Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
212 datasets found
Dutch Keywords: vrouw voorzien
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe. 'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen. Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort. "Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017
Forskeidene fan 'e Harkema ha yn 'e swarte spegel sjoen. Mar dêr haw ik my noait mei bimuoid. Sy krigen dan har wiif to sjen. Of sy seagen in deakiste; dan bleauwen se âld-feint.
nl.verhalenbank.25750
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is. As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
Veurloop Vrouw Pr. zag nog meer; zij woonde in het Eksler moeras. Veurnoamelk waarn het liekstaties, woor ze met bezig was. En dan gung ze dr s nachts uut. Heur man zee dan:“Blief toch lign.” Moar dat kon ze onmeugelk. Dan zol ze er last van kriegen, zee ze.
nl.verhalenbank.43358
Minderts Tryn fan 'e Grinzer Pein sei us op in kear: "Sjoch, der brânt in hûs op." It wie it hûs fan Bareld Slotegraaf yn de Pein. Doe't se better taseach, brânde it net. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.27345
Yn 'e Burgumermar hawwe guon alris ien om 'help' roppen heard. 't Wie in frouljuslûd, fortelde heit. Letter is dêr op dat plak in frommeske fordronken.
nl.verhalenbank.37194
Hjirneist is us it hûs ôfbrand. Twa maenden fan tofoaren hie ik it al brânnen sjoen. Ik haw doe ús buorman roppen heard. Ik fortelde it in oare buorfrou. Dy sei: "It is net bêst dat dat gebeurt." Mar it gebeurde in pear maenden letter wol degelik.
nl.verhalenbank.23136
Guon fan Feansterheide hienen in sike koe. Doe gong it minske mei har buorfrou nei âlde Hinse, dy't op 't Swartfean wenne. Hinse Jehannes de Boer wie duvelbander en hy doktere ek mei fé. Hja gong nei Hinse ta om rie. Hinse frege: Binne jim dêr en dêr lâns kom? "Ja", seinen de froulju. "Ha jim nergens lêst fan hawn?" "Né." "Dan krije jim dêr aenst àl lêst...
nl.verhalenbank.19731
Hiltsje hie soks al oan har, doe wie 't noch mar in fanke. Doe seach se al dingen dy't letter gebeure soenen.
nl.verhalenbank.22016
Op in kear doe hie ik nei tsjerke ta west, yn 'e Koaten. Ik wie op 'e fyts. Der fytste ek ien njonken my. Doe sei dyselde tsjin my: "Hwat fytse jo hurd." "Ja", sei 'k. Even letter fytste ik wer gewoan. Ik sei: "Hjir komt fan 'e wike in lykstaesje lâns. Hjir stjert ien. Ik seach de lykstaesje oankommen. Ik woe earder de hoeke om wêze." 't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.21443
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel. Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
nl.verhalenbank.28329
Yn 'e lêste oarloch wenne ik noch op it Kattegat, op 't Wytfean, flak by de Leijen. Dêr wienen doe ûnderdûkers, dêr't ik faek mei praette. Twa rijnaken leinen der, en de lju, dy't dêr yn wennen krigen altyd molke fan my. De skipper fan ien fan dy beide rijnaken kaem ris by my op in joun, doe sei er tsjin my: "Sil ik jo ris hwat bûtengewoans fortelle? 't...
nl.verhalenbank.29579
Paulus fan Albert en Tet (Alma) wie in jonge fan achttsjin jier. Hy hie harsensykte en it like slim. Op in joun soe âlde Hindrik Vaartstra der noch op út. Doe't er oan 'e daem fan it hûs fan Albert en Tet ta wie, koed er net fierder. Dêr stie in lykstaesje. Hy seach de wein mei de kiste en 't folk. Doe is er weromgong. In wike letter is Paulus stoarn. Tet...
nl.verhalenbank.20950
Klaes Talma hiet ús heit. Hy wenne oan 't Wyldpaed, tichte by 't spoar. Hy wie noch in jonkje. Op in kear gong er nei in âlde frou ta om molke. Der wie in jonkje by him, dat wie syn kammeraet. It âld minske joech heit in apel, mar se sei der by, dy apel mocht er net mei it oare jonkje diele, dy moest er allinne opite. Doe woarde heit siik. Earst gong hy...
nl.verhalenbank.29627
Yn Suwâld wenne in man, dy seach de dingen foarút. Hy wist altiten hwannear't der in deaden yn 'e famylje kom. Op in kear sei er tsjin 't wiif: "Dû matst in feilichheitsspjelde meinimme, hwant ien fan 'e froulju sil har rok opskuorre ('t Wie by in bigraffenis), dy mat by skerpe trie lâns. 't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.19727
De manlju hjir seagen wolris yn 'e swarte spegel. Dat wie yn in tinte op 'e merken. Se koenen dan it wiif sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net dan kom der in deakiste foar. Sy moesten achterstofoar wer út 'e tinte wei.
nl.verhalenbank.25784
In man en in frou - dat wienen skippers - dy bûgelen it skip mei de bûgel fol skulpen foar de kalkbranderij to Drachten. Dat dienen se bûtendyks by Harns (Harlingen). Doe sei de frou ynienen ûnder 't wurk: "Wy matte optslach nei de wâl, hwant der is hwat yn ús famylje gebeurd." Datselde ogenblik wie har heit overleden.
nl.verhalenbank.37141
Beppe werkte in bult yn 't werkhûs yn Grinzer Pein. Hja hie fan tofoaren al in pear kear sjoen dat der ien nei 't wetter ta gong. Dat wie in djip baggelgat. De gedaente dy't dêr hinne gong wie ljocht yn 'e klean. Op in kear kom beppe wer by 't werkhûs, doe wie dêr in man fuort. Hy wie net to finen. Hy wie yn 'e ûnderklean fuort gong, hwant de boppeklean...
nl.verhalenbank.25223
Myn moeke seach op in nacht hjir yn Dokkum dat der in hynder mei de poat skrabbe. 't Hynder wie foar de swarte wein spand, dy stie by har en de buorlju. 't Wie in fisioen. Doe sei moeke: "Der gebeurt yn 't koart hwat, ik wit net, hwat." In skoft letter stoar de soan fan 'e buorlju: Halbe van Minnen. Doe kom de lykwein dêr foar 't hûs to stean en 't hynder...
nl.verhalenbank.29380
By kaertlizters yn Ljouwert hienen se in swarte spegel. As in manspersoan dêr yn seach, woarde hy de frou gewaer, dêr't er mei trouwe soe.
nl.verhalenbank.27391
35