Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 results
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Drachten
Der wie in boer, dy syn pleats wie skjin to'n ein. Hy moest noadich in nije boereplaets ha, mar hy hie der gjin jild foar. Hy wie al faek op sjou west om jild, mar 't joech neat, hy koe gjin jild krije. Doe kom der him ris in kear ien op side. It wie de duvel. "Hwannear moat de plaets klear wêze?" sei er. "Leafst sa gau mooglik", sei de boer....
nl.verhalenbank.25248
Der wie in boer, dy biwenne in hiele âlde rottrige pleats, in rottekleaster. De pleats wie o sa min. Mar hy koe noait in nijen ien bitelje, hwant it wie earmoed by him. Hy skripte nachts en deis troch, om toch noch de kâns to hawwen in nije pleats sette to litten, mar hy bidijde neat. Doe kom der op in kear in man by him, dy sei: "Yn ien nacht bou ik foar...
nl.verhalenbank.19738
Dyselde Auke Helmhout wie ek in frijmitseler. Yn 't tsjuster frege der: "Hoe sit it, ik mat even hwat jild brûke." Dan sei der in man yn 't tsjuster: "Hoefolle?" En dan krige er dat jild. Mar om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselders dea. Sy lotsje der om hwa't dat wêze sil. Der wurdt in nûmer útskuord en dy sinen dat is, dy wurdt deamakke. Yn 'e...
nl.verhalenbank.19381
Der wie ris in faem, dy krige op in joun in feint. It wie in tige kreaze feint en èk in aerdige feint om mei to praten. Dy faem wie rooms. Hja soenen hwat ite. Doe makke dy faem in krús. Doe't se dat dien hie wie der ynienen in stank fan swevel en doe waerd har feint wei troch de skoarstien. It hie de duvel west dy't by har kaem wie.
nl.verhalenbank.36960
Der wie in man dy tocht allinne mar oan jild. Hy mishandele syn wiif, dat altyd sunich wie en hy gunde net in minske hwat. It jild hie him foargoed yn 'e macht. Op in kear, doe roan er oer de wei, en doe wie er ynienen samar smiten woarn. Tagelyk wie 't allegear jild om him hinne. Mar dat wie it jild fan 'e duvel en hy hie bigrepen dat dit in les foar him...
nl.verhalenbank.27932
Heit en Lútsen Finkelsma dy gongen nei Beets ta to baggeljen. 't Wienen hurde mannen allebeide, en sy wienen foar de duvel net bang. Sy slepten yn in keet. Lútsen moest der nachts út. Hy koe dan net yn 'e keet bliuwe, hy dreau yn 't swit. Dan sieten se him achternei. Dat wie de duvel. Dy jage him fan 'e iene trisk nei de oare (de trisk, dêr dienen se de...
nl.verhalenbank.25216
Myn frou wie us by har âlden. Hja hie hwat spul hawn mei my. Dêr wie se al fjirtsjin dagen. Doe kom Tryn Snipel dêr us in kear. Doe't se wer fuortgong sei se tsjin myn frou: "Lieve, wolst net in eintsje mei?" Underweis seach myn frou tafallich, sûnder erch oer Tryn har linker skouder hinne. Doe't myn frou de jouns op bêd lei, hearde se in freeslik...
nl.verhalenbank.23102
Mem fortelde: Bearne Ael wenne yn Sumarreheide. It wie kleare earremoed by Bearn en Ael. Op in kear soe Ael nei Sumar ta. Sy roan de Pasterije-lannen del. Doe tocht se: Nou woe 'k wol, dat ik in dikke beurs mei jild foun. Doe't [se] by 't trêdde stik lân kom, lei dêr in beurs mei jild foar har. En doe tocht se: Ja, mar dit komt net klear. Dit is fan 'e...
nl.verhalenbank.33328
Der wie in boer, dy wie oan legerein rekke. Syn skuorre wie tige min, mar hy koe net in nijen bitelje. Doe kaem de duvel by him. Dy sei: "Ik sil fannacht foar dy in nije skuorre bouwe. Dy skuorre sil klear wêze foardat de hoanne kraeit. Dan helje ik letter dyn siele op. Is de skuorre noch net klear foardat de hoanne kraeit, dan bistû frij." De boer sei,...
