Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: verkeerd Place of Narration: Kollumerzwaag
Froeger gebeurde 't wol dat minsken de poaten fan 'e hynders sa bislaen lieten dat de hoefizers der achterstofoar ûnder kamen. Dat dienen se fral as se achterfolge waerden. Dan brochten se de fijân op in dwaelspoar. Skerne Wibe fan Ingelum die it ek.
nl.verhalenbank.37383
Dy't mei de helm geboaren woarde, moest letter alles sjen, as dy helm der forkeard ôflutsen woarde. De dokters wienen tige hyt op de helms. Dy waerden djûr forkocht.
nl.verhalenbank.29541
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes. Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang. Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
Troude ien en 't foel forkeard út, dan seinen se: "Dy hat yn 'e swarte spegel sjoen." Se ha yn 'e swarte spegel sjoen bitsjutte ek: dan stoar der ien; dan gebeurde der hwat dat de minsken treurich of ûngelokkich makke.
nl.verhalenbank.37376
Yn Grinslân wienen boereskuorren, dêr koenen se nachts de doarren mei gjin mooglikheit ticht hâlde. Soms waerden de minsken dêr midden yn 'e nacht smiten; dan leinen se op in forkeard plak.
nl.verhalenbank.37367
Dy't mei de helm geboaren is moat fan alles fan tofoaren sjen. Meast lykstaesjes. Tominsten as se de helm der forkeard ôflûke. Sa'n mantsje hat hjir wenne. Bontsje Keeke neamden se him (= Knjillis Veenstra). Dy koe noait thús bliuwe as hy der út moest. Dan woarde er út it bêd weiraemd. Hwant hy mocht net to let komme. Hy fleach yn in sucht oer de hekken...
nl.verhalenbank.25364
35