenbank.38463
Ik ha wol plakken kend, dêr hearden se nachts altyd de tsjerne gean. Dat wie yn Boelensloane.
nl.verhalenbank.29396
Dêr't nou de Betonwei is yn 'e Harkema, dêr ha wy froeger wenne, tsjin it hûs oer dêr't Ate Stoarm wennet. Soms hearden wy dat der by ús yn 'e nacht flaechs nei de souder droegen woarde. Dan gong 't even letter wer op in braekjen.
nl.verhalenbank.28077
Op 't sté, dêr't nou de plaets fan Tsjalling Wiersma stiet, ha se fan tofoaren timmerjen heard, foardat de plaets der stie. Sy ha dêr sneins en deis trochtimmere oan dy pleats. It sizzen is, dat sa'n plaets iens opbrânne mat, omdat der op snein oan timmere is. Mar it is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.19902
Ik haw hjir in ein fierderop wenne yn in hûs, doe wie 'k izerkooopman. 2 jier ha 'k dêr tahâlden. Mar wy woenen dêr graech wei. 't Wie dêr net út to hâlden. As wy jouns healweitsienen op bêd leinen, dan gong 't der njonken ús alderheislikst oan wei. 't Wie krekt as smieten se mei grouwe bolstiennen. Altyd wie dat leven dêr, en der wie noait hwat to sjen....
nl.verhalenbank.10675
Mien voader ging noar Moarum in betrekking, bij sien oom. En doe sei hij: Sy binne yn 't karnhuus. Hij hoorde duudlik de karn goan. 't Was overdag. Doe gingen sij der met elkoar heen om te sien. Toen was der niks.
nl.verhalenbank.28049
Even foar de oarloch fan '14 op '18 wienen myn broer Harm en Bjinse en Jan Sikkes Sjoerd mei har trijen oan 't kuijerjen yn Moarmwâld yn 'e nacht tusken alve en toalve. Doe wie der in klok bigoun to lieden. Sy seinen: "Hwat is dat?" It duorre net lang, doe letten de klokken oeral. Yn Ikkerwâld, yn Moarwâld, yn De Geast, 't wienen allegear klokken dy't...
nl.verhalenbank.27434
As wy nachts hearden dat it op in flaechsbraken gong, koe men der mar fan op oan dat it de oare deis gebeurde.
nl.verhalenbank.26049
By ús heit en dy hearden se earen, as se braekje soenen, fan tofoaren de lûden fan 'e brake al.
nl.verhalenbank.32955
Jehannes Meerstra koe bûksprekke. Der waerd froeger Sûkerij opgroeven en dat gong nei 't sûkerij-fabryk ta. Se wurken der nachts en deis altyd troch. Op in nacht wienen se oan 't kofjedrinken. Jehannes Meerstra wie der ek by. Doe sei ien fan 'e arbeiders: "Ik hie wol sin oan pikelhearrings." Hja sieten to brea iten. Doe hearden se ynienen de...
nl.verhalenbank.38048
Wy ha us op 'e Grinzer klaei by de boer west, doe gong dêr yn 'e nacht hyltyd de tsjernmoune.
nl.verhalenbank.25621
Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwal hat lytsfeint west op it Wâld. Dat wie in buorkerij, dy stie in ein it lân yn tusken Hurdegaryp en de Simmerdyk. Hy is der nou wei. De Kaiserdyk roan der hinne. Folkert Aens Algra wie dêr boer. Moarns mei kofjedrinken rôp it wyfke altyd: "Folkert!" Dan kaem har man yn 'e hûs. Op in moarn rôp se wer ris: "Folkert."...
nl.verhalenbank.17693
It gebeurde hjir faek, dat de tsjerne út himsels gong yn 'e nacht. Sa hearde it krekt, mar kamen se der by, dan wie 't sa net. 't Wie foargespús.
nl.verhalenbank.30403
Doe't ik sahwat tsien jier âld wie, hearden ús heit en ik op in plak by in barte yn Broek minsken praten. Dy wienen dêr oan it wurk. Mar doe't wy omseagen wie der neat. Letter kaem dêr in hûs to stean.
nl.verhalenbank.20065
Ik kom ris yn 'e nacht Houtigehage del. 't Wie oeral donker. Se wienen oerdeis mei in nij tsjerkje oan 't bouwen. Dan gong it drok op in timmerjen. Mar ik hearde dêr dy nachts klear dat se mei balken en planken oan 't smiten wienen. It bounze der oer.
nl.verhalenbank.25322
Pake fan Readtsjerk wie oan 't turfmeitsjen tusken Readtsjerk en Feanwâlden. Doe hearde er gebolder yn 'e loft. Doe sprong er út 'e feandobbe wei op 'e kant om to sjen hwat it wie. Doe seach er in wolkje oan 'e loft, dêr kom it gebolder út. It oare jiers kom de trein der. Dy makke krekt itselde lûd. It hie dus foartjirmerij west.
nl.verhalenbank.20926
Myn omke wie boer op 'e Tike. Faker as ien kear is 't gebeurd, dat it dêr yn 'e nacht op in terskjen gong yn 'e skuorre. Dat wie foartsjirmerije, hwant de oare deis tursken se echt.
nl.verhalenbank.21184
By Warfstermoune stie in boereplaets, dêr wenne in boer op, dy wie âldfeint. Hy wie tige ryk en leefde dêr mei in húshâldster. Guon hjir út 'e Wâlden kommen dêr alle jierren by him yn 't wurk. Sy slepten dan nachts dêr yn 'e skuorre yn 't strie. Mar sy hearden dêr nachts altyd hwat. Op in kear doe seinen se tsjin 'e boer. Sy koenen nachts noait rêstich...
nl.verhalenbank.25721
Ik wie in fanke fan in jier of 14, 't wie yn 'e nacht, ik lei op bêd. Ik wie wol klear wekker, hwant ik siet op 't lêst yn bêd, sa bang waerd ik. Ik tocht: se binne hjir yn 'e skuorre oan 't terskjen, ik hearde it hiel dúdlik. Mar 't wie net sa fansels, hwant dat koe net. De oare moarns ha se dêr terske. Ik hie 't dus de nacht tofoaren al heard.
nl.verhalenbank.31797
Ik troude sa'n sechstich jier lyn mei in wyfke fan Hurdegaryp. It fanke hie oars noch noait hwat dien as by de huzen lâns naeije. Wy krigen hjir in nij hûs op 'e Tike. Ik moest nei de Fryske klaei ta to meanen, it wyfke bleau sa lang thús. Ik hie de wyks fan to foaren in hage by de hiele reed lâns boud. Doe soe dêr in skroat bovenoan. Mar dat hie 'k net...
nl.verhalenbank.23152
35