Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: verbranden Place of Narration: Kollumerzwaag
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
As men krânsen yn 't kessen foun hat, mat men dy yn 'e kachel forbrânne. Mar earst mat men de skoarstien goed ticht meitsje. Der mat gjin lucht by komme kinne. De tsjoenster, dy't it bern bitsjoend hat, krijt dan pine en springt om 'e keet hinne, sûnder dat se der yn komme kin. Hâldt men de skoarstien iepen, dan jowt it hiele forbrânnen fan 'e krânsen neat.
nl.verhalenbank.16051
Wie der froeger in bern bitsjoend dan gong men nei de duvelbanner fan Kûkherne. Dy joech in drankje. It kessen, dêr't it bern op lei, waerd iepensnien en de krânsen der úthelle. Dy woarden forbrând. Wienen der al trije krânsen klear, dan koe 't bern net wer better.
nl.verhalenbank.24065
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se nei Wopke duvelbanner ta, dy't in drankje rémakke. Se moesten de krânsen út it kessen nimme en dy forbrânne. It gebeurde wol gauris dat se dan meiiens mar it hiele bêd forbrânden. Alles moest dan ticht wêze, der mochten gjin iepeningen yn it hûs wêze. Se tochten dan dat se de kweade geasten forbrânden.
nl.verhalenbank.29820
It is sahwat 40 jier lyn. Myn skoansuster yn Kûkherne hie in popke. Geartsje hiet se. It bern hat miskien 2 à 3 jier âld west. Alle jounen bigoun it bern om in ûre of 9 to gûlen en dat duorre sahwat oan 'e nachts 12 ûre ta. Hwat se der ek oan dienen, it bern gûlde troch. De medesinen fan 'e dokter koenen har net stil krije. Mei gjin moaije noch kweade...
nl.verhalenbank.32339
5