Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
As in âld minske froeger in doek om 'e holle hie dan gong se foar in tsjoenster troch.
nl.verhalenbank.23417
Alde Pytsje to Kollum wie in tsjoenster. Ut skoalle wei gong dêr altyd in famke hinne. Dat famke hat se deatsjoend.
nl.verhalenbank.21291
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Kreeg je een appel van een old mins en dat olle mins was een tsjoenster en je lei die appel in een kast, dan was die appel een poar dagen loater feranderd in een spin.
nl.verhalenbank.27319
Der wenne by ús in âld-minske, dat wie Simke Mathuzen. Dat wie in tsjoenster. As se by de wei stie, doarsten wy as bern net by har lâns.
As se ien hwat joech foroare dat yn in pod, seinen se. Men moast de earste hap útspije.
nl.verhalenbank.21032
In de Parken woonde een old minske en doe hadden se op in kat skoten. De volgende dag hat dat old minske in sear oog had.
Dat was de kat.
nl.verhalenbank.27321
Omke Fedde fortelde, tsjoensters wienen âlde froulju, dy't bern siik makken. Hja tsjoenden krânsen yn 'e kessens, dy't opbrând wurde moesten.
nl.verhalenbank.37749
Tooverappelen
Oude vrouwen kunnen met kinderen zoo als wij weten zeer veel werk maken door ze te streelen over hunne hoofden als anders[z]ins. Hiermede moet men zeer voorzichtig zijn, want dit is meestentijd de voorbode van eene betoovering. Ook moet men uiterst voorzichtig zijn, wanneer zij de kinderen appelen geven, ze niet dadelijk op te laten eten,...
nl.verhalenbank.34700
Noch net sa mâlle lang lyn traktearre in âld wiif in jonge op pankoeken. Doe't er thús kom, bigong de jonge to koarjen. Dat wie syn gelok. It wienen allegearre slangehûden dy't der út kommen. It gebeurde yn 'e Harkema. Twa fan syn susters woarden doe sa lulk op it âld wiif, dat hja roannen nei har ta en seinen: "Nou silstû, âlde duvel, stjerre!"
Mar it...
nl.verhalenbank.21250
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247
Yn Aldegea wie in húshâlding, dêr wie in bern siik. Dat bern wie bitsjoend. Der kom wolris in âld minske by har, dy't se der fan fortochten. Dy soe it wol dien ha. Mar sy fortelden har net fan 'e tsjoenderije. Mar der wie ek faek in swarte kat en sy tochten, dat dat de dieder wolris wêze koe. Doe op in kear smieten se dy kat mei in stien en sy rekken ien...
nl.verhalenbank.12475
Abe Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Klontsjebuorren. Syn mem rekke us bitsjoend. Hja hienen noait oan tsjoenen leauwe wold, mar doe rekke ien fan 'e manlju nei Wopke fan Kûkherne. Wopke joech guod en sei: "Ast aenst thúskomst, dan silst in âld wiif tichte by jim hûs tsjinkomme. Dy is oan 't priksykjen. Dy hat it dien."
Wrachtsjes, hwa wie by 't hûs oan 't...
nl.verhalenbank.23442
Op in kear kommen ik en myn susterke mei ús mem fan it skip en roannen de stêd yn (Ljouwert). Wy wienen noch mar bern. Doe kom der in âld-minske ta in stege út en joech my en myn susterke elk in koekje. Mar ús mem woe út noch yn net lije, dat wy dy koekjes opieten. Sy ûntkrige se ús gau en smiet se fuort, hwant mem wie bang, dat dat âld-minske in...
nl.verhalenbank.12477
Froeger woarden der faek bern bitsjoend.
Wy hadden in old wyfke by ons wonen, die bitsjoende de kienders, werd der altyd segd. Jelle Tryntsje heette se, se was heel old.
's Oavends deed se in wit mûtske op en swarte klompkes oan en dan sei se: "'k Mat mar even nei Drachten ta."
Dat dee se op 'e biezemstok.
nl.verhalenbank.26005
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Der wie by ús ris in fremde kat, fortelde mem. Dy sprong by ús troch 't glês hinne nei bûten ta. Doe hied er him biseard.
De oare deis roan der in âld minske mei de holle yn 'e doeken om. 't Wie âlde Minne Aef, in tsjoenster.
nl.verhalenbank.26202
Beppe hat njonken in âld-minske wenne, dat wie in tsjoenster. Op in kear kom beppe har broer by dat âld minske yn 'e hûs. Doe hie dêr in boek op 'e tafel lein. Dat wie in toverboek, mar dat wist hy net. Doe bigoun er dêr yn to lêzen. Mar doe gong it raer. Doe wienen der allegear katten ta de hurddobbe út kaem.
Even letter kaem 't âld-minske der yn....
nl.verhalenbank.19637
Oan 'e Suderdwarsfeart wenne in faem, dy hie in bern krige.
It wie de dochter fan Polstra. Dat jonkje rekke siik. Sy woarden al gau gewaer hoe't dat kaem wie. Tsjibbe Griet (frou Swevel) wie in âld tsjoenster. Dy hie 't bern bitsjoend.
Dy kaem dêr wolles by harren yn 'e hûs. Doe ha se duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe 't âld-wiif dêr net wer komme.
nl.verhalenbank.27515
As men in apel fan in tsjoenster krijt, mat men dy apel noait hielendal opite. Hwant oars krijt men in levende pod yn 't liif.
Wy mochten ek noait trije kear achter elkoar "ja" sizze. Hwant dan hie de tsjoenster jin yn 'e macht.
Der wie froeger in jonkje, dêr boarten wy wol mei. As der in âld minske foarby gong, dan sei er altyd:
"Ien âlde duvel, twa,...
nl.verhalenbank.20735
Olle Wyberens Trien woonde in een old boufallig huus aan de bosweg. 't Olle wief kon tsjoenen.
Wie woarn as kinderen der bang feur. Op in oavend gingen wy der weer langs. Wy woarn met sen drieën of vieren fan jonges. Se was toen sa'n fyfentachtich joar.
"Sollen we har us uutrachen foar tsjoenster?" seiden we.
Mar doe't we dat deedn haddn we der aan dat we...
nl.verhalenbank.25853
Yn 'e Hamsterheide wie in fanke oan it útinoarstruijen fan mollebulten. Doe kom der in âld wiif by har. Dy frege har: "Fynst wol us hwat?"
"Né" andere it fanke.
"Dan mast mar us ûnder d_ mollebult sjen."
It fanke die it en doe foun se twa botsens.
Mar doe nom it âld wiif it fanke de mûtse fan 'e holle en flybke der yn. Mar it fanke wist, dat it âlde wiif...
nl.verhalenbank.21258