Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: vertellen Place of Narration: Harkema
Dokter Wiegersma wie de earste dokter op 't Surhústerfean. (Hy wie de heit fan Hendrik Wiegersma to Deurne, dy't as dokter Tsjerk van Taeke biskreaun wurdt yn 'Dorp aan de rivier' fan Antoon Coolen A.A.J.) Dokter Wiegersma hie altyd in roetswarte, grouwe houn by him. As er dy kant nei 't keatling ta út wie, moesten de klanten him wer nei 't Fean ta...
nl.verhalenbank.17520
As minsken forkearde dingen by de ein hawn ha en se lizze op har stjerbêd, dan kinne se net stjerre. Dan matte se dat earst sizze. As der in knoop oan 'e klean naeid is op snein en ien dy't op it stjerbêd leit hat dat klaeijingstik oan, dan kin er net ta stjerren komme. Dan mat dy knoop der earst ôfsnien wurde.
nl.verhalenbank.19530
Hoe't de namme Klûntsjebuorren yn 'e Harkema ûntstien is. Dy namme is troch dr. Keizer fan Surhústerfean bitocht. Hy sei: "In de provincie Groningen daar bestaat net zo'n buurt als de Bulten, dat is de Klontjesburen. Zo is het hier ook. (Hy moest noch sinten ha fan 'e lju dêr, mar hja bitellen net. Mar de klontsjes stutsen ta de kopkes út.)
nl.verhalenbank.32489
Der stie ris in doomny op in doarp, dy doarst wol to sizzen hwer't it op stie. Dêrtroch makke er him fijannen ûnder guon minsken. Sa wie der ek in feint, dy hie de pik op him yn. Dy woe him wol formoardzje. Op in joun doe moest dy doomny nei in forgadering ta. Even fan tofoaren foardat dy doomny werom kom stelde er him fordekt op. Doe't de doomny omtrint...
nl.verhalenbank.28563
Der libbe nêst jierren in boerefrou, dy forkocht wol bûter oan dizze en jinge. Mar sy rekke oan it sukkeljen en sy stoar. Nei in skoftsje seinen de lytse bern tsjin 'e widner: "Heit, wy ha mem sjoen." De boer sei: "Né, dat bistiet net." Mar de oare deis seinen de bern it wer, en dat gong sa in hiele tiid. Har forstoarne mem kom al mar tichterby. Op it...
nl.verhalenbank.15781
Der wie in man dy hie forlet fan jild. Doe kom de duvel by him. Dy seach der út as in knappe mynhear. "Siz mar hoefolle ast ha wolste", sei dy mynhear. De man neamde it bidrach. Doe sei de duvel: "Nou mat ik ek hwat fan dy ha. Hwatstû moarnmoarne it earst fêstbynste, dat is fan my." Dat woarde ôfpraet. Mar de jouns gong de man nei dûmny ta. Dy fortelde er...
nl.verhalenbank.19363
Roel Nicolai (Mekke Roel) sei us op in kear: "Nou sil 'k jim hwat fortelle! 'k Ha in fordekte wein sjoen sûnder hynder der foar en dy ried - !" Letter wienen de auto's der.
nl.verhalenbank.22282
de sagen van Jhs. Jager zullen ongetwijfeld hier en daar overeenstemming vertonen met die van Wolter Sibma, daar deze laatste gedurende jaren wekelijks een avond bij Jhs. Jager op visite kwam en daar de sagen steeds weer ter sprake kwamen.
nl.verhalenbank.21311
Rikele van der Veen wenne hjir yn 'e Harkema. Wy ha njonken him wenne, hy is al in jier of hwat dea. Hy kaem faek by ús en dan fortelde er altyd oer spûkjen en tsjoenen ensa. Mar ik ha der neat fan ûnthâlden. Allinne hwat er oer Sterke Hearke fortelde:
nl.verhalenbank.25148
Ik hie to jounpraten west. Ik gong in sânreed del. Doe stie der ynienen in hiele greate keardel foar my mei de strampels wiid fan elkoar. Ik roan dêr mei in bôge om hinne. Op itselde plak kom nei jierren in peal mei in strampel to stean foar 't elektrysk ljocht.
nl.verhalenbank.15511
Us mem naeide wolris foar in âld minske. Sy seinen dat it in tsjoenster wie. As wy in apel fan har krigen, sei mem: "Net opite, hear, dan krije jim in pod yn 't liif."
nl.verhalenbank.32750
Dy't net stjerre kin hat in raer útein. Sy ha dan meastentiids hwat op har geweten dat se uterje matte. Sokken ha 't swier.
nl.verhalenbank.28858
35