nl.verhalenbank.36709
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet hja sels dea. In tsjoenster kin har yn in kat of in houn foroarje. Soms forgaderje dy katten; ien hat dan de lieding. Jowt men sa'n kat in pak op 'e bealch, dan bliuwt de tsjoenster de oare deis op bêd lizzen. Dêr kin men oan wite dat men mei in tsjoenster to dwaen hat. Hja bitsjoene meastal...
nl.verhalenbank.36712
Thomas en Klare hienen nei Eastemarre merke ta west, mei de hounekarre mei guod. Werom reizgen se oer de Mûzegroppewei en de Langewyk. Underweis hipte der in kat by har op 'e karre. Thomas soe dy kat der ôf wippe, mar doe koe syn pols net fierder, 't wie krekt as woarde de hân him stiif. "Gean wei, Satan", sei er. Doe woarde er yn 'e wâl smiten.
nl.verhalenbank.23482
Oan 'e Suderdwarsfeart wenne in faem, dy hie in bern krige. It wie de dochter fan Polstra. Dat jonkje rekke siik. Sy woarden al gau gewaer hoe't dat kaem wie. Tsjibbe Griet (frou Swevel) wie in âld tsjoenster. Dy hie 't bern bitsjoend. Dy kaem dêr wolles by harren yn 'e hûs. Doe ha se duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe 't âld-wiif dêr net wer komme.
nl.verhalenbank.27515
Alberts Gees gong us in kear nei âlde Jitse Wyts ta. Doe krige se fan 't minske in bakje kofje. Doe't se 't opdronk fornom se wol dat der ek noch hwat oars as kofje troch 't kielsgat sakke wie. Doe't Gees thús kom, wie se siik. Doe hat heit nei har ta west, en dy joech har duveldrek. Dat nom se yn. Even letter spuide se allegear fiskjes út.
nl.verhalenbank.25475
Der wie in hazze, dêr loerde Bearn van der Woude al gâns in set op. Hy hie der al wit hoe faek op sketten. Dan fleach it hier him nei, mar altyd naeide dy hazze wer út. Bearn wie in streuper. Alde Teade Gjetsje wenne tsjin him oer. Dat wie in tsjoenster. Dy wie it; dy foroare har yn in hazze. Alle jounen siet dy hazze ta de koal. Op in nacht doe skeat er...
nl.verhalenbank.28243
Us beppe hie in famke, dat wie net goed. Hja wie der skjin mei forlegen. It bern die oars neat as gûle en oangean. Hja wienen har rie skjin to'n ein en op 't lêst hellen se in duvelbanner op. Dat wie in frommeske. Hwer't se wei kom wit ik net. Dat frommes sei, sy moesten in pot mei wetter boppe de fjûrpot hingje. Dat wetter moest siede en dêr moesten se...
nl.verhalenbank.36908
In sekere Sake van der Kloet en syn wiif wennen op 'e Skieding oan 'e Fryske dyk. Dy beiden koenen och sa min mei elkoar. Doe't syn frou yn posysje wie, sloech er har mei de bolleskeppe. Doe sei de frou: "Noust' dat dien hast, hoopje ik dat God in teken oan it bern jowt, nou't ik yn posysje bin." Doe krigen se in bern, dat wie gebucheld. (Alle oare bern...
nl.verhalenbank.17753
Dyselde omke wie in bern fan acht jier, doe rekke er bitsjoend. Alde Klare wie in heks, dy die dat. Omke syn mem hiet fan Wike. De âlde heks kom faek by harren. Dan sei se: "Och Wike, doe de planke even over. Ik wil even de kleine jongen zien." Hwant omke en dy hienen in draei oer de feart. Klare wenne yn 'e buert. Hja kom der dan yn en krige kofje. Faek...
nl.verhalenbank.19619
17