Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: waarzeggen trouwen
In swarte spegel wie op 'e merken. Dat wie wiersizzerij. It fanke dêr't de man mei trouwe soe, kom der foar. Dat kloppe altyd.
nl.verhalenbank.36075
Dy't yn 'e swarte spegel sjocht kin gewaer wurde mei hwa't er trouwe sil.
nl.verhalenbank.38659
Yn Oerterp wenne in boeredochter. Dy rekke der út to tsjinjen by in dûmnysmefrou yn Ljouwert. Sy hie dêr in bêst plak. Op in kear wie 't Ljouter merke. Doe stie dêr in tinte, dêr wie in toverspegel yn. Dêr koenen se de takomst yn sjen. Doe't dy boeredochter dêr foar kom to stean, seach se ien, dy koe se wol. Dat wie Ruerd Planting. Doe't se him seach,...
nl.verhalenbank.12210
Pake hat twa kear troud west. Syn twade wiif gong ris in kear nei de merk ta. Doe wie se noch net troud en sy koe pake noch net. Doe kom se yn in tintsje, dêr siet in wiersizter yn. Dat wiif fortelde har, hja soe trouwe mei in lange greate, bleke man. Dat is krekt sa útkom. It minske lies it út beppe har hân.
nl.verhalenbank.37898
Mei de swarte spegel kom it net altyd út. Yn 'e Ham wenne in al hwat âldachtige fint, dy wie kreupel, net flink. Hy gong mei Hamster merk yn 'e tinte en seach yn 'e swarte spegel. Doe seach er in kiste. Mar hy is letter doch noch troud. It kom dus net út.
nl.verhalenbank.21380
Op 'e merk yn in tintsje koenen jo yn 'e swarte spegel sjen. Dan wisten jy mei hwa't jy trouwe soenen. Mar ik ha noait yn sa'n tintsje west.
nl.verhalenbank.37936
Wy gongen as fammen wol nei de wiersizter. Dat wie de widdou Plantinga. Wy moesten in dûbeltsje jaen om de takomst to fornimmen. Hja koe kopkekike. Hja seach yn 't kofjedik. Hja sei: Dat acht je net, Dat foracht je net En dat ûntgiet je net. Dêr is in swarte jonge, dêr is in blonde jonge, dêr komt in brief. Froeger op Ljouwerter Merke wie in tinte, dêr...
nl.verhalenbank.33764
To Nijebrêge wenne Hinke Kaert, dat wie in bikend wiersizter. Myn broer en ik en noch ien ha der us mei ús trijen hinne west. Myn broer wenne yn Dútslân. Ik soe der ek hinne foar de simmermaenden. Ik gong it earst nei Hinke ta fan 'e trije. Hinke telde de kaerten. "Jo ha der ek al jong by west", sei se. "Hoesa?" frege ik. "Jo ha al yn 't bûtenlân west."...
nl.verhalenbank.20797
Op 'e merke wienen froeger wolris tintsjes, dêr siet de swarte spegel yn. Dy't dêryn seach krige it byld to sjen fan 'e man of de frou, dêr't er mei trouwe soe. Ek guon, dy seagen har eigen lykstaesje dêr yn.
nl.verhalenbank.12527
Twa pearkes út Aldegea gongen ris nei Hinke Kaert ta to Nijebrêge. Hinke koe de takomst foarspelle. It wienen boeredochters, de fammen en ik tsjinne by de âlden fan de iene. Ik sliepte nachts ek by dy faem. Hja fortroude my altyd alles ta. Doe 't se by Hinke Kaert west wie fortelde se my har wederfaren. Hinke hie sein: Dêrstû mei trouste, dy moat ûnder...
nl.verhalenbank.9650
In de Beemster was kermis. Er was een waarzegster. Verschillende paren gingen er heen. Ze konden dan in den zoogenaamden zwarten spiegel hun bruigom of hun doodkist etcetera zien. Eén meisje riep de vrouw evenwel apart en zei: "Voor je in den spiegel kijkt, moet ik je wat zeggen. Jij bent arm, maar een rijk heer uit Gelderland zal op je verlieven. Jij...
nl.verhalenbank.8814
Toe ik bé’j Veenhuus in Huse as smidsknechje diende, was er nog ’n knech bé’j die smid. Op ’n keer sproke we samen af um es nor ’n woarzegster in Oarem te goan. ’t Was alleen mar uut spitsboeveré’j. Toe we bé’j de vrouw kwame, liet ze mien ers ’n foto zien. En ze zèj: “Hier, die foto is van een meisje, waar je later mee zult trouwen”. Ik keek er heel goed...
nl.verhalenbank.50192
35