Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: vier Place of Narration: Harkema
Lytse Wytske sei yndertiid, der soe in skoalle op 'e Bulten komme. Hja hie fjouwer lampen brânnen sjoen, dat wie fierstofolle foar in hûs. Mar doe setten se letter op dat plak in hûs del foar fjouwer gesinnen, de saneamde 'malmoune'. Dat hat it west. Sy ha 't hûs letter ôfbrând, doe wie 't alhiel útwenne. (De jonges seinen doe al: der komt in skoalle op...
nl.verhalenbank.24328
Alde Bartele Pypke (= B. Bijma) wie mei noch trije man to fiskjen tichte by de Leijen. Sy sieten dêr by in âld dyk. De trije dy't by him wienen, dat wienen forkearden, dy dienen oars neat as spotten en wienen nergens binaud foar, biwearden se. 't Wie stil waer, mar doe bigong it ynienen bot to waeijen. Doe seagen Bartele syn trije maten ynienen hwat. Sy...
nl.verhalenbank.25744
Hearke wie us mei noch fjouwer mannen by in baes oan 't wurk. Sy moesten meiïnoar in grouwe, swiere balke forlizze. Mei wrikjen, earst oan 'e iene kant en dan wer oan 'e oare kant, prebearren se de balke fan 't sté to krijen. Mar it woe net. De ûnderbaes stie der by. Dy woarde lulk. Doe sei Hearke foars tsjin 'e fjouwer oaren: "Gean hjir wei, mannen." En...
nl.verhalenbank.20833
Oan 'e ein fan 'e Lange Loane, dy't froeger oan 'e Lauwerssé ta gong, stie ien hûs. Oeds Kûper hie dêr in stik lân lizzen. Dêr wienen fjouwer wringen. By dy fjouwer wringen kaem jouns altiten in âld wyfke it lân delstappen. As der ien troch moest, stienen de hekken alle fjouwer iepen. Mar it fé, dat dêr roan, kom net ta 't lân út. Dat wie it wûnderlike...
nl.verhalenbank.17523
Reid Keuning wie fytsmakker op Koatstertille. Hy wie net troud. Hy gong us mei my nei Twizel ta to skutjassen. Op 'e weromreis sei er: "Wolst even mei der yn?" Ik gong mei, krige kofje, in brochje mei hearring en in pear buorrels. Ik siet by 't finster en hy by de doar. Doe sei er ynienen: "Al de soldaatjes uit de hut, marcheren!" Dêr kommen se oan,...
nl.verhalenbank.15524
Tsjin it hûs oer dêr't wy earder wenne ha - tichte by de brêge - hâldde in great spoek ta. It wie sa grou en swier, dat se ha it pakt en mei fjouwer hynders foar de wein nei de Surhústerfeanster petgatten brocht. Dêr ha se him yn 'e feangatten forsûpt.
nl.verhalenbank.21323
Doe't wy noch fan dy jonges wienen, ha wy us mei ús fjouweren om knineiten west. 't Wie op 'e Hamster Ikkers, tichte by de Boskwei. Doe ha ik hwat sjoen, dat sil ik noait wer forjitte. Dêr kom in kroade oan. Dêr wie in hynder foarspand. Yn dy kroade siet in hiel lyts mantsje. En dat gong der oan wei, ien stik lawaei! Wy seagen 't alle fjouwer. Mar doe...
nl.verhalenbank.20836
Ik hie twa bruorren, ien fan tolve jier en ien fan sawn jier. Dy hienen beide setten. Dy setten kommen sa'n fjouwer kear yn 't jier. 't Woarde slimmeroan. Doe wie der ien dy joech de rie, de jonges moesten opdroege podden op 't boarst ha. Wy sochten doe podden en droegen dy op oan 'e gevel bûtendoar. Ik wyt noch wol dat Rinse se op 't boarst hawn hat.
nl.verhalenbank.21144
Yn 'e tiid dat plysje Bekkema hjir noch stie kom ik ris op in nacht let thús. 't Wie ljochtmoanne-waer. Doe't ik omtrint thús wie, sprong der in geit oer fjouwer triedden hinne. Ik tocht dat it ús geit wie. Doe't ik yn 'e hûs kom wie ús eigen geit dêr. 't Hie dus in fremde geit west. (de duvel)
nl.verhalenbank.33015
Sterke Rixt wie de dochter fan Sterke Hearke. Der woarde us in kear in baerch slachte by in boer. Fjouwer man wienen der mei dwaende om de baerch op de slachtbank to lizzen, mar sy koenen it mei har fjouweren net rêdde. Doe kom Rixt der by. Dy sei: "Dat sil ik allinne wol even dwaen." Hja sette de knibbels ûnder 'e baerch en de hannen yn 'e lange...
nl.verhalenbank.32434
35