Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
26 datasets found
Dutch Keywords: verdrinken helm
Mem har beppe wie mei de helm geboaren. Hja woe noait lije dat mem en dy by 't tsjuster midden op 'e wei roannen. Hwant dan koenen se tsjin in lykstaesje oprinne en in rare stomp krije. Mem har beppe seach lykstaesjes fan tofoaren. Hja hat ek sjoen hoe't har eigen soan op in skip fordronken is. Hja sei de deis fan tofoaren noch tsjin him: "Dû mast der...
nl.verhalenbank.37750
Knjillis Veenstra wenne yn 'e Westerein by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren en moest faek yn 'e nacht út bêd wei om hwat to sjen. Hy hat him der wol hiel bot tsjin forset, dan wòed er lizzen bliuwe, mar 't joech neat, der wie in macht dy't him dreau. Hy hat fan tofoaren sjoen, dat syn eigen dochter fordronk. Hy doarst it net tsjin 't âld-minske to...
nl.verhalenbank.21286
In Onstwedde was n boer en dai zien grootknecht zag liekstoaties; altied s nachts. Dan möz e tou t berre oet en dat was wol es lastig. Boer zee in t leste: “Goa dr man nich weer oet of vertel mie van te veurn, woor d ast hen gest.” Op n nacht lag d jong weer te hunsken (janken) op berre, hai kön nich langer in hoes weezn. Boer zee: “Moust n enne vot?”...
nl.verhalenbank.45303
Dyselde man wurke yn in ploech yn 'e Mieden. Op in dei wie Anne Gryt (Bylsma) har heit fordronken. Dy wurke yn in oare ploech. De man mei de helm wie de hiele middei ûnrêstich. Sy seinen tsjin him: "Hwat is der, man?" Mar hy woe it net sizze. De jouns nei seizen kaem de hiele ploech de buorren ynrinnen. Fan 'e oare kant kaem èk in ploechje fan it wurk....
nl.verhalenbank.20612
In broer fan myn frou har beppe seach de dingen ek fan tofoaren. Hy wenne yn Hollân. It gebeurde yn 1825, dat er útfanhûze by syn suster yn Beets. Op in dei, doe kom er fan 't húske, sa bleek as in doek. En hy seach sà raer. "Hwat ha wy nou mei dy?" sei beppe. Hy sei: "Ik ha hwat raers sjoen. Ik mat nei hûs ta." "Dû bist hjir noch mar krekt," sei beppe,...
nl.verhalenbank.28477
Hjir yn Tsjummearum hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Sahwat yn 1902 is hjir in fanke stoarn, dat hiet fan Anne. Hja moast omke tsjin my sizze. Dy man dy't mei de helm geboaren wie gong op in dei by harren foar de ruten lâns. Doe stie er even stil en gyng doe wer fuort. Soks die er oars noait. De twadde deis die er itselde wer. De trêdde deis...
nl.verhalenbank.20611
Bontsje Keeke (= Cornelis Veenstra) wenne by 't spoar yn 'e Westerein. Op in kear hied er nei de Wedze ta west, hwant hy wie mei de helm geboaren. Hy moèst dêrhinne. Op 'e weromreis gong er by ús mem oan, omt dy èk fan 'e Westerein kom en doe fortelde er mem, der soe oan 'e Wedze in ûngelok gebeure. Dat hie er sjoen. In wike letter tûmele dêr ien ta de...
nl.verhalenbank.23899
In frou, dy't wy wol kinne - sy is ek by 't Leger des heils - dy is èk mei de helm geboaren. Frou Wiersma is it. Sy hat fan tofoaren har eigen dochter fordrinken sjoen yn it wetter to Snits
nl.verhalenbank.28476
Bontsje Keeke (= Knjillis Veenstra) wie mei de helm geboaren. Dy seach de bigraffenissen foarút. Hy gong dan yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta, dêr woarde er hinne dreaun. Hy hat fan to foaren de bigraffenis fan syn eigen dochter sjoen, dy't fordronken is.
nl.verhalenbank.24072
Knjillis Veenstra wenne hjir oan 't spoar. Hy is mei de helm geboaren. Hy hat sjoen dat syn eigen dochter fordronk. Mar hy hat ek sjoen dat der in trein forûngelokke tusken de Westerein en Bûtenpost. Mar dat is net gebeurd.
