Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
94 datasets found
Dutch Keywords: voorloop timmergeluid
De frou fan Melle van der Wal, dy't nou op 'e Tike wennet, wenne alear op 'e Harste. Dêr hearde se op in nacht tige klear dat der timmere woarde. In skoft letter kom der op dat plak in herberch to stean. Dat wie it nije café fan Teunissen.
nl.verhalenbank.33250
By de Wopkepoel yn 'e Harkema stie in hûs, dêr wenne âlde dôve Tryn yn. Op in joun stienen wy bûten, ik mei noch in pear maten - 't wie noch fóár myn trouwen - doe gong it dêr hiel bot op in timmerjen. Wy hearden it dúdlik. Even letter is dêr in nij hûs kom. Der kôm Fokke fan Mekke Nicolai yn to wenjen.
nl.verhalenbank.33287
Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28328
Yn 'e droom hear ik faek in stem. Dy dielt my dan it ien of oare mei. Dêrtroch wyt ik fan alles, hwat der gebeure sil. Ik haw trije beppesizzers, dy moesten alle trije in pop ha. Dy stem sei tsjin my: Twa derfan dat wurde jonges. Se komme allebeide Anders to hiten. (Ik wist net dat de heiten fan 'e manlju beide Anders hieten) Tsjin 'e trêdde beppesizzer...
nl.verhalenbank.21442
To Surhuzum wienen guon dy hearden timmerjen en smiten mei balken. Mar der wie neat to sjen. Doe seinen se: "Dêr komt grif in nij hûs." En 't wie ek sa. De pleats fan Jan IJes waerd dêr letter boud.
nl.verhalenbank.27782
Wy wennen yn Boelensloane tsjin 'e iepenbiere skoalle oer. Wy hienen dêr buorkerije. 't Wie yn 1898, doe hearden mem en ik timmerjen en oar lawaei by ús yn 'e skuorre. Mar yn werkelikheit wie der neat to rêdden. Mar letter hâldden de soasialisten har forgaderingen yn 'e skuorre, dan gong 't der soms bot oan wei, en noch letter, doe't de tsjerke op 'e...
nl.verhalenbank.29382
Doe't ik nog jong wie roan ik us mei Diuwe Jelle en Durk - en Willem Mozes de Sânwei del yn 'e Harkema, dat nou de betonwei is, de Wytfeanster kant út. Doe hearden wy alle fjouwer klear dat se dêr oan 't houtendakspikerjen wienen. It timmere dêr hiel ûngelyk. Mar dêr stie neat, gjin kerl, noait ien spier, fordomd. Even letter stienen dêr de boufakhuzen.
nl.verhalenbank.19490
Jan Tuinstra, hjir to Ikkerwâld, hearde op in nacht iderkear timmerjen. In wike letter woarde der by him achterhûs in great hok delset.
nl.verhalenbank.23068
Op in snein-to-joun siet ik mei myn âlden en ús heit syn broer by de tafel to iten. 't Wie sahwat sawn ûre. Doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde timmere en mei planken en stiennen smiten. Wy hearden 't allegear hiel dúdlik en woarden der kjel fan. Doe't wy nei 't bûthús gongen om to sjen, stienen de kij allegearre oerein, dy hienen 't èk heard,...
nl.verhalenbank.23097
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?" Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
Us mem fortelde dat se yn Drachtster Kompenije wolris timmerjen heard hie en planken forgoaid. Letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.27346
Us Sibe en in kammeraet fan him roannen us op it paed, dat nou de betonwei is. 't Wie let yn 'e joun. Doe hearden se dêr op in plak allebeide hyltyd getimmer. Mar der wie neat to sjen. It duorre net lang, doe kom dêr in nij hûs to stean.
nl.verhalenbank.19519
Op in joune let hearden wy dúdlik timmerjen yn 'e skoalle. De oare deis sei heit tsjin master Walstra: "Hwat die meester justerjoune sa let noch yn skoalle?" "Ik yn skoalle?" sei meester. "Ik wie net iens thús." "Jo wienen net allinne," sei heit, "der wienen wol in stik of trije, dy't dêr omtimmeren." Letter kom der in nij hûs foar de skoalle to stean en...
nl.verhalenbank.27435
Soms hearde men yn 'e nacht timmerjen by de timmerman. Dan kaem der gau wer in sterfgefal. Hwant der waerd oan in deadskiste timmere.
nl.verhalenbank.20819
Doe't ik noch yn 'e hûs wie - wy wennen oan 'e Grinslânse wei ûnder Surhústerfean - sei ús mem op in moarn: "Ik ha fannacht de hammers slaen heard op 'e spanten en houten. Hjir kin wol us in nij hûs komme." Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.20951
Myn skoanheit dat wie Hindrik Land. Syn âlde mem kom us by him en sei: "Hindrik mat gau komme, it giet hjir by ús achter yn 'e hûs sa bot op in timmerjen en smiten, dat ik bin bang dat se it hiele spul ôfbrekke." Mar doe't skoanheit kom, wie der neat to rêdden. Mar in skoft letter setten se in nij hûs flak achter skoanheit sinen del. Dêr hie 't âld-minske...
nl.verhalenbank.21130
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
nl.verhalenbank.28312
It is sahwat sechstich jier lyn. Ik wie noch in bern. Myn omke en muoike wennen yn Garyp, op 'e hoeke, dêr't de wegen nei Earnewâld en Warten geane. Sy hieten Rienk Benedictus en Baukje Kloosterman. Sy fortelden us in kear by ús dat se timmerjen heard hienen yn 'e Earnewarren. Net ien kear, mar folle faker. "Eigenaerdich," hie de iene tsjin 'e oare sein,...
nl.verhalenbank.33322
Op 'e Fogelsang yn 'e Westerein waerd op in plak algeduerigen timmerjen heard, mar der wie neat to sjen. Letter setten se dêr in boerespultsje del.
nl.verhalenbank.19534
Hjir by de dwarsfeart stie froeger in hûs, dêr woarde alle nachten yn sage en timmere. Dan seinen de minsken: Dêr komt in nij hûs, mar dat gebeurde noait. Mar nou komme dêr allegear nije huzen to stean. 't Is dus wol neikom.
nl.verhalenbank.26048
35