Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: vrouw steken
Alde Minderts Feik wenne yn 'e Bosk yn 'e Harkema. Sy koe gewaer wurde hwa't in tsjoenster wie. Sy hie in popke en dêr stuts se mei spjelden yn. Dan neamde se de namme fan ien. De oare deis frege se dyselde of se de foarige jouns ek pine hawn hie. Wie dat it gefal, dan wie 't in tsjoenster.
nl.verhalenbank.21150
As de krânsen, dy't yn in kessen sitte, forbrând wurde, forgiet it frommeske - de tsjoenster- fan 'e pine. Guon tsjoensters hâlde der popkes op nei, dêr't se mei nuddels yn stekke. Om de tsjoensters to kearen docht men duveldrek ûnder 'e drompel fan 'e doar. Dêr kinne tsjoensters net oer komme.
nl.verhalenbank.17704
Rikele Myt fan 'e Skieding gong troch foar in echte tsjoenster. Alde Akke Brouwer wie troud mei bline Bouke. Akke hâldde mar fêst fol dat Myt Bouke bitsjoend hie. Op in kear wie der jongfolk by Myt om 'e doar oan 't hôfkesjongen. Mar doe koenen se noait oer de groppe komme, dat sy kommen net in apel binei. Hja hie popkes op 'e tafel, dêr't se yn...
nl.verhalenbank.28245
Alde Tet hâldde der popkes op nei. As se dêr yn pripke mei in nuddel wienen der guon dy't pine krigen. Abe Nauta syn frou is troch Alle Tet deatsjoend. Sy hellen dranken foar har fan Greate Wopke fan Kûkherne. As Tet dy drank seach gong er stikken. Wopke sei elke kear: "Bergje dy drank goed op." As se mei de drank thús kommen siet der al in greate kat op...
nl.verhalenbank.29346
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
5