Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
87 datasets found
Dutch Keywords: voorteken afbranden
Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
Yn Feanwâlden is us in hûs opbrând. Guon ha dat hûs fan tofoaren yn 'e brân sjoen.
nl.verhalenbank.24472
Doe't ik noch net troud wie, kom ik us in kear oer 't Wytfean. Ik wie oan 't murdejeien. 't Wie by nacht. Doe seach ik op 'e Bopperein in hûs yn 'e brân stean. Mar it brânde net. Letter is 't opbrând.
nl.verhalenbank.19917
Minderts Tryn fan 'e Grinzer Pein sei us op in kear: "Sjoch, der brânt in hûs op." It wie it hûs fan Bareld Slotegraaf yn de Pein. Doe't se better taseach, brânde it net. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.27345
Zai [grootmoeder] vertelde ook van n familielid, dei n kroeg har. Dei harn n keer veziede kreegn van gounend, dei mit peerd en koetse komen warn. t Peerd mös mor zolaank op staal stoan. Dou de veziede s oavends weer vot zol, en ze noar t peerestaal gungen, stön t daier boovn in de kribbe; dat zol ja wat beduden. “Door kump wat achteraan”, zeden ze. En dr...
nl.verhalenbank.43614
Dit heb k zulf mitmoakt. Jan B. was n onverschillige vent; hai wol naarns van waitn. Moar op n dag mos e toch erkennen, dat dr wat bestait. Op Taange brandde een huus op. Ale bomen in de buurt verschroeiden nog; takn e n bloarn warren allemoal zwaart. Moar nou kump t wonder. In ain van de bomen zat n eeksternust. Zo'n nust wil ja meroakel brannen. En dat...
nl.verhalenbank.43615
Hjirneist is us it hûs ôfbrand. Twa maenden fan tofoaren hie ik it al brânnen sjoen. Ik haw doe ús buorman roppen heard. Ik fortelde it in oare buorfrou. Dy sei: "It is net bêst dat dat gebeurt." Mar it gebeurde in pear maenden letter wol degelik.
nl.verhalenbank.23136
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Dit is mie ook verteld deur n man en ik wil aannemen, dat et gain leugn is. Dai man dan lag mit zien vrouw op bedde en inains heurn ze wat in de keukn. Vrouger harn de mensn wol n rikje mit tellertjes aan de mure hangen. Dat haile geval rappelt op n nacht noar doale en de diggels lign op de grond. Zo denkn ze tenminste. De man mout in de underbuksm hen...
nl.verhalenbank.45700
Op 't sté, dêr't nou de plaets fan Tsjalling Wiersma stiet, ha se fan tofoaren timmerjen heard, foardat de plaets der stie. Sy ha dêr sneins en deis trochtimmere oan dy pleats. It sizzen is, dat sa'n plaets iens opbrânne mat, omdat der op snein oan timmere is. Mar it is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.19902
Oan 'e Warreboskloane seagen in suster fan my en dy har man (Hindrik van der Meer) allegear fjûr boven in hûs. Mar yn werklikheit wie der gjin fjûr. Net lang dêrnei is 't hûs ôfbrând.
nl.verhalenbank.32417
Dizze herberch stie oan 'e koemerk. In pear jier foardat er opbrânde, seach Atse Veltman de koemerk fol reek. De wyn wie sa dat de reek dy kant oergong, en doch stie der neat yn 'e brân. Letter stie yndied de koemerk fol reek. Doe brânde de herberch op.
nl.verhalenbank.21870
Op 'e Sumarreheide ha de minsken wol gauris huzen fan tofoaren yn 'e brân sjoen, dy't letter opbrânden.
nl.verhalenbank.20399
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
Yn 'e Harkema seagen se in hûs brânnen. It wie it hûs fan Hindrik Dykstra. Letter is 't opbrând. Der binne ek noch bern yn forbrând. De frou wie doe krekt by oare minsken om in bakje kofje.
nl.verhalenbank.10676
Us heit seach op in kear it hûs brânnen fan Tsjibbe-om en Pytsje-muoi, dêr't nou Megiel en Aeltsje wenje, mar it brânde net. Binnen hiel koarte tiid is 't opbrând.
nl.verhalenbank.24504
Yn Jistrum is ris in hûs ôfbrând, dat hienen guon fan tofoaren al brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.27555
Ik wie in kear by de buorlju, doe kommen der minsken, dy fortelden dat myn hûs stie yn 'e brân. It hiele hûs stie yn ljochte lôge, biwearden se. Mar doe't wy der hinne gongen wie 't sa net. En doch hienen se 't dúdlik brânnnen sjoen. It duorre net lang mear, doe brânde 't op. Sjocht men it yn 'e foarnacht, dan duorret it mar koarte tiid mear, sjocht men...
nl.verhalenbank.26854
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
35