nl.verhalenbank.26199
Knjillis Veenstra fan Kollumersweach seach alles foarút. Hy hat foarút sjoen dat syn eigen dochter forsûpte. Har lykstaesje seach er ek. Hy wie mei de helm geboaren. As se dy helm fan foaren nei achteren ôflûke, gebeurt der neat. Mar lûke se him fan achteren nei foaren ôf, dan mat sa'n ien letter alles sjen. As der foar him in lykstaesje to sjen wie, siet...
nl.verhalenbank.38610
Hier is een weg, dat is de Bosweg. Froeger noemden se dat de Klontjebuurt. 't Was toen in olle reed met woater. Douwe het doar is gejammer hoard. Se dochten altyd, dat doar noch us een fordrinken moest, moar nou it in weg is kan 't ook wel een ander ongeluk wordn.
nl.verhalenbank.25898
Mevr. N.: “Dat is meugelk, dat zo wat nait bestait, moar veurbeduudsels binnen dr zeker. In Veele is n keer n kind verdronkn. Nou wol t geval, dat ain van onze buurn in Onstwedde al wat in de goatn har; zien hond har al voak zitn te jankn veur t huus, woor dat kind woonde. Hai keek er den ook hail nait roar van op. Hai veurspelde wieder dat er in...
nl.verhalenbank.44725
Bontsje Keke wie mei de helm geboaren. Hy wist altyd hwannear't der ien deagean soe. De bigraffenis hie er altyd al fan tofoaren sjoen. Dat wie meastal by nacht. Dan moest er út bêd wei, en soms moest hy der in hiel ein om rinne. Syn soan hat himsels ophong yn in apelbeam, yn 't hôf. Fan tofoaren wist Keke dat de jonge stjerre soe. "Ik seach wòl," sei er,...
nl.verhalenbank.30070
Alde Bontsje Keeke (= Cornelis Veenstra) wenne yn Spoorbuurt ûnder Sweagerbosk. Hy wie mei de helm geboaren. Ik ha him tige skoan kend. Forskate kearen hat er fan tofoaren lykstaesjes sjoen. Meastal gebeurde dat yn 'e nacht. Dan lei Keeke op bêd. Mar dan koed er ûnmooglik lizzen bliuwe, dan moest hy der ôf. Hy hat wolris prebearre lizzen to bliuwen, mar...
nl.verhalenbank.37710
Yn 'e Koaten wenne in boer, dy hiet van der Ploeg. Hy hie trije dochters en in soan. Op in nacht gong de plysje dêr lâns, doe seach er in lykstaesje ta de homeije útkommen. 't Wie yn 1890, in hiele stringe winter. In pear dagen letter gongen de fjouwer bern to riden op 't iis. Se rieden op 'e Burgumer mar. Se wienen fan tofoaren warskôge, it wie net...
nl.verhalenbank.33566
Die met de helm gebore ware, 't gaf niks, dat die in 't water viele, zeje ze vroeger. Die konde toch niet verdrinke.
nl.verhalenbank.70312
Bontsje Keke wenne yn Twizelerheide. Hy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der altyd ôf om to sjen. Hy roan hiele einen om by in lykstaesje to kommen. Hy woarde prest, hy koe net lizzen bliuwe. Hy hat fan tofoaren sjoen dat syn eigen dochter har forsûpte.
nl.verhalenbank.38333
Ik haw in man kend, dy wie mei de helm geboaren. 't Wie in sekere de Wilde. Op in snein hearde hy ûnder Lippenhuzen dat dêr in bern raesde. "Der gebeurt hwat", tocht er. "Ik tink dat der ien forsûpt is." Hy der hinne to sjen, mar hy woarde neat gewaer. En doch hied er heard dat ien 'help!' rôp. Letter wie dêr op dat plak ien fordronken.
nl.verhalenbank.25969
Knjillis Veenstra wie mei de helm geboaren. Hy hat fan tofoaren sjoen dat syn eigen soan Egbert him opknoopte. Hy hat ek fan tofoaren sjoen dat syn dochter har yn 'e sleat forsûpt hat. Hy hat ek de dea fan syn âldste dochter fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.27400
35