Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: vrouw man Place of Narration: Hurdegaryp
Yn Burgum wie us in man forstoarn. Hy hie in pear moaije sulveren gaspen op 'e skuon hawn en foardat er stoar sei er tsjin syn wiif: "Dy gaspen dy matte der bliuwe. Dy moat ús jonkje letter op 'e skuon ha." De frou biloofde dat. Mar letter kaem dy frou sa bot yn 'e earmoed to sitten, dat hja forkocht dy gaspen oan in buorfrou. Doe sei it jonkje op in...
nl.verhalenbank.19718
Jelle wie troud mei Sanne. Ik ha se beide goed kend. Jelle wie in hiele raren-ien. Hy flokte om 't oare wurd. Hy wenne by in boer by Dokkum. Op in kear, doe't er op wei wie nei hûs ta, kamen der twa ingels op him ta, hiel moai yn 'e klean mei stjerkes op 'e stof en de wjokken dy hâldden se foarút. Sy gongen flak foar Jelle stean, doe gongen se even in...
nl.verhalenbank.19719
Bûten Bûtenpost stiet in herberch: De laatste Stuver. Dy herberch hat sà syn namme krigen. Der wenne yndertiid in kastlein yn, dy mocht graech in buorrel en syn wyfke krektengelyk. Dat kom de saek net to'n goede. It kaem safier, dat doe't de drankleveransier kom, doe koenen se him net bitelje. Sy seinen tsjin 'e drankleveransier: "Dat komt, de lju dy't...
nl.verhalenbank.17697
Yn Garsthuzen (Grinslân) hearde ik op in nacht dúdlik saegjen yn 'e hûs. Wy leinen op bêd. Ik sei tsjin myn man: "Sil ik der us ôf gean om to sjen, hwat dat is?" Mar hy sei: "Ei jonge né, stil lizzen bliuwe." Dat ik ha der net nei sjoen. Ik wie doe sahwat acht en twintich jier. Letter is 't hûs hielendal fortimmere woarn. De namme fan it hûs is...
nl.verhalenbank.17754
Der wie in hiel great hûs, dêr sieten fjirtsjin keamers yn. It hiet Likelemastate. De hear en de frou wienen fuort en de faem Bauk wie allinne thús mei in âld feint dy 't se Oebele-om neamden en mei in jonge. Bauke. Dy wie sechstjin jier. Doe kom dêr in negoasjeman. Dy hie in great swier pak by him. 't Wie skier fan kleur. De man sei: "Hjir sit kleanspul...
nl.verhalenbank.19779
Wybren Wartena syn heit wenne yn Garyp. Dy wie foar de twadde kear troud. Hy hie buorkerije en in herberch. Doe't syn earste frou stoar biloofde hy har, hy soe noait wer trouwe. Mar hy die it al. Sy koenen it skoan rêdde en sy gongen der togearre wolris mei de tilbry op út. As se dan thúskamen gongen de skûrredoarren fansels iepen. Dat wie it wurk fan syn...
nl.verhalenbank.19786
By Sjoerd en Tryn op 'e Sumarreheide gong it altyd op in kaertspyljen. Sjoerd siet fol fan flokwurden. Hy stjûrde samar in kaert út en in lege flesse en dan sette de duvel even letter in flesse drank op 'e reinwettersbak del.
nl.verhalenbank.19781
Der wie in frou, dy wenne yn Ljouwert. Har man hiet fan Schaaf. Hy forhierde plezierweinen. Myn âldste dochter hat der as faem wenne. Dy frou wie by de frijmitselders. Nou en dan seach se yn 't gebou har forstoarne jonge. Sy sei tsjin har man: "Hwat woe ik graech, datstû ek us mei gongste om de jonge to sjen." Dat gebou stie yn Ljouwert. Hy gong mei, mar...
nl.verhalenbank.18104
Ik ha yn 'e Skrâns wenne by minsken, dy hieten fan Olivier. De man wie in bulte fuort. 't Gebeurde wol, dat de frou dan to boadskipjen gong. Dan liet se in tsientsje yn 't kammenet lizze en de kaei nom se mei. As se werom kaem, wie 't tsientsje fuort. 't Rekke samar fansels fuort, wylst doch net ien ta 't kammenet komme koe.
nl.verhalenbank.18109
Myn skoanmem wie mei de helm geboaren. Sy wennen yn Ten Post (Grinslân). Op in kear wie se mei skoanheit oan 't kuijerjen. Doe sei se ynienen tsjin him: "Wy matte hjir wei, jonge." Skoanheit sei: "Dû mei dyn fratsen altyd. Wy bliuwe hjir." En hy hâldde har fêst. Mar fuort dêrnei siet se plat op 't gat op 'e wei, wol trije meter fierder. "Wolst it nou wol...
nl.verhalenbank.18091
Myn man hat us yn Grins op 'e kermis west, doe wied er noch feint. Doe hat er dêr ek in tinte yn west en doe krige er in portretsje fan 'e frou dêr't er mei trouwe soe. Dat wie ik. Ik hie in greate hoed op. Hoe is soks nou mooglik, soe men sizze.
nl.verhalenbank.18085
Us mem wie us mei in kammeraedtske op Feanwâldster merke. Doe gongen se dêr togearre in tinte yn. Dêr koenen se de takomst yn in spegel sjen. Mem krige ús heit to sjen. Dêr soe se letter mei trouwe, seinen se en dat is ek útkom. Mar har kammeraedtske seach oars net as in deakiste. Sy seinen tsjin har: "Oer trije wiken sille jo toplak komme oan 'e westkant...
nl.verhalenbank.18084
Der kaem ris in frommes yn 'e herberge, 't wie op 'e joun en hja woe dêr graech oernachtsje. Hja gong oan in taffeltsje sitten en bistelde hwat. De kellner brocht har dat, mar doe't er har goed oanseach tocht er: "Hea, sa sjocht in frouljusgesicht der net út." Hy hâldde har yn 'e gaten en op it lêst wie hy der wis fan, dat it in man wie yn frouljusklean....
nl.verhalenbank.19777
Us heit (Roel Haarsma) en syn broer wienen yn 'e nacht op in paed. Doe seagen se in frommeske skean oer de wei nei in hûs ta rinnen. Sy hie de kruk fan 'e doar al beet, dêr't se ta'n yn soe sa't it like. Mar doe sonk se samar foar de eagen fan heit en omke yn 'e groun wei.
nl.verhalenbank.19841
Myn pake en beppe dat wienen Melle en Poai (= Froukje). Sy hienen in soan, dat wie Jelle-om. Jelle-om rekke bitsjoend. Sy wennen op 'e Sumarreheide, dat sy gongen nei Piter Poes ta. Dat wie dêr de duvelbander. "God jonge," sei Piter Poes, "dit liket net bêst." Dat sei er tsjin pake. "Ik sil dy in drank jaen, mar der komt dy aenst in grouwe swarte houn...
nl.verhalenbank.19713
35