Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: weg Place of Narration: Harkema
By 't Spûkeloantsje by de Langeastloane to Eastemar rint altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals neffens it sizzen. As jo dy fôlle yn 'e wei rinne wurde jo oerside set. Ek op 'e Mûzegroppewei rint sa'n fôlle mei in brijpot, en ek op 'e Drifte.
nl.verhalenbank.28807
By de grouwe ikene beam oan 'e betonwei spûket it. Dêr rint in wite gedaente om. Alde Aen Klokje (= Aen Alma ^) hat him sjoen. Navend, sei Aen. Mar hy hie neat sein. Hâld dy de bek dan, sei Aen batsk. Doe seach er om en de hiele wite gedaente wie fuort. Doe wie Aen bang woarn en makke er gau dat er thús kom.
nl.verhalenbank.15888
Op 'e Lange Loane ûnder Surhústerfean, dêr spoeke it. Dêr roan elke joune in minske mei in bûnte skelk foar en in mûtse op nei de dobbe ta. En dêr yn dy dobbe woardde se wei. Men seach har der net wer útkommen. Ik ha 't ien kear mei myn eigen egen sjoen, doe wie 'k noch in jonge.
nl.verhalenbank.12491
By de grouwe beam oan 'e betonwei spûket it.
nl.verhalenbank.12353
As wy froeger nei Eastemar ta gongen to skoaijen mochten wy noait de Swarte Wei lâns. Dat woe mem net lije, hwant dêr spoeke it. Wy moesten altyd de Boerestreek del.
nl.verhalenbank.12321
Tichte by Ljouwert oan 'e strietwei stiet in hek, dat noait ticht sit. Dêr spûkje twa neakene berntsjes om, dy dogge dat.
nl.verhalenbank.17707
Doe't Piter (Piter is har man) noch by my kom (tidens de forkearing) gong er op in kear even nei tolven by my wei. Syn âlden wennen yn in keetsje hjir net fier wei. Doe't er omtrint thús wie, tocht er: Der binne guon by ús op 't paedtsje. Mar hy koe se net ynhelje. Hy seach trije minsken en 't like him sa ta dat it syn heit en mem mei syn suster Iebel...
nl.verhalenbank.15876
7