Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 results
Dutch Keywords: vangen zeven
Wilde men een nachtmerrie vangen, dan werd der wat meel op 'e stoel foar 't bed smeten. Dat plakt vast, dan kan se niet fotkomen en dan komt se niet weer. Eén van zeven dochters, werd der seid, doar was altyd een nachtmerrie bij.
nl.verhalenbank.27318
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein. Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr...
nl.verhalenbank.25468
Sikke Boukes wie ien fan 'e fornaemsten fan 'e Westerein. Dy hie sawn dochters en ien dêrfan wie in nachtmerje. Dat wie Antsje. Hja hawwe Antsje ris fangd mei moal. Doe koe se net wer fuortkomme.
nl.verhalenbank.38397
In nachtmerje is in frommeske. Ik ha se wol op my hawn. Mar ik koe har noait to pakken krije. Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje, biweare se. Troch 't sleutel-gat komt se der yn.
nl.verhalenbank.24187
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan. Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
In nachtmerje wie ien fan sawn famkes út ien húshâlding. In nachtmerje kom troch 't slotsgat yn 'e hûs. Hja koe it slot samar fan 'e doar krije. Se kom der altyd yn. Hja roan nei 't bêd ta. De minsken krigen it binaud, dy koenen har net mear forroere. Se dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kom se der net oer. De toffels of klompen woarden wol...
nl.verhalenbank.36061
Ien fan sawn famkes is in nachtmerje. Sy komme troch 't slotsgat. Se ride ek op hynders om. Dan krije dy dieren 't ôfgryslike binaud, dan skoppe se der oer. En har bealch wurdt dweiltrochwiet fan swit. Dy nachtmerjes meitsje flechtsjes yn 'e moanjes. Nachtmerjes kin men net fange, se binne glêd. Men kin 't bêst moal op bêd struije om se to kearen. Ik...
nl.verhalenbank.19525
Geale bakker hie altyd lêst fan nachtmerjes. Op in kear tocht er: "Nou wòl 'k fannacht wekker bliuwe. Dan sil 'k sjen dat ik har fange kin." Hy hie wekker op bêd lein. 't Duorre net lang, doe wie dêr in frommes oankaem. Dy hied er beetpakt. Hy koe har tige skoan - 't wie ien út 'e Westerein - mar hy woe net sizze hwa 't it wie. Hja wie troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.36544
Men hat nachtmerjes en nachtrunen. In nachtmerje is in fanke of in frommes, in nachtrún is in jonge of in man. De âldste of de jongste fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. De âldste of de jongste fan sawn op elkoar folgjende jonges is in nachtrún. Sy komme troch 't slotsgat by jin yn 'e hûs. Jitske Jehannes (Elzinga) syn heit dy wenne...
nl.verhalenbank.20574
Nachtmerjes wienen froulju. Ien fan sawn op elkoar folgjende susters. Om der gjin lêst fan to hawwen struiden se moal. Sa ha se wolris in nachtmerje fangd. Ik ha wolris fortellen heard, dat sa'n nachtmerje de oare moarns by in widner op 'e stoel siet en net fuort komme koe, trochdat se moal oan har hie. Alde Tseard wenne hjir yn 'e Westerein. Dy hat ris...
nl.verhalenbank.33749
In nachtmerje is in man of in frou. Ien fan 7 susters of ien fan sawn bruorren is in nachtmerje. In widdoufrou njonken myn skoanâlden hat ris in nachtmerje fangd. Hja hie om 't bêd hinne kaf struid: angels fan rogge-ieren. Dat hinget oan fansels. En as in nachtmerje soks oan him krijt kin er net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat meinimme. It...
nl.verhalenbank.32346
In nachtmerje is in frou, meastal fan rike famylje. 't Is ien fan sawn susters. Sy komt meastal troch it slotsgat fan 'e doar by jin yn 'e hûs. In nachtmerje mei neat meinimme. Men kin dêrom it bêste moal oer jin hinnestruije om gjin lêst to hawwen. Sy sette ek wol de toffels achterstofoar foar it bêd del. Myn omke hie in bulte lêst fan in nachtmerje. Ik...
nl.verhalenbank.27933
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe. Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282
Fan sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf. Wjerwolven matte der altyd op út. Dy ha in ploech. In nachtmerje en in wjerwolf is it selde. In wjerwolf is in man, in nachtmerje is in frommeske. Mar se dogge beide itselde. Men kin se fange. As je lêst fan in nachtmerje ha mat men jin mei moal bistruije. Hjir yn 'e Westerein wenne in man dy hie...
nl.verhalenbank.38494
Nachtmerjes binne froulju. Fan sawn dochters dy't op elkoar folgje is de âldste of de jongste in nachtmerje. In nachtmerje komt meastal troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men kin in nachtmerje fange. Us mem fortelde, der wie in boerefeint yn Grinslân, dy hie by in faem kom, dat wie in nachtmerje. De boer hie in âld hynder, dat hie faek lêst fan in nachtmerje....
nl.verhalenbank.24045
15