Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: vertellen Place of Narration: Boelenslaan
Ik bin mei de helm geboaren. Ik moest altyd alles sjen. Dat fornaem ik it earst, doe wie 'k toalf jier âld. Op in jountiid moest ik molke helje fan 'e boer. It wie noch ljocht. Ik moest skean de fjilden oer. Ik hie in fjildskutte by my lyk as de soldaten brûke. Dêr kaem de molke yn. Op 'e weromreis wie 't skimerich. By de hoeke fan 'e Sânwei seach ik...
nl.verhalenbank.17682
De twa stiennen ûlebuorden Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe...
nl.verhalenbank.10851
In wikseldaelder kin men altyd mar útjaen, hy komt grif werom. By de frijmetselarij ha se wikseldaelders. Kobus Dalstra wie sa'n frijmetselaer. Ek in neef fan my, Wessel Gal hie him oan 'e frijmetselerij forkocht. Frijmitselers, dy't jild brûke matte, wurde trije kear holpen. As de frijmitselers by elkoar komme, ken de iene de oare net. Sy komme der...
nl.verhalenbank.24879
Pake fortelde us: Op it Peinder tsjerkhôf wie us in pod oan 't fechtsjen mei in spin. Elke kear as de spin him biet, krige de pod in stikje beibersblêd (= breedbe, weegbree). Skeat de spin opnij nei ûnderen, dan wer in stikje blêd der op en fuort dêrmei spinreach der boven op, dan blean it sitten. Doe rearden de minsken de pod mei in stok der ûnder wei....
nl.verhalenbank.21730
De plaets mei de stiennen ûlebuorden Yn Wergea wenne in boer, dy hie in hiel âlde plaets. Op in joun bigong it hiel bot to waeijen. De boer stie bûten en wie deabinaud dat de plaets omwaeije soe. Doe kom der him in swarte gedaente op side. Wêz mar net bang, sei dyselde. Ast dy oan my forkeapje wolst, stiet der moarn in nije plaets, foardat de hoanne noch...
nl.verhalenbank.17032
Ien fan sawn opelkoarfolgjende jonges is in wjerwolf. Yn 'e Moedershoeke, hjir yn 'e Boelensloane wenne Brant Veenstra. Dy hie sawn jonges. Ien fan dy jonges is Hindrik. Dat wie in wjerwolf. Syn eigen heit sei: "Hindrik is in raren, 't is in forskuorreling." Op in kear siet er op 't hûske. Syn broer Germ pleage him oan 'e bûtenkant. Doe fleach Hindrik sa...
nl.verhalenbank.25484
Thomas Clare wie ek in kaertlizter. Sy hie 't fan har mem Antsje Snipel leard. Antsje har suster Tryn Snipel koe 't ek. En Clare har dochter Durkje kin it ek. Sy dienen it allegear neffens itselde resept: Clare sei: "Even yn 'e printsjes sjen." Dan krige se njoggen kaerten en sei, wylst hja se dellei op 'e tafel: "Ien, twa, trije, fjouwer, fiif, seis,...
nl.verhalenbank.27280
Us folk wenne op 'e Houtigehage. Ik wie sa'n acht jier âld. Ritske van der Meer kom wolris by ús om in jounpraetsje. Dan hienen se 't meastal oer spûkjen. Ik wyt noch, dat Ritske ris in kear fortelde: "Ik hie in kear fuort west en ik stapte op hûs yn. Doe kom der in dikke houn njonken my lâns. Ik seach nei him, en ik liet him stil gewurde. Mar doe wie 't...
nl.verhalenbank.25327
Us heit en dy wennen op 'e Langewyk. Heit en mem hienen dêr in winkeltsje. Doe kom dêr op in kear in frommes by heit yn 'e winkel, dy hie har man forlern. Sy sei tsjin heit: "'k Ha myn man sjoen." "Dat kin net", sei heit. "Wier," sei se, "ik haw him sjoen." "As 't wier is, wol ik him èk wolris sjen", sei heit. Doe hied er tofolle sein. Op in kear kom heit...
nl.verhalenbank.24381
Doe't ik tsien jier âld wie siet âlde Gjerrit Bargerbos us by ús to praten op in joun. Ik lei achter de bêdsdoarren. Mar ik wyt noch dat er sei: "'k Soe op in jountiid noch hwat wetter út 'e put helje, doe kom der in dikke kat op my yn, dy roan op 'e achterste poaten. Hy wie sa great wol as in flinke houn en hy joech my in klap mei syn sturt om 't kût...
nl.verhalenbank.24901
Myn broer Sytse Taekema wie us op in joun mei in freon by Piters Jantsje oan 'e Gielewyk. Doe sei er tsjin syn kammeraed: "Jow even hwat rûmte." Mear sei er net. "Hwat bistû healwiis, hwerom matte wy oan 'e kant gean?" sei syn kammeraet. Mar Sytse woe 't net sizze. Letter hat er it forteld. Der gong doe in lykstaesje foarby. De regenkleden fan 'e froulju...
nl.verhalenbank.17698
35