Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
31 datasets found
Dutch Keywords: voorspellen Place of Narration: Boelenslaan
Der wienen bern, dy woarden mei de helm geboaren. As dy helm omleech lutsen woarde, mei de geboarte, dan moesten dy bern alles sjen. Lutsen se de helm omheech, dan net.
nl.verhalenbank.21898
Er waren verschillende rijmpjes op Thomas en Klare: Wat is die Thomas een zotte vent, wat mag die vent hem schamen. Pekelharing heeft zelf gezeid dat Klare, die moest kramen. Een ander rijmpje was: Thomas Klare, wat ben je mager, Thomas Klare, wat ben je vet. (dit werd te Houtigehage gezongen) Weer een ander rijmpje, dat eveneens gezongen werd: Als Thomas...
nl.verhalenbank.17641
Blauwe Met wie in kaertlizter. Ik moest yn 1917 ûnder tsjinst. 't Wie doe oarloch. Us mem leaude oan kaertlizzen. Ik moest yn novimber opkomme. Op Feanstermerke praette mem mei Met. Met kom by ús thús om de kaert út to lizzen. Ik moest der by wêze. Heit wie fuort. Met lei de kaerten op 'e tafel. "Sjoch ris, Aefke", sei se tsjin mem, "'k sil jo de warheit...
nl.verhalenbank.26101
Us beppe Antsje wie kaertlizter, har suster Tryn, ús mem Klare en ik bin it ek. Mem hat it my leard. Lûkt men klaveraes, dan tsjut dat op fortún. Lûkt men klaveracht, dan tsjocht men nei de frjemdte.
nl.verhalenbank.17732
Oan 't Skoalpaed seach ús heit faek in ljochtsje. Dêr is doe ek in hûs kom to stean.
nl.verhalenbank.15910
Op in kear gongen myn pake en Albert Scholte togearre to jeijen. Albert Scholte skeat in hazze. Dy hazze die twa slaggen oer de kop. Doe sei pake: Nou sil ik aenst ien sjitte, dy't trije slaggen oer de kop docht. Doe skeat er in hazze, mar dat wie Rikele Myt, dy't har yn in hazze foroare hie. Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy hazze die trije slaggen oer de...
nl.verhalenbank.15907
Tseard Boomsma syn mem kom us by ús en doe sei se tsjin ús mem: "Hè, hwat let dy klok hwer raer. Der komt wer in sterfgefal."
nl.verhalenbank.21409
Achter de Poel op 'e Boelensloane wenne âlde Elske. Dy moest fan alles sjen. Nachts kom se faek út bêd wei en dan seach se lykstaesjes.
nl.verhalenbank.17581
Tryn en Antsje Snipel (susters) wienen wiersizters. Thomas Clare ek (dochter fan Antsje). En dy har dochter ek wer. Mar ik leau der net oan.
nl.verhalenbank.21424
Tryn Snipel wie kaertlizter op 'e Boelensloane. Hja sei altyd: 't Wurdt allegear rykdom! Dat mochten de lju wol hearre.
nl.verhalenbank.36206
In protte reizgen froeger nei de merken ta om dêr yn 'e swarte spegel to sjen. Dan krigen se de frou of de man to sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net, dan kom der in deakiste yn 'e spegel.
nl.verhalenbank.21425
Antsje Snipel koe kaertlizze. Sy koe èk tsjoene, seinen se. It kaertlizzen kostte in kwartsje. Mar har suster Tryn Snipel koe 't better. Dêr gong ik us in kear mei myn neef hinne. Ik wie doe sawntsjin jier. Ik frege har: "Ha jo ek hwat ûnder 'e koark, Tryntsje?" "Né, nou net", sei se. Hja forkochten dêr wol drank. "Wolle jo ús de kaert lizze?" "Jawol,"...
nl.verhalenbank.25482
Ik ha faek heard dat de minsken seinen: dat en dat hûs mat nochris ôfbrânne. Dy en dy ha 't brânnen sjoen. Sa hearden se ek faek timmerjen op plakken dêr't neat wie, mar dêr't letter in hûs kom to stean. Dat wie hjir yn 'e Boelensloane algemien.
nl.verhalenbank.36183
Myn frou moest beppe sizze tsjin Frânse Hinke út 'e Rottefalle. Der kommen us guon by har út 'e Harkema. Dy hienen in bern meinom, dat siik wie. Hinke sei: "Jimme binne hjir mei in levend bern kom, mar jimme komme der net levendich wer mei thús." En sa wie 't ek. Op 'e weromreis stoar it bern wylst de mem it op 'e earms droech.
nl.verhalenbank.23761
Minse Griper wenne hjir oan 'e Spekloane. Dy koe in flesse drank komme litte. As se dy flesse net pakten, dan draeide er om 'e lampe hinne. De earste romer út 'e flesse moesten se oer 't skouder hinne goaije. Fierder koenen se de flesse gerust opdrinke. Der woarde earst in spylkaert fuortstjûrd: skoppenboer. Minse Griper koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe...
nl.verhalenbank.21412
Spûkgûlt der in houn, dan mat der ien stjerre.
nl.verhalenbank.36191
Hjir wenne ek in man dy gong der nachts op út om lykstaesjes to sjen. Hy woarde dan dreaun. Hy wist fan tofoaren hwa't der stjerre soe. Sa'n frou wenne hjir ek.
nl.verhalenbank.36184
Lykstaasjes Dyselde beppe hat it hân, doe wie pake fuort en doe hearde se de doar en dêr kamen twa mannen yn mei dikke snorren en dy hienen in deafetsje by harren— beppe sei net fan kistje, mar fan deafetsje. Dat setten se op in ein fan 'e tafel del, mar dêr krigen se it ek wer wei en setten it ûnder de klok. En dy beide mannen wienen sa mar wer fuort. Se...
nl.verhalenbank.12971
Sjocht men in pod, dan komt der tonger. Sjocht men modder op 'e sturt fan in slak, dan sil 't reine.
nl.verhalenbank.36192
Ienkear haw ik by in wiersizter west. Dat wie lytse Kjille. Dy wenne doe yn 'e Hounestege yn Drachten. Sy seach my yn 'e hân. "Jo ha in faem," sei se, "mar dêr trouwe jo net mei." Dat is ek útkom. Ik ha trije jier forkearing mei har hawn, mar ik bin net mei har troud. "Jo sille ek noch sinten erve", sei se. Dêr leaude ik neat fan, hwant der wie by ús...
nl.verhalenbank.25267
35