Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
115 datasets found
Dutch Keywords: waarschuwen kinderen
As de bern to Jobbegea tichte by 't wetter kommen, seinen de greate minsken: "Tink der om, hear, der sit in rare keardel yn 'e sleat, dy lûkt dy der aenst yn!"
nl.verhalenbank.28274
Kwamen kinderen dicht bij het water, dan werden ze gewaarschuwd: Denk er om, de kikkers pakken je. Ook wel een snoek. Ook zei men de boeshappet pakt die, wanneer ze b.v. bij donker nog naar buiten wilden.
nl.verhalenbank.31254
Beppe hat us nei âlde Tet op 'e Bulten ta west om hwat nije kop-en pantsjes. Dy hie Tet to keap. De bern seinen: "Tink der om, mem mat der neat opite!" Mar beppe dronk der in bakje kofje op mei in grou klontsje der yn. Mar doe't se thús wie mei har kop-en pantsjes, treau se dy ús mem gau ta en sei: "Hjir pak dit gau oan." Tagelyk spuide se har hast it...
nl.verhalenbank.21457
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek oer de heide. As wy ûndogens wienen, sei heit: Pas op, jonkje, oars sil 'k de wylde lantearnens der yn litte.
nl.verhalenbank.31485
Kommen de bern by 't wetter, dan waerd der sein: Net to ticht by 't wetter komme, oars pakke de fisken jim.
nl.verhalenbank.31108
Heksen luipen dr bie de vleet. Je wörren woarschouwd veur dizze keerl en veur dat wief. Veural kinder wörren groag behekst. As n zaik kind n kraanse in t kussen kreeg, was t wel zeker. Dan zeden de mensen:“Nou, moar zai hebben t kussen open moakt en door zat n kranse in.” Dei kranse pakten ze dr den mit taange uut en deden hom in n pot. Pot wur op t vuur...
nl.verhalenbank.43213
Wy mochten as bern net op in pod traepje, hwant dan kaem der tonger, seinen se.
nl.verhalenbank.31524
Heit sei tsjin ús, wy moesten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't wol us passeare koenen. Ik ha my dêr hast altyd oan hâlden.
nl.verhalenbank.19861
Úlke wie in duvelbander, dy wenne oan 't Wyldpaed. Wopke wie in duvelbanner, dy wenne yn Kûkherne. Se gongen meast nei dy mannen ta as de bern bitsjoend wienen. Dan krigen se medesinen mei, meastal yn in fleske. Wopke sei dan: "Pas der goed op, hwant ûnderweis komt der in houn of kat of oars hwat, dy hat it op 'e drank gemunt. 't Fleske mat oan 'e...
nl.verhalenbank.25430
Tink der om, seinen se tsjin 'e bern yn 'e Westerein, as dy jouns let noch bûten wienen, gau yn 'e hûs, oars pakke de loddeaden jim. (op andere plaatsen is het doddeaden)
nl.verhalenbank.24048
Wy mochten froeger noait in eintsje tou opkrije, dêr't trije knopen yn sieten. Oars krigen wy de koarts, sei mem.
nl.verhalenbank.24058
Tsjin 'e bern seinen wy: Net by de poel komme, hwant dan pakt de healkoe jimme.
nl.verhalenbank.15871
Wy mochten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't ús oanrame koenen.
nl.verhalenbank.20376
Us mem sei altyd: tink der om, rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinst in stomp fan in lykstaesje krije.
nl.verhalenbank.30366
Kom net to ticht by de sleat, seinen se froeger tsjin ús as bern, hwant dan pakt dy greate kikkert dy.
nl.verhalenbank.18207
As wy as bern to ticht by de sleat kamen, seinen se: "Pas op, de kikkerts pakke dy." Wienen wy noch let bûtendoar, dan wie 't: "Gau yn 'e hûs, oars pakke de berndieven dy." Of: "de doddeaden pakke dy!" Kamen wy yn 'e rogge, dan seinen se: "Gau der út! It roggewyfke pakt dy!"
nl.verhalenbank.25192
As de bern froeger to ticht by it wetter kamen seinen de minsken: Tink der om, de kikkerts pakke dy.
nl.verhalenbank.31326
As de bern by 't wetter kommen, seinen de greate minsken: "Pas op, de kikkerts pakke dy."
nl.verhalenbank.28107
Froeger waerd der altyd sein: Traepje net op in pod, hwant dan komt der tonger. Hjir wenne in minske, dat hie altyd lêst fan racheljen. Doe joegen se har to rieden, hja moest in levende pod op it boarst ha. As bern hwat fan in tsjoenster opite, krije se in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.30402
Alde Boate Griet wie in tsjoenster. 't Wie in tante fan my. Fedde de Vries (de bikende krûdedokter) is letter yn har hûs kom to wenjen. Heit sei: "Noait muntsjes opite dy't dat minske dy jowt. Dy binne bitsjoend." Wy hienen duveldrek foar har ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24891
35