Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
34 datasets found
Dutch Keywords: vergaderen veranderen
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. As katten kommen se ek by elkoar to forgaderjen. Dat dienen se altyd op 'e heide. Sy psalmsongen der by.
nl.verhalenbank.22189
De tsjoensters hâlde nou en dan in forgadering. Dan ha se har yn katten foroare. Dêr wurdt dan wakker by song. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea.
nl.verhalenbank.30377
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Soms dan hâldden dy katten in forgadering. Dan raesden se hiel bot, as se by elkoar wienen. Dan gong der letter in minske dea. Dêr waerd dan troch dy katten oer praet. In frou út 'e Kule sei: "De katten ha fannacht wer sa bot raesd, nou giet der gau wer ien dea." 't Wie krekt as songen dy katten.
nl.verhalenbank.29781
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.25769
Hjir wennen wol in stik of hwat tsjoensters: Minne Ael, Tsjibbe Teats, Boate Griet. En dan wenne der op 'e Sânbulten ek ien. Hja koenen op 'e biezemstôk troch de loft ride, seinen se. Reinde it freeds, dan wienen se oan 't pankoekbakken. Se foroaren har yn katten en as sadanich forgaderen se yn 't greidlân. Ien kat hie de leiding. Ienkear yn 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.27382
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Mei oare katten, ek tsjoensters hâldde se nou en dan forgaderingen. Dêr woarde dan omraek by song. Hja moesten op syn minst ien minske deatsjoene yn sawn jier tiid, oars gongen se der sels oan. Hja rêdden dat altyd wol op.
nl.verhalenbank.30504
De tsjoensters koenen har yn katten foroarje. As katten hâldden se in forgadering. Dan sieten se yn 'e rounte. Ien wie de oanfierder, dy liedde de forgadering, dat wie de baes. Sy songen in soart psalm.
nl.verhalenbank.27537
Tsjoensters foroarje har yn katten. Dy katten forgaderje wolris.
nl.verhalenbank.26007
De katten forgaderen meielkoarren. Dat wienen de tsjoensters. Dan jankten se allegearre. Dat neamden se wol psalmsjongen. De tsjoensters moesten ien kear om 'e sawn jier ien deatsjoene. Dienen se 't net, dan gongen se der sels oan.
nl.verhalenbank.26204
Minne Ael wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Hja hat har eigen dochters bern bitsjoend. Dy wennen yn 'e Kule. As de minsken in fremde kat seagen, seinen se: "Minne Ael is der wer op út to tsjoenen." De tsjoensters forgaderen meielkoar as se har yn katten foroare hienen. Dan gong it drok op in psalmsjongen. Dat gebeurde meastal op in stik lân....
nl.verhalenbank.36822
Katten forgaderje op 't lân. Dat binne dan de tsjoensters. Sy sjonge dêr yn 't lân psalmen.
nl.verhalenbank.34567
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.23421
Tsjoensters, as dy har yn katten foroare ha, hâlde in forgadering. 'k Ha wolris in stik of fiif by elkoar sitten sjoen yn 'e rounte. Sy sykje de rûmte. Ien hat de lieding.
nl.verhalenbank.28208
As de tsjoensters har yn katten foroare hienen hâldden se soms mei elkoar in forgadering. Ien fan dy katten hie de leiding. De tsjoensters hienen popkes, hat mem wolris forteld, dêr't se mei spjelden yn om stutsen om de minsken pine to bisoargjen.
nl.verhalenbank.33589
Alle Tet koe har yn in kat foroarje en dan raesde se hiel bot. Mei oare katten hâldde se in forgadering, der wienen soms wol tsien katten by Tet. Dan bigongen se meiïnoar to sjongen. It gebeurde wolris dat se in kat sloegen, dan siet Tet de oare deis ûnder 'e blauwe plakken.
nl.verhalenbank.29338
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Krige sa'n kat in optuter, dan hie de tsjoenster de oare deis in stikkene earm of skonk. Bitsjoende katten (tsjoensters) hâldden forgaderingen om hwat to bipraten. Dan sieten se yn in rounte op in stik lân.
nl.verhalenbank.31204
Ik haw yn Twizelerheide in tsjoenster kend, dy fleach samar op 'e biezemstok oer in hûs hinne. Dat die se yn de regel by nacht. In tsjoenster moest om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars gong hja der sels oan. Hja droegen froeger allegear in stikje duveldrek yn 'e klean. Dat wie om net bitsjoend to wurden. Der wie duveldrek it middel foar. De tsjoensters...
nl.verhalenbank.33822
Tsjoensters foroarje har yn katten. As katten hâlde se forgaderingen. Dan psalmsjonge se.
nl.verhalenbank.20731
Tsjoensters foroarje har yn katten en as katten hâlde se wolris in forgadering. Sy fleane op biezemstokken troch de loft.
nl.verhalenbank.25477
35