Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: vrouw plagen
Er stonden paarden op stal, die elke nacht vreselijk te keer gingen, doordat ze geplaagd werden door de nachtmerrie. Niemand durfde te gaan kijken, tot een onverschillige bouk van een knecht het aandurfde een nacht te waken. Hij zat stil in een hoekje, toen plotseling een witte gedaante over de paarden heenging. De knecht was kordaat en deed de...
nl.verhalenbank.13476
In nachtmerje wie in frou, dy't de lju nachts op bêd opsocht en har pleagde.
nl.verhalenbank.33256
Myn skoanmem hat us in nachtmerje by har hawn. Doe wie se net rjocht goed. Dy nachtmerje sei: "Lang sil 'k jo net pleagje, mar 'k sil al even by jo sjen." As de toffels mei de hakken nei 't bêd ta stienen, krige men gjin lêst fan 'e nachtmerje, sei skoanmem.
nl.verhalenbank.21928
In nachtmerje wie in frommeske dat oare minsken pleagje moest. Se kom meastal troch 't kaeisgat. Om har to kearen die men duvelsdrek ûnder 'e drompel en de toffels omkeard foar 't bêd.
nl.verhalenbank.17056
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage. Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes...
nl.verhalenbank.17536
In nachtmerje is in frommes. Der wie in boer, dy hie in hynder. Dat dier hie alle nachten lêst fan 'e nachtmerje. Op in kear struide hy kaf oer de rêch fan 't hynder. De oare moarns siet der in frommes yn 't hok, dy struts har it kaf fan 'e klean ôf.
nl.verhalenbank.25391
In nachtmerje is in frommeske. Ien fan sawn susters. Binne der sawn jonges, dan is ien in wolfmerje. By Epema yn 'e Westerein wienen acht jonges. Dêr wie in wolfmerje tusken. In nachtmerje giet der nachts op út. Dan giet se by oare minsken troch 't kaeisgat en dan pleaget se sokke minsken. Dy krije 't dan hiel binaud.
nl.verhalenbank.25835
De frou fan Rikele Witteveen fortelt: Ik haw us in nachtmerje by my hawn, dat wie in jonge mei skeinspruten en read hier. Hy kom stadich by my. Earst by de teannen en sa mear omheech. Ik seach him sitten. Hy knypte my de hals ticht en seach my strak oan. Ik wie ôfgryslike binaud.
nl.verhalenbank.19920
De dochter fan Sikke Boukes yn 'e Westerein wie in nachtmerje. Hja wie troud mei in skoalmaster. Yn 'e nacht gong se altyd nei hynders en minsken ta om dy to pleagjen. Achter yn 'e Westerein hat in boer har fangd, doe't er moal op 'e rêch fan 't hynder struid hie. Doe koe se net wer fuortkomme, hwant sy krige moal oan har. De oare moarns foun de boer har....
nl.verhalenbank.20163
Omke Linse (van der Veen) wenne yn de Poes (ûnder Surhuzum). Hy wie troud mei Ynskje fan Knjillis Hut. Dat wie in nachtmerje. Dêr hat omke in protte lêst fan hawn. Doe't se noch forkearing hienen kom se alle nachten by him. Omke hie in blêd út 'e bibel ûnder 't holkessen. Mar as er dat us in kear forgeat wied er skjin forlegen. Ek in kear doe hied er in...
nl.verhalenbank.19882
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?" Ja, dat wie der wol. "Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783
11