Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: twee Place of Narration: Twijzelerheide
Myn swager Albert hie us op in snein-to-joun nei de faem west. Hy kaem thús yn 'e nacht. Hy slepte yn 't bûthús. Doe't er op 't bêd soe, wie 't krekt as kladdere der ien by 't bêd op en sa gong it by de souder op. En doe wie 't ien stik gewelt op 'e souder. Mar doe't Albert der hinne gong mei ljocht, wie der neat to sjen. In pear ûren letter kaem Albert...
nl.verhalenbank.21997
By de Spoarbrêge matte twa famkes forsûpt wêze. Letter kuijeren dy beide famkes jouns op 'e spoarbrêge. Guon ha se dêr rinnen sjoen.
nl.verhalenbank.34467
Oan 'e West-kant fan 't spoar yn 'e Westerein spoeken twa famkes mei reade skelkjes foar.
nl.verhalenbank.23418
Yn 'e Westerein oan 'e Langereed wie in plak, dêr moest men by nacht net lâns, seinen se, hwant dêr spoeken altyd twa berntsjes. Op 'e Langeloane spûke it ek.
nl.verhalenbank.23769
Myn broer Foppe wie ris op in winterjoun om in ûre of acht, njoggen yn 'e Harkema nei bûten ta gong. Hy wenne yn 'e Fûgelkamp. Hy soe oer in sleat hinne, doe seach er twa neakene famkes. Hy woarde sa bang dat hy is weromgong. Dy beide famkes sweefden.
nl.verhalenbank.10685
Der sieten ris twa Westereinders op in joun yn in boatsje in eintsje fan 't spoar ôf op 'e Swemmer. Doe seagen se dat dêr op it spoar in ding hinne en wer roan. It wie in wyt ding, dat gong by de brêge del en kom flak by de boat yn 't wetter. Doe soenen se der op slaen mei de rym (= spaan), mar doe wie 't ding fuort. (in swager fan my wie ien fan dy beide...
nl.verhalenbank.23768
A[l]de Tsearde Antsje fortelde my ris, der hienen twa âlde mantsjes west. De iene hie de oare biloofd, dat deselde dy't it earst stoar, dy soe de oare in teken bringe hoe't it dêr wie. As er goed yn 'e hemel kom wie of yn 'e hel. Doe wie de iene stoarn. In skoft letter soe de oare to praten. Hy hie allinne op 'e wei west en doe hie der ynienen ien njonken...
nl.verhalenbank.33515
7