Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: vrouw duivelsdrek
Rikele Myt biwearde, duveldrek moest fan in tsjoenster komme, oars holp it net. Rikele Myt hie in freeslik gesicht.
nl.verhalenbank.27543
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247
Oan 'e Suderdwarsfeart wenne in faem, dy hie in bern krige. It wie de dochter fan Polstra. Dat jonkje rekke siik. Sy woarden al gau gewaer hoe't dat kaem wie. Tsjibbe Griet (frou Swevel) wie in âld tsjoenster. Dy hie 't bern bitsjoend. Dy kaem dêr wolles by harren yn 'e hûs. Doe ha se duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe 't âld-wiif dêr net wer komme.
nl.verhalenbank.27515
As der in tsjoenster yn 'e buert wenne, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Sy ha 't wol folle dien foar âlde Griet. Hja kaem us ergens yn Haulerwyk, doe hienen se dêr ek duveldrek ûnder 'e drompel dien. Doe koe hja der net yn komme. Sy stie dêr mar to draeijen en to meneuveljen foar de doar, mar sy koe net oer de drompel komme. Doe sei se op 't lêst:...
nl.verhalenbank.20795
As de krânsen, dy't yn in kessen sitte, forbrând wurde, forgiet it frommeske - de tsjoenster- fan 'e pine. Guon tsjoensters hâlde der popkes op nei, dêr't se mei nuddels yn stekke. Om de tsjoensters to kearen docht men duveldrek ûnder 'e drompel fan 'e doar. Dêr kinne tsjoensters net oer komme.
nl.verhalenbank.17704
Lutske wenne to Houtigehage. Sy wie in tsjoenster. De minsken koenen it wol oan har egen sjen, dat wienen fan dy spleetsjes, krekt as katte-egen. Sy foroare har ek faek yn in kat. Op in kear hie se in bern fan Ritske Aeltsje deatsjoend. It bern hie 3 krânsen yn 't kessen. Dy hie Lutske dêr yntsjoend. Ritske Aeltsje hat dernei altyd duveldrek ûnder 'e...
nl.verhalenbank.12514
Myn âldste suster Janke lei noch yn 'e widze. Hja is nou al stoarn. Mar doe yn dy tiid kom der altyd in bolkoerrinster by heit en dy oan 'e doar. En dan sei se: "Mei 'k even 't popke sjen?" Dat sei se dan troch de doar. It bern wie lang net goed, it woarde rûch fan megerens. Heit sei tsjin mem: "Nou mast dy âlde duvel hjir net wer yn 'e hûs komme litte."...
nl.verhalenbank.33001
Us jongste fanke wie alve jier âld. It wie sa'n skoalfanke. Wy leinen mei 't skip by Drachten, yn 'e Lange Wyk. Sy wie mei Jan, in jonkje fan skoalle ta gien en togearre wienen se oan 't hoepeljeijen. Doe krigen dy beide bern dropkes fan in frou, fan Ale Bigge. Doe't se thúskaem hie se smoarge hannen. Ik sei: "Hwat hast hawn?" "Dropkes fan Ale Bigge", sei...
nl.verhalenbank.20800
8