Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: verlichting lichten
Doe't de tram der noch net wie, seagen de minsken al gleone ljochten. Dat wienen de ljochten fan 'e tram.
nl.verhalenbank.24511
Noch foardat de tram fan Grins nei Drachten der wie, ha gâns minsken by joun de ljochten al sjoen en guon hearden him ek wol oankommen yn de Pein.
nl.verhalenbank.32015
Myn skoanheit, dat wie Hindrik van der Tuin. Dy seach foar in 50 jier hjir op 'e heide allegear ljochtsjes op- en útgean. 't Wie hjir doe noch in sânwei. Dy ljochtsjes, dat binne de lettere strjittelampen woarn.
nl.verhalenbank.12500
Op 'e Gariperheide woarde eefkes foar 1900 wol faek sein: "Sjoch, dêr sweeft hwat hinne." Dat wienen de fytsen, dy't letter kommen (foartsjirmerije).
nl.verhalenbank.24630
Myn swager wenne yn 'e Grinzer Pein. Op in nacht kaem er hwat let thús. Doe seach er dêr yn 'e Pein in lange wein mei ljochten. Hy wist net hwat it wie. Letter kaem de tram dêr. "Dat is nou datselde hwat ik dy nachts sjoen ha", sei er. Dat wie likernoch 1 jier nei tiid.
nl.verhalenbank.31984
Doe't heit in great jonge wie, seach er gleone ljochten oer de heide. En 't wie ek krekt as rattele der hwat oer de heide. Dat wienen foarboaden fan 'e tram dy't dêr letter kaem is.
nl.verhalenbank.32492
Foardat de tram troch de Sumarreheide ried ha in soad minsken dêr it jiers tofoaren de ljochtsjes al sjoen.
nl.verhalenbank.32450
Foardat de tram fan Drachten nei Feanwâlden der wie, seinen de lju fan Sumarreheide dat se de ljochten al sjoen hienen.
nl.verhalenbank.22778
De Spekloane del yn 'e Boelensloane seagen forskeidene lju by jountiid ljochten. Letter die bliken dat se de ljochten sjoen hienen fan 'e huzen dy't dêr doe letter boud binne. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.31117
Us pake fortelde ek dat se froeger in ljocht seagen, dat foarby fleach. Dat seagen se wol faker en op allerhande plakken. Hja biwearden dat dit de lettere ljochten fan 'e fytsen wienen.
nl.verhalenbank.29613
't Wie yn 'e tiid dat de tramlijn fan Grins nei Drachten noch net bistie. Twa âlde minsken fan Drachtster Kompenije hienen to jounpraten west nei Houtigehage. Doe't se by Luchtenveld kamen moesten se in âld reed yn. Doe hearden se dêr ynienen: Tuf-tuf-tuf-tuf. En hja seagen twa ljochten, dy kamen de hoeke om. 't Wie op in hûndert meter fan har ôf. Doe wie...
nl.verhalenbank.29577
35