Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
148 datasets found
Dutch Keywords: voorbode man voorteken
Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn. Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr. Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Ik wenne op 'e Koatstertille, dat is nou sahwat in jier of tsien lyn, tink. Dêr hearde ik forskeidene jounen achter elkoar, as ik op bêd lei, hammerjen en timmerjen, altyd op itselde plak. Mar dêr gebeurde doe noch neat. Doe moest dêr in nij brêgehûs komme. Dat kom op itselde plak, dêr't ik it timmerjen heard hie. 't Wienen krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.25220
Sa'n fiif en fyftich jier lyn hat myn pake Ruerd Helbich de tram fan Drachten fan to foaren riden sjoen. Der brânden jouns ljochtsjes, dy rieden krekt as de tram. Ridlik gau dêrnei wie de tram der. Pake wenne doe yn 'e Parken (Grinzer Pein).
nl.verhalenbank.25221
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Us mem fortelde faek dat it ris ergens gebeurd wie dat guon in stem heard hienen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Even letter wie dêr ien fordronken.
nl.verhalenbank.32775
Ik hie op in saterdei-to-joune nei de faem ta west. Dy wenne yn 'e Broek. Let yn 'e nacht kom ik werom. Ik kom oer de brêge dy't oer de Swemmer leit. Doe tocht ik: Heare, hjir ropt ien fan help. Mar ik seach neat en it lûd wie ek samar ynienen fuort. Mar doe't ik in wike letter krekt om deselde tiid dêr wer lâns kom, doe hearde ik in ploemp yn 't wetter....
nl.verhalenbank.24473
Boardzer Bruning hat ris op in kear allegearre soldaten op 'e wei rinnen sjoen. Hy sei: "Nou komt hjir gau oarloch." En 't wie èk sa. Ridlik gau dêrnei bruts de oarloch út. Doe kommen de Dútse soldaten op 'e lappen, dy't Boardzer sjoen hie.
nl.verhalenbank.32826
Moeke fortelde, 't was eens bij de Ie gebeurd. Daar stond een man bij 't water. Die kreeg daar een toespraak van binnen. Der werd gesegd: "It plak komt niet bij de mens, maar de mens komt bij de plak." Even later is hij ferdronken.
nl.verhalenbank.32617
Dizze herberch stie oan 'e koemerk. In pear jier foardat er opbrânde, seach Atse Veltman de koemerk fol reek. De wyn wie sa dat de reek dy kant oergong, en doch stie der neat yn 'e brân. Letter stie yndied de koemerk fol reek. Doe brânde de herberch op.
nl.verhalenbank.21870
Op in kear waerd der op it gleske slein oan 'e sydkant. 't Wie yn 'e nacht. Albert gong mei de houn der út. 't Wie in forskuorrende houn, dy't altyd fuort tahapte. Elkenien wie der bang foar. Hy wie wol sa great as dizze tafel. Albert waerd neat gewaer, doe't er bûten kaem. Mar de houn wie sa binaud, dy krûpte Albert fan bangens tusken de skonken. Dat wie...
nl.verhalenbank.22000
Doe't ik as jonge noch by ús yn 'e hûs wenne, gebeurde 't wol, dat Marten-om heit syn kroade helle to brûken. Op in kear wie dat wer it gefal. Doe't wy de middeis by elkoar sieten yn 'e hûs, seinen we: "Hark, dêr komt Marten-om wer mei de kroade oan." Wy hienen balstiennen achterhûs en it wie skoan to hearren dat dêr in kroade oer riden waerd. Mar der wie...
nl.verhalenbank.20373
Aelsen Booi fan Houtigehage wie in broer fan myn skoanheit. 't Wie yn 'e nacht en hy gong de wei lâns. Doe waerd er ynienen samar oan kant set. Hy koe net fierder komme. Dêr hat doe in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.24673
Beppe werkte in bult yn 't werkhûs yn Grinzer Pein. Hja hie fan tofoaren al in pear kear sjoen dat der ien nei 't wetter ta gong. Dat wie in djip baggelgat. De gedaente dy't dêr hinne gong wie ljocht yn 'e klean. Op in kear kom beppe wer by 't werkhûs, doe wie dêr in man fuort. Hy wie net to finen. Hy wie yn 'e ûnderklean fuort gong, hwant de boppeklean...
nl.verhalenbank.25223
Boardzer Bruining seach, foardat de oarloch útbriek, hiele troepen minsken, dy't nei Drachten tasetten. Boardzer roan mei in opstoppe keal mei twa koppen by de doarren lâns. Ek mei fremde aeijen. Ek mei in skip yn 'e flesse. Hy gong ek to nijjierroppen. Dan sei er hiele stikken op. Kom er by kristlike minsken, dan sei er in kristlik fers op, by oare...
nl.verhalenbank.24698
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
Oan 'e Boskwei yn 'e Westerein wie snein-to-jouns altyd in keppeltsje jongfolk op it Singeltsje. Sy sieten dêr in soad to kaertspyljen, sy wienen ek wol oan 't knikkertsjen om sinten en oan 't streekjesmiten en sy dobbelen dêr ek wol. 't Wie in sânpaed. Doe't ik dêr in joun us op 'e Boskwei wie, hearde ik ynienen ien razen. 't Wienen rare geluten. Ik sjen...
nl.verhalenbank.24470
Myn broer wenne hjir yn Moarmwâld. Dy forlear in famke. Myn op-ien-nei-âldste broer wenne yn 'e Westerein. Dy moest biricht ha. Ik kom dêr in bulte, sadwaende moest ik it ek mar even sizze. Myn eigen fyts hie net in lantearne. 't Wie yn 'e hiele lette hjerst en op 'e joun. Ik liende in fyts yn Ikkerwâld fan in timmerman. Dêr rekke ik mei nei myn broer ta...
nl.verhalenbank.24316
Us heit soe op in moarn nei 't wurk ta op 'e fyts. 't Wie noch o sa bitiid en 't wie noch tsjuster. Ynienen wurdt er mei fyts en al oan kant set en komt sa yn 'e feart tolânne. 't Wie in rjochte wei. Der kaem in lykstaesje lâns, mar dy hat er net sjoen. 't Gebeurde hjir yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.30363
Heit dy fortelde fan in kanael, de Strobosker trekfeart. Doe't dat kanael der noch net wie, seach heit dêr de skippen al farren. Heit wenne yn Sânbulten.
nl.verhalenbank.29626
35