Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
71 datasets found
Dutch Keywords: vuur voorzien
Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
Minderts Tryn fan 'e Grinzer Pein sei us op in kear: "Sjoch, der brânt in hûs op." It wie it hûs fan Bareld Slotegraaf yn de Pein. Doe't se better taseach, brânde it net. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.27345
Hjirneist is us it hûs ôfbrand. Twa maenden fan tofoaren hie ik it al brânnen sjoen. Ik haw doe ús buorman roppen heard. Ik fortelde it in oare buorfrou. Dy sei: "It is net bêst dat dat gebeurt." Mar it gebeurde in pear maenden letter wol degelik.
nl.verhalenbank.23136
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Oan 'e Warreboskloane seagen in suster fan my en dy har man (Hindrik van der Meer) allegear fjûr boven in hûs. Mar yn werklikheit wie der gjin fjûr. Net lang dêrnei is 't hûs ôfbrând.
nl.verhalenbank.32417
Dizze herberch stie oan 'e koemerk. In pear jier foardat er opbrânde, seach Atse Veltman de koemerk fol reek. De wyn wie sa dat de reek dy kant oergong, en doch stie der neat yn 'e brân. Letter stie yndied de koemerk fol reek. Doe brânde de herberch op.
nl.verhalenbank.21870
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
Yn 'e Harkema seagen se in hûs brânnen. It wie it hûs fan Hindrik Dykstra. Letter is 't opbrând. Der binne ek noch bern yn forbrând. De frou wie doe krekt by oare minsken om in bakje kofje.
nl.verhalenbank.10676
Us heit seach op in kear it hûs brânnen fan Tsjibbe-om en Pytsje-muoi, dêr't nou Megiel en Aeltsje wenje, mar it brânde net. Binnen hiel koarte tiid is 't opbrând.
nl.verhalenbank.24504
Yn Jistrum is ris in hûs ôfbrând, dat hienen guon fan tofoaren al brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.27555
Oan 't Wyldpaed wenne Rinse Loonstra. Dy seach fan alles foarút. Op in kear sei er: "Der brânt wer hwat op yn 't koart." Hy hie in spultsje brânnen sjoen. Doe't er dat sei woarden de minsken binaud, hwant hy sei der net by hokker hûs it wie. Koarte tiid dêrnei brânde it op.
nl.verhalenbank.33518
It is jierren lyn. Ik en myn feint kommen us fan Sweagerfean. Wy moesten nei de Triemen ta. Wy roannen de Úlke-loane del by Swagerfean. Doe't wy sahwat midden op 'e loane wienen, en oer de feart seagen, seinen wy: "Sjoch, dêr is brân!" Dêr woenen wy hinne en sa kommen wy op 'e Trekwei. Mar dêr wie neat to sjen. Alles wie tsjuster. In jier nei dy tiid...
nl.verhalenbank.23086
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Atse Veltman fan Eastemar kom us op in nacht thús, doe seach er de koemerk fol reek. In skoftsje letter brânde 'Het witte paard' op. De wyn wie doe krekt sa, dat de reek oer de skoarstien gong.
nl.verhalenbank.21874
Wy wennen froeger yn Drachtster Kompenije. Dêr wennen njonken ús lju, dy hienen earder yn 'e Fianen wenne (yn Houtigehage). Dy frou fortelde ús, sy wie us ûnderweis ergens hinne - doe wenne se noch yn 'e Fianen - doe gong se even by minsken oan ûnderweis, doe hie se achterom sjoen doe wie se allemachtige kjel woarn. "O heden," hie se roppen, "ús keet...
nl.verhalenbank.24660
Alde Sybren Hofstra fan Aldskoat siet yn 't lêst fan syn leven altyd yn 't fjûr to hâlden. Dêr wied er binaud foar, hwant hy hie sjoen dat er nochris forbrânne soe. Op in kear siet er yn 't lân ûnder in koe to melken. It woarde swier waer en hy woarde troffen troch 't fjûr fan 'e wjerljocht.
nl.verhalenbank.28264
Ik wie us by myn suster yn 'e Falom. Sy sei tsjin my: "Sille wy us in eintsje 't lân del? It is sok moai waer." Ik sei: "Goed", en wy kuijeren hwat. Doe bleau ik ynienen stean. "Hwat is der oan?" sei myn suster. "Dizze kant fan jimme hûs stiet yn 'e brân", sei 'k. Mar doe't wy thús kommen, wie der neat to rêdden. Mar in wike letter is troch in...
nl.verhalenbank.21446
Op in joun soe 'k nei pake en dy ta, 'k wie in jonge fan sa'n jier of achttsjin. Ik slepte altyd by pake en dy. Geartom hie 'k by my. Doe seagen ik en Geart-om it hok fan Gjert van der Veen yn 'e brân stean. Dat wie hjir oan 'e Mellereed. Op in distânsje fan 200 meter seagen wy 't brânnen. Wy seagen 't glêshelder brânnen. Wy stapten hurd by pake en beppe...
nl.verhalenbank.33283
Douwe en Det wennen yn in hûs op Sumarreheide, dêr waerd fan sein dat it nochris opbrânne soe. Knjillis Sudema hie it brânnen sjoen, mar it stiet der altyd noch. Hy mat fier foarútsjen kind ha -
nl.verhalenbank.31961
Der is hjir op 'e Tike al us in hûs ôfbrând. Guon ha dat fan tofoaren al brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.23154
35