Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
24 results
Dutch Keywords: vrouw veranderen
Alde Tet fan 'e Bulten yn 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.29347
Alde Antsje Eggat (skelnamme) wenne by de Bouwetilster brêge yn 'e Harkema. Dat wie in tsjoenster. Sy foroare har samar yn in kat, seinen se. As bern wienen wy fjûrbinaud foar har. Alle Tet wie ek in tsjoenster. Dy koe har ek yn in kat foroarje. Hja wenne op 'e bulten.
nl.verhalenbank.27796
Tsjoensters foroaren har yn katten. Krige sa'n kat in opdonder, dan krige de tsjoenster in seare earm of skonk.
nl.verhalenbank.36667
Alde Melle Tsjibbe, dy syn wiif wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Op in kear ha se dy kat mei de pook slein. Doe wie 't âld-wiif de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.21336
Yn 'e Haerlemmer steech wenne Roele Antsje (de frou fan Roel van der Veen). Hja gong foar in tjoenster troch. Nachts hie se de boppedoar op in toutsje, krekt lang genôch, dat der in kat troch koe. Dat wie foar har sels, hwant hja foroare har faek yn in kat, nei't se seinen.
nl.verhalenbank.20808
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Kreeg je een appel van een old mins en dat olle mins was een tsjoenster en je lei die appel in een kast, dan was die appel een poar dagen loater feranderd in een spin.
nl.verhalenbank.27319
Der wenne by ús in âld-minske, dat wie Simke Mathuzen. Dat wie in tsjoenster. As se by de wei stie, doarsten wy as bern net by har lâns. As se ien hwat joech foroare dat yn in pod, seinen se. Men moast de earste hap útspije.
nl.verhalenbank.21032
Noch net sa mâlle lang lyn traktearre in âld wiif in jonge op pankoeken. Doe't er thús kom, bigong de jonge to koarjen. Dat wie syn gelok. It wienen allegearre slangehûden dy't der út kommen. It gebeurde yn 'e Harkema. Twa fan syn susters woarden doe sa lulk op it âld wiif, dat hja roannen nei har ta en seinen: "Nou silstû, âlde duvel, stjerre!" Mar it...
nl.verhalenbank.21250
Yn 'e Hamsterheide gebeurde it, dat in heit en in soan oan it braekjen wienen. Doe kom dêr in kat by har, dy wie wol twa kear sa dik as in gewoanenien. De heit krige in stok en sloech it beest sa bot, dat it bleau foar dea lizzen. De frou rôp de beide manlju yn 'e hûs om to kofjedrinken. Doe't se in setsje letter wer yn it braekhok kommen, wie de kat...
nl.verhalenbank.21251
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Der wie by ús ris in fremde kat, fortelde mem. Dy sprong by ús troch 't glês hinne nei bûten ta. Doe hied er him biseard. De oare deis roan der in âld minske mei de holle yn 'e doeken om. 't Wie âlde Minne Aef, in tsjoenster.
nl.verhalenbank.26202
De tsjoensters binne froulju mei reade egen. Ik haw ris mei ien praet, dy sei: Ik haw ris in nachtmerje fangd. Ik pakte 'm. 't Wie tsjuster. Doe kommen de lampen op. Doe hie 'k de swarte kat yn 'e hân. En dy wie samar ynienen fuort, sûnder dat se sjen koenen hoe't er fuortrekke.
nl.verhalenbank.25539
Yn 'e Houtigehage, oan 'e Skoallewyk wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. Sy fleagen samar even togearre oer de wyk hinne. Sy foroaren har soms yn katten. Op in kear sieten mem en dochter elk oan in kant fan 'e wyk. Sy wienen drok oan 't kreauwen en fechtsjen. Doe wienen 't beide katten. De oare moarns wienen mem en dochter beide gewond....
nl.verhalenbank.27517
Alle Tet koe har yn in kat foroarje en dan raesde se hiel bot. Mei oare katten hâldde se in forgadering, der wienen soms wol tsien katten by Tet. Dan bigongen se meiïnoar to sjongen. It gebeurde wolris dat se in kat sloegen, dan siet Tet de oare deis ûnder 'e blauwe plakken.
nl.verhalenbank.29338
Hjir hat in tsjoenster wenne dy koe har foroarje yn in kat. Har man wie boer. Dy kom us op in kear thús ta de achterdoar yn. Hy gong de mjilling del en doe seach er in swarte kat. Hy joech dy kat in skop, dat dy bleau lizzen to jammerjen en to razen. De oare moarns siet syn eigen frou mei de earm yn 't wynsel. Hja wie de tsjoenster.
nl.verhalenbank.25663
Alde Sjoerde Ael wie in suster fan Stammerige Harm. Dy koe har yn in kat foroarje. It is hjir ris gebeurd dat ien in kat op in joun in goeije opdonder joech. Doe wie der de oare deis in âld-wiif kreupel.
nl.verhalenbank.29821
Hjir neist ús wenne in âld man. Syn wiif Aeltsje wie in greate tsjoenster. Op in kear wie se to bakerjen achter Burum. Hy lei op in nacht achter 't sket to sliepen. Dêr kom Aeltsje oan. 't Wie yn 'e nacht. Hy woarde wekker. Hy wie alderôfgryslikste lulk, doe't er har seach. Sy woe him in pepermuntsje jaen, mar hy sei: "Mast dy hjir weijaen mei dyn...
nl.verhalenbank.21070
Ik wol gjin nammen neame, mar hjir yn Jistrum wennen froeger minsken dy woarden skoudere. Dy mochten net by de lytse bern komme en ek net by 't fé. 't Wienen meast âlde froulju. Tsjoensters woarden se neamd. Sy koenen har foroarje yn in swarte kat. Guon woenen net in swarte kat ha, dat fortrouden se net.
nl.verhalenbank.20591
Hjir op 'e hoeke wenne froeger in âld-minske, dat wie Piters Hindrikje. It wie in tsjoenster. Sy koe har foroarje yn in siferse kat. Dy kat kom us in kear by guon minsken yn 't hôf. Doe ha se dy kat bot mei in stok op 'e kop houd. Sy ha him net dea slein. De oare deis hie Hindrikje de holle yn 'e doeken.
nl.verhalenbank.24091
Alde Tet hâldde der popkes op nei. As se dêr yn pripke mei in nuddel wienen der guon dy't pine krigen. Abe Nauta syn frou is troch Alle Tet deatsjoend. Sy hellen dranken foar har fan Greate Wopke fan Kûkherne. As Tet dy drank seach gong er stikken. Wopke sei elke kear: "Bergje dy drank goed op." As se mei de drank thús kommen siet der al in greate kat op...
nl.verhalenbank.29346
24