Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: waarschuwen Place of Narration: Kootstertille
By uzes thús hienen wy altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Ien dy't dêr net oerhinne komme koe, wie in tsjoenster. Fan in tsjoenster moest men neat oannimme. Iet men hwat fan in tsjoenster op, dan wie de kâns great, dat men bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.29554
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
In minske moat by joun of by nacht noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin er in rare reis meitsje. Dan rinne jy by in lykwein op en ploffe der achter wer by del. Men kin ek wol oan kant skoud wurde.
nl.verhalenbank.22317
In skoansoan fan my wie noch sa'n jonge. Dy flokte wol faek ris. Doe sei syn mem tsjin him: Astû nou hjoed wer flokste komt fannacht de duvel by dyn bêdsté. Doe stie dêr dy nachts by syn bêdsté in keardel mei in machtich bosk hier en dy hie de finger driigjend omheech. Fan binaudens krûpte de jonge mei 't gesicht ûnder 'e tekkens en hy hat noait wer flokt.
nl.verhalenbank.36759
Yn Twizel, yn 't Waeigat - dat is tusken de suvelfabryk en de herberch 'De witte kannen' roan froeger in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. As wy as bern jouns let noch bûten wienen, seinen se tsjin ús: "Tink der om, hear, oars pakt de fôlle mei de brijpot jim."
nl.verhalenbank.32671
Froeger seinen se: "Tink der om, rin noait midden oer 't paed, hwant dan kin 't wolris gebeure datst tsjin in lykstaesje oanrinste."
nl.verhalenbank.32665
Myn frou har pake ried ris op 'e bargewein nei Ljouwert ta yn 'e iere moarn. 't Wie op in freed en 't wie noch tsjuster. Doe frege der ûnderweis ien oft er mei ride mocht en dy kom njonken him to sitten op 'e wein. Doe't se in eintsje riden hienen sei dyselde: "Wy matte even oan kant gean, hwant der komt in lykstaesje oan." Pake wie oan kant gien, mar hy...
nl.verhalenbank.32664
Der kaem pake ris in jonge tsjin op in joun yn Twizelerheide. Dy jonge sei tsjin pake: "Tink der om, jo matte dêr net lâns gean, hwant de duvel stiet dêr yn 'e dykswâl." Der wienen mear minsken dy't dat mienden. Mar pake hat der noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.32667
As wy froeger to ticht by de sleat kommen, seinen se: "Dêr wei gean, oars pakke de kikkerts dy."
nl.verhalenbank.32668
Men koe in spylkaert fuortstjûre om in flesse drank to krijen. De flesse drank sweefde dan yn 'e harbarge om. Ien moest dan dy flesse oanpakke, mar net deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie. Oars gong dyselde dea.
nl.verhalenbank.22341
As der in pod op jou paed komt, wêz dan op jou hoede.
nl.verhalenbank.21670
Jantsje-mei-de-fearren siet yn 'e rogge. Dêr woarden wy as bern bang mei makke. Wy wienen deabinaud foar Jantsje en doarsten net iens by de rogge lâns.
nl.verhalenbank.20855
35