Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: verwijderen Place of Narration: Harkema
Oan 'e Mûzegroppewei hat in heit (Batema) syn dochter fan sechstjin jier al us formoarde. De bloedplakken wienen net fan 'e muorre to krijen. As se der bihang oerhinne plakten, kom it bloed dêr wer troch.
nl.verhalenbank.21332
Yn in âld hûs oan 'e Mûzegroppewei wennen de Batema's. Bate hat dêr earst syn dochter deaslein en doe hat er himsels fan kant brocht. It hûs stiet der nou net mear, mar der wurdt sein dat se it bloed noait wer út 'e flier krije kind ha. Dat kom der altyd wer yn.
nl.verhalenbank.15901
It mat gebeurd wêze by Freark Oosterbaan yn Droegeham. Dy wie dêr smid en hy hie der tagelyk in kroechje by. Om 11 ûre moest de saek sluten wurde. Dan moest it folk der út wêze. Hearke wie stille plysje en moest dêr op tasjen. Mar Hearke seach net op in kertier, dat it woarde meastal wol eefkes letter. Mar op in kear doe wie 't fòlle letter woarn, doe...
nl.verhalenbank.32767
Wy hawwe 't meimakke hjir dat der ien op stjerren lei. Mar dyselde koe net stjerre, it hong der hyltyd mar tsjin oan. Doe frege der ien: "Hat er ek hwat oan, dat op snein naeid is?" Doe die bliken, hy hie in oerbaitsje oan, dêr wienen de knopen fan op snein oanset. "Snij dy der mar ôf", sei dyselde. Sy hienen 't net dien of de man wie rêst.
nl.verhalenbank.34588
Yn 'e Harkema wie ien dy lei op 't stjerbêd, mar koe noait stjerre. De klean dy't er droech, dêr sieten knopen oan, dy wienen der op snein oan naeid. Dy moesten der earst ôf, doe koed er dea gean.
nl.verhalenbank.25527
Tsjin pine yn 'e holle mat men in hier út 'e holle lûke, dan kriget de holle lucht.
nl.verhalenbank.15637
As der froeger ien wie dy't net stjerre koe, frege ús mem: "Hat er ek hwat oan dat op snein makke is?" As dat sa wie, toarnde se der in knoop ôf, dan wie dyselde samar wei.
nl.verhalenbank.22716
Beppe Swaen hie in bûnte kanarje. Dy hong yn in kouwe yn 'e keamer. Beppe stoar. It wienen keamers mei suite-doarren der tusken. Yn 'e iene keamer stie it lyk, yn 'e oare hong de kouwe. De kanarje woe net mear sjonge, doe't beppe stoar. 14 dagen letter wie 't dierke ek dea. As der ien yn 'e hûs stjert, mat men in doek oer de kouwe dwaen en de kanarje yn...
nl.verhalenbank.16079
Bloedplakken dy't troch in moard ûntstien binne, kinne der noait wer út.
nl.verhalenbank.22268
Bloedplakken dy't net útwiske wurde kinne: Moard oan 'e Mûzegroppewei. (Bate Batema)
nl.verhalenbank.19365
Dêr't in moard gebeurd is krije se 't bloed noait wer út 'e flier. Dat mat ris gebeurd wêze by lju oan 'e Mûzegroppewei.
nl.verhalenbank.25759
As ien him formoarde hat kinne se de bloedplakken letter noait wer fuort krije. By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei sieten de bloedplakken op 't sket en op 'e doar. Sy ha der letter in nije doar yn set, mar dêr kommen de bloedplakken like goed wer yn. Doe't dy moart krekt gebeurd wie, hat mem der hinne west to sjen.
nl.verhalenbank.29374
Oan 'e Mûzegroppe, ûnder Rottefalle is froeger ris in moard gebeurd. 't Wie Sytse Bates, dy hie syn dochter de hals útsnien en doe hat er himsels ek noch fan kant makke. De bloedplakken woenen letter noait wer út 'e muorre en de flier wei.
nl.verhalenbank.32754
In helm dat is in wyt floers, dat it bern hielendal oer 't gesicht hinne hat, as it geboaren wurdt. Men mat der fluch by wêze, om 't der ôf to heljen, oars smoart it bern. Mem wie kreamheinster. Hja sei, Fokke Witteveen (nou yn Kanada) hie twa bern krigen, dy't allebeide mei de helm geboaren wienen.
nl.verhalenbank.24334
By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei koenen se noait it bloed út 'e flier krije. Dêr wie in moart gebeurd. As se in nije planke yn 'e flier sloegen, kom it bloed dêr wer yn.
nl.verhalenbank.25798
Doe't Taeke Jan deastutsen hat, doe ha se in bûsdoek brûkt, dêr koenen se letter noait it bloed út krije. It kom der altyd wer troch.
nl.verhalenbank.23925
By Aldegea binne op in boerespultsje ris twa âlde minsken formoarde. De bloedplakken sieten oan 't sket. Sy ha wit hoe faek prebearre se der ôf to krijen, mar dat woe net. Sy ha der wol oerhinne ferve, mar dat joech allegear neat. Ek by de Batema's oan 'e Mûzegroppewei ûnder 'e Rottefalle ha se de bloedplakken net út 'e flier krije kind. Dat wienen èk...
nl.verhalenbank.25560
Oan 'e Lytse Wei is ris in frommes formoarde woarn. De bloedplakken komme altyd wer op 'e beam, dêr't it gebeurde.
nl.verhalenbank.23926
35