Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
77 datasets found
Dutch Keywords: waarschuwen nacht
Mem har beppe wie mei de helm geboaren. Hja woe noait lije dat mem en dy by 't tsjuster midden op 'e wei roannen. Hwant dan koenen se tsjin in lykstaesje oprinne en in rare stomp krije. Mem har beppe seach lykstaesjes fan tofoaren. Hja hat ek sjoen hoe't har eigen soan op in skip fordronken is. Hja sei de deis fan tofoaren noch tsjin him: "Dû mast der...
nl.verhalenbank.37750
Der woarde froeger altyd sein: Noait midden op 'e wei rinne by nacht. Dat wie fanwege de lykstaesjes.
nl.verhalenbank.33720
Der wienen wol mear lju dy't hwat seagen by nacht, sûnder dat dat bikend woarde. Ik ha faek fortellen heard, as sa'n ien ûnderweis wie mei in oaren, dat er dan soms sei: "Even oan kant gean." Dan seach er, dat der in lykstaesje passeare moest.
nl.verhalenbank.29802
Se seinen froeger algemien: noait midden op 'e wei rinne, hwant der kin ris in lykstaesje oankomme dy't men net sjocht. Dan wurde jo samar oan kant reage.
nl.verhalenbank.27998
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men wolris oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.33523
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette. En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Der waerd ús altyd foar warskôge noait midden op 'e wei to rinnen by nacht fanwege lykstaesjes.
nl.verhalenbank.36707
Ik woonde vroeger naast een boer en daar hadde ze last van de nachtmerrie. Rommele zus en rommele zo, maar iedere nacht ging dat paard onderstebove. Ik kon dat goed hore, want ik woonde vlak bij de paardestal. Ik had zo met die boer afgesproke as d'r wat an de hand was, dan waarschouw ik ie wel. Maar iedere nacht dat paard onderstebove. Ze maakte 't zo...
nl.verhalenbank.72637
Sint van der Veen wenne yn 'e Westerein, yn in âld houten keet. Alle jounen gong it dêr yn dy keet op in kaertspyljen. Dan wienen syn maten by him en it wie altyd wit hoe let yn 'e nacht foardat se ophâldden. It gong dêr sa bot op in sûpen en in flokken en in mâltjirgjen dat it wie in griis. Sint syn wiif lei dan al op bêd, mar it wie har o sa bot yn 'e...
nl.verhalenbank.19656
As ien dy't stoarn wie, in to lyts bierkleed oankrige, koe er de rêst net krije. Dan dwaelde er yn 'e nacht om en koe men him rounom tsjinkomme. As er jin de hân tastuts moest men dy fral net oannimme, net beet krije. Hwant dan rekke men jins hân kwyt. Men koe him wol hwat tarikke, in bûsdoek of sa. Dit fortelden lju fan 'e Westerein elkoar as se op...
nl.verhalenbank.29959
Der woarde ús as bern al yndruid: tink der om, rin nachts noait op 't midden fan in paed, mar altyd op 'e kant. Hwant oars kinne jim oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29385
Nachts mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men wolris tsjin in lykkoets oanrinne.
nl.verhalenbank.29637
Yn Readtsjerk, oan 'e Honderdreed stie in boereplaets. Dêr wennen in omke en in muoike fan ús yn. Dêr is us in kear ynbrutsen woarn by omke syn âlden. Sy hienen dêr in hurdsté mei stientsjes (blauwe tegeltsjes). Ien fan dy stientsjes wie der útnaem, en dêr wie in gleske foar yn 't plak kom. Wy ha der as bern wol faek trochhinne sjoen. Men koe troch dat...
nl.verhalenbank.22827
Men mat yn 'e nacht noait midden op 'e wei rinne.
nl.verhalenbank.24674
Ik haw ris west achter Úthuzen yn 'e wite spûkskuorre. De boer hiet fan Wiesterveld. Op in kear sei er tsjin my: "Dû mast dêr net by de stile lizze, Marten." "Ik sei: "Hwerom net?" "Dan wurdst optild," sei er, "en op in oar plak wer delsmiten." Doe ha 'k in oar plak opsocht om to sliepen.
nl.verhalenbank.27779
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne. Men rint dan de kâns dat men troch in lykstaesje oan kant reage wurdt.
nl.verhalenbank.31325
Der waerd altyd sein: Rin yn 'e nacht noait midden op 'e wei, hwant as der in lykstaesje oankomt kinst in rare gisel meitsje.
nl.verhalenbank.29519
Der woarde froeger altyd sein: Rin by nacht noait midden op 'e wei. Der kin wolris in lykstaesje oankomme, dy't dy oan kant reaget.
nl.verhalenbank.28203
35