5 datasets found
Dutch Keywords: vrouw man toverij Place of Narration: Opende
Doe't wy to Grins wennen kom der us in âld minske fan Rotterdam by ús. Dy wie katholyk. Dy fortelde ús, njonken har hie in jonge frou wenne. En dêr wer njonken wennen twa ûngetroude froulju. Dat wienen tsjoensters. Dy wienen nachts op in paed. Dan wienen se alhiel yn 't swart mei greate kleden om har hinne. Ien fan dy froulju stie us op in nacht foar 't...
nl.verhalenbank.25967
Janne en har dochter Luts wennen yn Houtigehage oan 'e Skoallewyk. Ritske Postma seach dat Janne en Luts op in nacht oan 't boartsjen wienen op 'e planke dy't oer de wyk lei. Sy rekken de planke net, mar sweefden. 't Wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.25928
Imke hie nocht oan ûnnocht. Der wie in frommes dat skreau har van der Iest. Hy toande har sterke stikken. Doe sei se: "Al hwatstû ek mânsk bist, dû krijst my de klean net fan 'e hûd." 't Wie in mounich frommes. Mar Imke liet har de klean ôfsakje oant se op 't lêst allinne noch it himd oan hie. Hy sei: "Mat dat ek noch út?" "Né," sei se, "lit it sa mar."
nl.verhalenbank.24165
As Rikele Myt har man nachts wekker woarde, wie 't krekt as der in pânse njonken him op bêd lei. Dan wie Myt der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.25987
Jelle Tryn hie nachts, as se fuort wie, de koepânse njonken har man op bêd lizzen.
nl.verhalenbank.25952
35