Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: verscheuren zeven
In wearwolf is in man dy't alles forskuort. Ien fan sawn bruorren dy't op elkoar folgje is in wearwolf. De wearwolf makket alles dea as er de kâns kriget. Men mat him sokke tiden hwat tasmite: in doek of in bal ofsa, dêr't er de tosken yn sette kin.
nl.verhalenbank.36156
In wearwolf is in minske, dy forropt de boel. 't Is ien fan sawn jonges (7 bruorren). As er wer sa'n kuer krijt, dat er hwat forskuorre mat, mat men him in âld skelk of sahwathinne tasmite. Us mem sei, dan gebeurde 't wol dat him even letter de triedden ta de mûle úthongen. As men sa'n ien seach, dy't triedden ta de mûle út hie, koe men der fan op oan dat...
nl.verhalenbank.33002
In wjerwolf is ien dy't alles ha wol, in geit, in skiep, in baerch, in minske. Ien fan sawn bruorren is in wjerwolf. Hy mat faek hwat forskuorre.
nl.verhalenbank.37378
Ien fan sawn soannen wie in wjerwolf. As in wjerwolf jin kriget, makket er jin dea, seinen se froeger tsjin ús. Men mat der noait rûzje mei krije, sei in muoike yn 'e Westerein, dan pakke se jo. Myn wiif hat in kammeraetske hawn, dy naeide altyd by oare minsken. Dy hie forkearing mei in feint. Op in kear wie er by har, doe frege er har om har bûsdoek. Hja...
nl.verhalenbank.24049
De bargekoopman Nicolai fan Twizel wie in wjerwolf. Hy wie ien fan sawn jonges. Ek ien fan 'e sawn soannen fan Lammert Roek wie in wjerwolf. Hy wie troud. Op in kear hie syn wiif Antsje in prater. (praetster) Hy kom thús. Hy sei: "Hast ek hwat, Antsje?" Doe smiet Antsje him in bernejurkje ta. De prater sei: "Hwat mat er dêr mei?" "Hy is de sawnde," sei...
nl.verhalenbank.20170
Ien fan sawn opelkoarfolgjende jonges is in wjerwolf. Yn 'e Moedershoeke, hjir yn 'e Boelensloane wenne Brant Veenstra. Dy hie sawn jonges. Ien fan dy jonges is Hindrik. Dat wie in wjerwolf. Syn eigen heit sei: "Hindrik is in raren, 't is in forskuorreling." Op in kear siet er op 't hûske. Syn broer Germ pleage him oan 'e bûtenkant. Doe fleach Hindrik sa...
nl.verhalenbank.25484
In nachtmerje krijt jin mei de beide hannen by 't boarst beet. Ik ha faek ien by my hawn. Men mat de klompen omkeard foar 't bêd sette, dan komme se net, wurdt der sein. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf. In wearwolf mat hwat forskuorre. In wearwolf kin troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.33138
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in tsjoenster. Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf. In wjerwolf is in soart pleachbeest yn minske-gedaente. 't Is in hantlanger fan 'e duvel. Hy forskuort alles.
nl.verhalenbank.25570
Fan 'e sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf. Yn Sweagerbosk hat in wjerwolf wenne. Dy krige forkearing. Doe kom er op in joun werris by syn faem. Doe't er dêr in skoftsje by har sitten hie, sei er ynienen: "Nou mat ik hwat dwaen. Dû mast my hwat jaen dat ik toroppe kin." Doe hat de faem him in skelk of in skûteldoek of sa jown. Dy hied er...
nl.verhalenbank.35982
9